Trotwaer. Jaargang 19
(1987)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 206]
| |
[pagina 207]
| |
Winter yn A.de kerlen fan myn liif
binne goed te drinken
better noch te iten
de súdeaster skjirret as in rasp
oer myn droege tosken
it friest ljocht
| |
[pagina 208]
| |
Lûpop it oerflak fan de taal
skampe de wurden ôf
ketse de betsjuttingen opelkoar
lang om let baarnt de lûp
in lyts en nijer gatsje
dêr't wy lizze en wachtsje
no it sâlte wetter noch
suvering oant de bonke
| |
[pagina 209]
| |
Droege waskder sylt in simmer om it hûs
twirren falle troch de iepen finsters
ik plôkje de plúskes mei myn tonge
priuw de tinzen en dy heteronime wurden
it toutsje tusken dyn kearsen is ferdroege
moarn hingje ik in oare en nije wask
skoarje dyn boarsten yn myn losse hannen
al it oare komt letter wol as sûchnettel
|
|