Trotwaer. Jaargang 19
(1987)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 198]
| |
Geart van der ZwaagDe stoarje fan SitemasateMen hearde yn 't leechlân wol inkeldris mear
sa'n skiednis en wêr't dy ta late,
lykas it ferhaal fan in boer en in hear,
de stoarje fan Sitemasate.
Hy wenne oer 't wetter, oan 'e igge fan 'e Ie,
en bodde om brea en om bate.
Gjin mins op 'e wrâld dy't de romte sa hie
as Oene fan Sitemasate.
Dêr krige 'r mei 't folk sa syn moai en syn mâl
en wist er fan niid net noch hate,
mar kaam der in skipke by him foar de wâl
dan wankte der wat op 'e sate.
In boeier lei oan mei in protte fertoan.
De lytsfeint der hinne, mar Ate
dy moast fan it mûlryp en prústich persoan
de groetnis mar dwaan op 'e sate.
De grutfeint dy liet him sa gau net ferslaan
en sei him de wacht oan, mar Date
koe 't ek mei in hânsume ôfskiper dwaan:
ze kennen mij wel op de zate.
Dat is sa, sei Oene, de man hat gelyk,
ik ken fan syn soarte ferskate.
Doe spriek er de wurden fan 't heechst fan 'e dyk:
ik hjit jo: ferlit no myn sate.
Wat zeg je, mijn beste, dat meen je toch niet.
Moet ík nou je land zo verlaten,
Van Tulder, de zanger van 't Hollandse lied?Ga naar voetnoot*
Míj stuur je toch niet van je zate?
| |
[pagina 199]
| |
Dit holde gjin touwen! De boer hie syn nocht,
mynhear gie mar troch mei de snater.
Mar trijris mei wêze de skipper syn rjocht,
de fjirde kear komt oan 'e sate.
Ik bin, sei de boer, jimme lietsjes net brek,
en Hollânsk dat sil ik net prate.
Mei smiet er Van Tulder de spitten yn 't dek,
dy Oene fan Sitemasate.
Der stie oer it lân in fûleindige wyn,
dy't wreed tsjin 'e berchhouten state.
Dêr weegle de boeier op 't westen wer yn,
en rom wie 't op Sitemasate.
Men hearde yn 't leechlân wol inkeldris mear
sa'n skiednis en wêr't dy ta late,
lykas it ferhaal fan in boer en in hear,
de stoarje fan Sitemasate.
|
|