troch har oandiene fernedering troch har fan twa hantlangers ferkrêftsje te litten is minder sterk. Bettere ferhalen binne Kuilplestik, Hindrik Húshin en foaral ek De metaaldetektor. Yn Slakken feroaret de haadpersoan yn in slak en sil omkomme troch it slakkedea dat er sels struid hat. Passive wrake dus. It is al te hoopjen, dat 25% gjin profetysk ferhaal is.
Yn L.A., it langste ferhaal út de bondel, wurdt it ferslach jûn fan de Olympyske Boarterij yn Los Appelskea. Dêrby krije alle aspekten fan it Frysk Eigene safolle omtinken dat de fergeliking mei it Frau Antje imago, dat Nederlân y.f.m. de suveleksport yn Dútslân besiket op te bouwen, him fannijs oan my opdringt. Wat in flagge, wat in folk, wat in lân, Fryslân eala eala eala.
It skriuwerskip fan Bylsma komt neffens my it bêste ta syn rjocht yn Fûgelstront en De metaaldetektor. Beide ferhalen binne opboud om it wrakemotyf hinne. Yn De metaaldetektor lit de iene man de oare in hângranaat opdolle. It freget tûk lêzen om by dit ferhaal de tiid fan hanneling út te meitsjen.
Der sit in flashback yn, mar begjin en ein derfan kin maklik oerhinne lêzen wurde. De lêzer moat by Fûgelstront noch folle mear de kop derby hawwe om tiid, karakters en it point of view útinoar te hâlden. Bylsma hat it ferrin fan de hanneling yn fïif alinea's ûnderferdeeld en dy trochinoar goaid. Ien derfan bestiet út inkeld dialooch, sûnder ferteller; de oaren wurde fanút it hy-perspektyf ferteld. De twa figueren dy't it ferhaal ryk is wurde beide mei ‘hy’ oantsjut. Dêrtroch is it wol needsaaklik en lês it ferhaal twa kear.
By in bondel mei sa'n ferskaat wurdt it dreech om alles yngeand te beljochtsjen. It is koartsein in slagge bondel mei in passende titel. It omslach en it print- en bynwurk binne kreas fersoarge.