Trotwaer. Jaargang 19
(1987)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 175]
| |
Liesbeth Brouwer
| |
[pagina 176]
| |
op't oer dizze saken tocht waard. Hjirmei doch ik de literatuerwittenskip lykwols gjin rjocht. Der is oer mear tocht as dat ik yn myn artikel útkomme lit. It giet der yn dit artikel om om oan te jaan foar hokker problemen de troch de ûntjouwingen yn de formalistyske linguistyk ynspirearre en nei systematyk stribjende literatuerwittenskip har steld seach, en oan te jaan hoe't de resepsje-estetika op dizze problemen reagearret. | |
In trajekt troch de literatuerwittenskipDe wittenskiplike stúdzje fan de literatuer ûntkaam net oan de neopositivistyske fernijingsdrang yn de wittenskip yn it algemien fan nei de twadde wrâldoarloch. Dêrnêst waard algemien it ferlet field om tradysjes oan 'e kant te skowen en dêrfoar yn it plak te kommen ta kennis oer de literatuer dy't basearre is op kontrolearbere ynterpretaasjes en net op yntuysjes, mieningen, gefoelens of ideology. Yn de jierren sechstich kriget de ferwittenskipliking fan de letterenstúdzje syn beslach. Neist de ferskillende op nasjonale basis organisearre letterkundes ferskynt oan de Nederlânske universiteiten de algemiene literatuerwittenskip. Yn de rin fan de jierren dêrnei wurde de teoretyske en metodologyske ynsjoggen dy't binnen dizze literatuerwittenskip ûntwikkele binne ek rjochtingjaand foar de ôfsûnderlike, op nasjonale of regionale bases fundearre letterkundes. Fan weitser oer de literêre tradysjes en de tradisjonele literêre wearden waard de nije wittenskiplike letterkundige kritysk ûnderfreger fan tradysjes en wearden. Steile, formalistyske fragen komme yn it plak fan in smûk, geastryk fertooch oer de literatuer as ferskaffer fan lok en feredeling, as utering fan gefoel en geast, fan in minske, fan in folk, fan in kultuer en fan in tiid. Krityk komt der ek op de idee dat grutte literatuer tiid en plak oerstiget, en tsjûgenis ôfleit fan in algemiene minsklikheid, en dat hja yn har monumintaliteit de wierheid belichemt. De literatuerwittenskip ûntlient har ynstrumintarium fierhinne oan de logika en oan de moderne linguistyk. De oanpak dy't sa suksesfol wie yn de taalwittenskip wurdt op de stúdzje fan de literatuer oerdroegen. Undersyk komt op gong nei de eigenskippen fan literêre teksten. Dêrby wurdt yn it foarste plak acht slein op mooglik bysûndere grammatikale eigenskippen fan literêre teksten, benammen fan poëtyske teksten. Wy kinne hjirby tinke oan syntaktyske, morfologyske en fonologyske regelmjittich-, c.q. ûnregelmjittichheden. Mar ek tekstgrammatikale eigenskippen fan literêre wurken wurde beskreaun; dit binne regelmjittichheden yn de opbou fan it taalmateriaal ta gruttere ienheden, lykas de roman, de novelle, de sonnettesyklus, ensfh. Behalve mei it beskriuwen fan eigenskippen | |
[pagina 177]
| |
fan literêre wurken hâldt de literatuerwittenskip har ek dwaande mei in fundamintelere fraach, nammentlik hoe 't it ynterpretearjen fan in literêr wurk - de werjefte fan de essinsje dêrfan - en it wurk sels har ta inoar ferhâlde. Grutte krityk hawwe de literatuerwittenskippers op it ‘hineininterpretieren’ nei oanlieding fan literêre wurken, sa as dat yn de tradisjonele letterkunde neffens har wol wenstich wie. De ynterpretaasje fan in literêr wurk moat kontrolearber wêze, sa fine hja, en dat betsjut dat elke ynterpretaasje fan in literêr wurk