De byldspraak is net altyd like suver en seit soms net sa folle. Sa lit Abma wat bespûn is Jerfleane op s. 12:
wat bespûn waard, ferfljocht
Al it boppesteande befestiget myn yndruk fan dizze dichter, dy't nei myn gefoel, wat de foarm oangiet, net altyd like goed oertinkt wat er docht. Mar al te faak haw ik Abma in dichter fûn dy't frij ûngefoelich is foar foarmferskynsels, wat je by in dichter net ferwachtsje. Ik bin hjir fansels ek net de earste dy't hjir op wiist. Dochs is men te hastich, at men út al it boppesteande de konklúzje lûke soe dat Abma hjir de muoite fan it lêzen net wurdich is. Abma op syn minst is dat yndie net (mar hokker skriuwer is altyd nijsgjirrich om te lêzen?), mar der hat ek gauris in Abma op syn bêst west. Syn wurk hat dochs troch de wil ta in grutte tematyk faak in sekere alluere. Dat is ek yn dizze bondel it gefal, al fyn ik oan 'e oare kant dat der yn Dieden sa'n bytsje fjoer(wurk) en dicherlik ferhef sit. It docht wat mêd en nuet oan. Faaks hinget dat gear mei de foarmproblemen dy't ik al sinjalearre haw. Ik achtsje Dieden yn alle gefallen net Abma op syn bêst.
Dieden is opdield yn fjouwer skiften. Stadia beskriuwt de ûntjouwing fan de minske/in minske. Ta in oantins befettet neist inkelde in memoriam fersen (de achterflaptekst brûkt, sa't wy wol gauris yn Fryske teksten sjogge, it ferkearde yn memoriam, mar in is hjir it Latynske in) ek oarsoartige fersen, û.o. boer jan El Salvador. Ofskie beskriuwt de skieding tusken de dichter en syn frou, wylst Heechsân it earste begjin beskriuwt fan in nije relaasje. It lêste sonnet fan de bondel hjit fan died, it inkeltal fan de titel fan de bondel. Dy died is de pearing, en de dichter leit hjir in ferbân tusken it persoanlike en it kosmyske (wat typysk by dizze dichter past):
in nij bestean mei 't kosmyske ferbûn
ha wy as út in aai- en siesel wûn
Dochs is yn dit ljocht de titel Dieden net sa'n lokkige kar, tinkt my. Mar ik jou ta dat bondels mei titels dy't de hiele ynhâld gearfetsje mei in lampke socht wurde moatte.
Abma is in bjusterbaarlik produktyf skriuwer. De bondel Dieden is gjin hichtepunt, nei myn idee, fan syn talrike publikaasjes oant no ta. Mar it wie nijsgjirrich him ris op in oare manier oan 'e gong te sjen.