Trotwaer. Jaargang 19(1987)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 174] [p. 174] Dmytro Pavlichko (berne 1929) Beammen Dat duldzjende fan beammen is my wearzich. Skein har en kapje en kliuw - hja sille swije. Ien inkle aksebile is hûnderten oermânsk En slûpt fan 't slachfjild as oerwinner. Dy stille grutskens fan de beammen is my djoer. Sa't hja dêr steil ynfieren stean te soeien En sa't hja wylje en falle sûnder klacht En sûnder wjerwurd lôgje yn 'e flammen. Dy dimmenens en dy grutskens tagelyk Yn ien bestean beskern fan krún oant woartel - Hoe is 't my wearzich yn har frjemde ienheid. Ik kin it swijen fan de beammen net ferneare, Sa't hja dêr pronkjend stean om ta de fjoerdea wijd Har iivge siel ta jiske priis te jaan. (Freark Dam) Vorige Volgende