dutsen wurde moat troch wat der yn de tekst sels oan oanwizingen oanwêzich is. It sprekt fansels dat dêrmei in diskusje op gong kaam oer wat wol en wat net yn in tekst stiet; wa beslist dêr oer? De skriuwer, de lêzer, in meartal fan lêzers, of de tekst? De literatuerwittenskip lei de klam op de tekst, mar kaam dêrmei yn swierrichheden, want is net elke ynterpretaasje in projeksje fan in oare tekst op de tekst dy't men ûndersiket? Yn it begjin fan de jieren santich komt der krityk út eigen rûnten op it triviale karakter fan de risseltaten dy't oan dan ta behelle binne troch de literatuerwittenskippersGa naar eind1.. Skytskoarjend komt der in refleksje op gong oer wat oant dan ta ûntdutsen is. Men siket in oplossing foar de malêse yn resepsje-estetyske rjochting. | |
Literêre weardeIn wichtige reden foar de ûnbefredigjende resultaten fan de troch de linguistyk ynspirearre literatuerwittenskip leit yn de fisy dy't de literatuerwittenskippers hawwe op literêre wearde. Troch harren pre-okkupaasje mei kontrolearbere útspraken en positive kennis oer de literatuer, wisten hja gjin plak foar it tinken oer literêre wearde yn te romjen. Literêre wearde, sa seine hja, leit bûten it eigentlik objekt fan de literatuerwittenskip. Neffens harren is it objekt fan de literatuerwittenskip it talich artefakt, de teksten. Kennis oer struktuer, oer wurdgebrûk, oer patroanen fan herhelling en parallellen en de trochbrekking dêrfan is kennis oer literatuer. Alle oare foarmen fan kennis binne feitlik net literatuerwittenskiplik, mar histoarysk, sosjologysk, psychologysk, biografysk, of sljochtwei ideologysk. Literêre wurken wurde dan as oanlieding brûkt om oer wat oars te praten, en om dy reden binne sokke útspraken ek gjin literatuerwittenskiplike útspraken. Dizze literatuerwittenskip hie in hege ynset. Hja woe in antwurd besykje te krijen op de fraach ‘wat is literatuer’. Hja woe it idee bestride dat oer it wêzen fan de literatuer neat te sizzen is en dat it allinnich ûndergien wurde kin. De moderne literatuerwittenskip woe tichter by de essinsje fan | |
[pagina 178]
| |
de literatuer komme en ferklearre stúdzje fan alles wat net ta de tekst heart oerstallich. Yn dy sin soe men de moderne literatuerwittenskip dochs yn ferbân bringe kinne mei foar-oarlochske letterkundige tradysjes. Ik tink hjirby bygelyks oan de ynfloedrike Amerikaanske letterkundigen dy't wol mei de namme New Critics oantsjut wurde. Dy setten har ôf tjin de ûndersykstradysje dy't oan de ein fan de njoggentjinde ieu opkommen wie om literêre wurken te ferklearjen út tiid, fermidden en ras. De New Critics stelden dat it de taak fan de letterkundigen wie it autentike fan de literatuer te fetsjen en de iennige boarne dêrfoar wie de literêre tekst. Om dy reden waarden de letterkundige opfettingen fan de New Critics wol ergosintrysk neamd. De oanpak fan de New Critics kaam del op detaillearre en faak tige skerpsinnige tekstanalyze. By dy tekstananlyze bleau it lykwols net. De New Critics seagen tekstanalyze as in wize om de wrâld fan de wierheid dy't grutte keunst neffens har belichemt, bleat te lizzen. Hja seagen it as har taak dy ‘wiereftige wrâld’ oan de lêzers ta lottering foar te hâlden. De moderne literatuerwittenskip naam de ergosintryske yngong yn de literatuerstúdzje oer. Lykwols net it dualistyske wrâldbyld dat de New Criticism karakterisearret. Der is gjin wrâld fan wierheid en