Sybren Sybrandy
De lokkige lêst gjin fersen
Oer: Willem Abma, Bist noait wa'st wieste. Drachten, Jan Hofstra, 1987.
Nest Willem Abma's bondel Dieden, útkommen by de renommearre útjouwerij A.J. Osinga te Drachten, is der noch in Drachtster bondel fan him ferskynd, ditkear by Jan Hofstra, dy't oant no ta net troch útjouwerijaktiviteiten bekend wie. De bondel is kreas fersoarge. Jan Wybenga neamde yn de Ljouwerter (16-1-1987) Dieden ek ‘hast ûnbidich kreas fersoarge’. Soe de dichter wat fan in esteet yn him ha?
Hy hat it ek noch klearkrigen om syn fersesyklus Dea fan de moskefrou, koarby yn Trotwaer publisearre (1986, s. 255 e.f.) útjûn te krijen by de Hynsteblom op 'e Jouwer, de bibliofile útjouwerij fan Karel Gildemacher. Mar om no de earst yn Trotwaer publisearre fersen ek wer te besprekken, dan wurdt it hielendal in spultsje fan de iene hân wasket de oare. Lit ús oannimme dat de redaksje de fersen destiids net opnommen hat om't dy se sa pûrmin fûn. It is oars wol opfallend dat yn it kolofon fan beide bondels net stiet dat de fersen c.q. guon fersen earder yn Trotwaer publisearre binne. In kolofon is sa'n sjike útfining dêr't de lytse details oer in boek yn werjûn wurde kinne. De ‘publikaasjeskiednis’ heart dêr grif ek by, soe ik sizze.
It heucht my dat ik ea ris in bondel fan Daniel Daen besprutsen ha, lang lyn. Dizze sûnt ferline jier publisearjende Willem Abma is deselde as Daniel Daen, sa't elk langer wol wit. In yngeande stúdzje fan oerienkomsten en ferskillen tusken de twa ha ik net makke en oer de ûntwikkelingsgong fan de dichter sil ik my dan ek stilhâlde. Ditkear hingje ik mar út gemaksucht de tese oan dat it wurk sa't it foar ús leit, der allinnich ta docht.
De bondel Bist noait wa'st wieste befettet 12 fersen dêr't dus al in pear fan earder yn Trotwaer publisearre binne. Hja hannelje net allegearre oer deselde tematyk, it binne op harsels steande fersen. Wol kinne jo sizze dat der yn de measte fersen inselde toan te fernimmen is, in stimming dy't faaks it bêste mei de titel fan it twadde fers ‘Gjin werom’ te omskriuwen is. Guon presessen binne ûnomkearber: it âlder wurden, it ferliezen fan yllúzjes, it ûntdekken dat je yn wêzen allinnich steane yn it libben. Dit