Sjoerd Palstra
Mei rjucht en reden...
‘Ju, hearst de doar net?
Gean der ris hinne, ik leau noait dat se allinne is, se koe de garaazje wol net iepen krije kinne, hark.’
Ik hie krekt de earste sliep te pakken doe't Sjoukje my wekker makke. Klear wekker wie ik, en harke nei wat dêr ûnder by de garaazjedoar wie. ‘Ik hear neat, wat soe it west ha? Hast in kat heard op it ôfdak, of in panne dyt't ferskode, lit my dochs sliepe.’
Ik koe my hast al net deljaan nei dy gearkomste mei it bestjoer justerjûn. ‘Do hiest der net sa lang by bliuwe moatten. Ik hie twa jier lyn al troch dat se dy net mear woenen. Do moatst dwaan en prate, prate benammen, lykas it bestjoer en de âlden it wolle, dan bist in bêsten ien; se wolle dy net, en dêrmei út. Al lang ha ik dat troch.’
Dat Sjoukje har der sa simpel ôfmakke, fernuvere my foar de safolleste kear; sa ienfâldich wie it net. Yn Frjentsjer hie ik mear as tolve jier foar de klasse stien, en gjin wanklank dat útmakke. Ja wis, der wie wolris wat, mar altiten waard it útpraten en koenen wy elkoar neitiid frij yn de eagen sjen. En oan de Feart? Mear as tsien jier frede mei de bern, âlden en kollega's, nea wienen se my as haad fan de skoalle ôffallen, it bestjoer hie it folste betrouwen yn my hân en my, op ûnderwiismêd, alhiel frij litten.
‘Toe ju, hâld op mei dat geskaai, jou dy del en lit dat bestjoer yn syn sop gear siede.’
‘Ik kin my net deljaan, ik bin klear wekker.’
‘Jou dy del.’
En no woenen sy my kwyt, moarn soe ik in brief krije mei dêryn de reden fan ûntslach, ik hoegde net wer te kommen. Hofmeijer bleau ferfanger, lykas er oant no ta west hie. Dy soe ek de metoade, ‘Touch de World’ yn alle klassen besykje troch te fieren. It wie dien mei master Bijma, fiifentweintich jier skoalle, en no de doar ticht.
‘Mar der moat noch altiten mei âlderkomitee en de kollega's praat wurde, dêr ha ik no al sa lang op oanstien, wêrom kin dat dan net ris in kear?’
‘Se binne it net mei jo iens en steane folslein oan ús kant.’
‘Mar wêr sit it him dan no krekt yn, my ha se it net sein, ek net doe't ik har der, oant trije kear ta, dúdlik op ferge ha.’