in wrâld fan skyn mear yn de neioarlochske literatuerwittenskip. Der bestiet gjin mystike bân mear dy't it iene keunstwurk mei it oare ferbynt. Der bestean allinnich noch mar teksten. Literatuer wurdt in foarriedige samling teksten dy't op syn moaist bepaalde skaaimerken mienskiplik hawwe. Wêrom kin dizze literatuerwittenskip, op syk nei positive feiten yn ferbân mei de literatuer, en pre-okkupearre mei de ûntmaskering fan net troch in heldere bewiisfiering dutsen eleminten yn it letterkundich fertooch neat wurde mei it idee fan literêre wearde? De beskriuwing fan teksten yn termen fan struktueren, modellen, patroanen ensfh., smyt gjin wearde-oardiel op, om de ienfâldige reden dat der gjin teory ûntwikkele waard, dy't in ferbân leit tusken literêre weardetakenning en literêre foarm. Literêre wearde bleau sa, op grûn fan de literatuerfisy fan dizze literatuerwittenskip, in oan de literatuer útwindich ferskynsel. Utsein op it mêd fan de beskriuwing fan grammatikale eigenskippen, yn brede sin, fan literêre teksten hat it risseltaat fan dizze as formalistysk te karakterisearjen literatuerwittenskip net grut west. Dat ek om't krekt de útkomst fan dy oanpak wie dat der op suver talige grûnen amper in ûnderskied te meitsjen wie tusken literêre teksten en oare teksten. It die bliken dat yn de deistige taal in protte as literêr klassifisearre taalgebrûk foarkaam en dat literêr neamde wurken net spesifike literêre skaaimerken ta te rekkenjen wiene. Guon literatuerwittenskippers stelden út de litera- | |
[pagina 179]
| |
tuerwittenskip op te heffen, omdat, sa as hja seinen, it in wittenskip wêze soe sûnder in objekt. En yndie in wittenskip sûnder in objekt dat yn a-histoaryske en systematyske sin te beskriuwen is, is tsjin de eftergrûn fan in formalistyske kennislear in ûnmooglikheid. Dat, in aparte wittenskip fan de literatuer moast oars fundearre wurde, en wol histoarysk, mei ynsluting fan it maatskiplik oardiel oer literêre wurken; mei ynsluting ek fan de taskriuwingen fan eigenskippen oan literêre teksten troch lêzers. Ek hjir wize de problemen dêr't de formalistyske literatuerwittenskip har foar steld seach, foarút nei de resepsje-estetika. | |
Subjekt(iviteit) en objekt(iviteit)It gebrek oan fisy op it plak fan de literêre wearde-taskriuwing yn de moderne literatuerwittenskip hat ek te krijen mei de subjektopfetting dy't dêr yn oerhearsket. Hoe wurdt der yn de formalistyske literatuerwittenskip tocht oer de lêzer en oer de ûndersiker fan de literatuer? Eksplisyt wurdt der amper wat oer sein. Dy opfetting moat trasearre wurde tusken de rigels troch. Myn yndruk is dat it subjekt fan de literatuerwittenskip statysk is, a-histoarysk en sletten; in soarte fan kompjûter, soe men hast sizze kinne, in ynstânsje dy't logyske operaasjes útfiere kin. As myn yndruk kloppet dan betsjut ek dizze subjektopfetting in brek mei de tradisjonele letterkunde. De grûnslach fan de tradisjonele letterkunde wie de feroaring of ferbettering fan de lêzer troch it kontakt mei it keunstwurk. Wurden as ‘vervoering, ynfieling, lottering’ dy't in wichtige rol spilen yn de estetika binne der de tsjûgen fan. De moderne literatuerwittenskipper hat fan gjin ynfieling of lottering witte wollen. Unoandien stie er foar it keunstwurk oer; mei in ynstrumintarium dat algemien en foar analyze fan alle literêre wurken brûkt wurde moat, fierde er syn literatueranalyzes út. Sa allinnich koe er de troch him sa fûl begearde objektiviteit waarboargje. Hie de tradisjonele letterkunde altiten in normatyf bedriuw west, de moderne literatuerwittenskip woe dat net mear wêze. Sa't wy seagen waard it begryp literêre wearde út de wittenskip ferballe; it takennen fan literêre wearde, sa seinen de literatuerwittenskippers, litte wy oan de lêzers en de literatuerkritisi oer. Dy wienen frij om wat dan ek fan literêre wurken te finen, mar hja moasten net ferwachtsje dat harren ynterpretaasjes en wurdearringen fan literêre wurken troch hokker oardiel fan de literatuerwittenskip dan ek bekrêftige wurde soe. De moderne literatuerwittenskipper woe net langer sedemaster en pedagooch wêze; hy woe net langer oardielen útsprekke oer de stiftsjende, morele of kulturele krêft fan de literatuer. Hy joech it rjocht om subjektyf te wêzen oan alleman. | |
[pagina 180]
| |
Wjerspegelet de moderne literatuerwittenskip yn dit opsicht net it tinken oer yndividuele frijheid, sa as wy dat rûnom yn de nei-oarlochske maatskippij fine? Lykwols de frijheid dy't de literatuerwittenskip oan de lêzers en de kritisi joech om sels te beslissen wat hja weardefol achtsje, betsjutte yn de literatuerwittenskip in ferbod. In ferbod om fierder te freegjen hoe't de betsjutting fan in literêre tekst ta stân komt, of hoe't de wurking fan in literêr wurk yn psychologysk, sosjologysk of histoarysk opsicht te ferklearjen is. Ek yn de Fryske literatuer bart der nei de twadde wrâldoarloch wat. Fedde Schurer nimt mei syn programmatysk opstel De bining ferbrutsen ôfstân fan de foaroarlochske Fryske letterkunde. (Lykwols koe er it sedemasterjen net ôfleare.) Yn de romans fan Anne Wadman en, letter, Trinus Riemersma wurdt ôfweefd mei ferâldere romanprosedees; opfallend is dat der yn in literêr tydskrift lykas De Tsjerne romte komt foar in mear struktueranalytyske oanpak fan de Fryske literêre wurken. Al dy dingen wize op in brekken mei de letterkundige tradysjes fan foar de oarloch, doe't de literatuer fral hifke waard op har kultuerpolitike betsjutting. It ferlet om net ideologysk te wêzen krong troch yn in grut part fan de Fryske nei-oarlochske letterkunde. Yngeander skôging fan dizze perioade yn de Fryske literatuer is lykwols needsaaklik. It is my noch net rjocht dúdlik of bygelyks Schurer syn foarstelling fan de foaroarlochske Fryske literatuer, as soe dy ferbûn wêze mei de Fryske Beweging, net in reïfikaasje is. Wie dy literatuer wol sa sear ferbûn mei de Fryske Beweging as Schurer it foarstelt? Moat syn opstel net yn in oar ljocht sjoen wurde. Yn it ljocht fan it omgean mei nasjonalistyske sentiminten, dy't troch de ûnderfiningen yn de twadde wrâldoarloch op syn minst problematysk wurden wiene. | |
De resepsje-estetikaIt besykjen om de letterkunde út har normative kontekst te befrijen is de moderne literatuerwittenskippers fierhinne slagge. Der is yndie in protte foar te sizzen dat it yn de wittenskip net oangiet om (literêre) wearden te produsearjen. Dat betsjut net dat yn de stúdzje fan de literatuer gjin plak ynromme wurde moat foar de wize wêrop't feitlik oer de literatuer tocht wurdt yn de maatskippij. Koart sein, dat de literatuerwittenskipper gjin sedemaster, ideolooch of literatuerkritikus wêze wol, wol net sizze dat literêre konvinsjes en literêre noarmen en wearden net in grutte rol spylje yn it ferskynsel dat er ûndersiket. Dat alteast is it útgongspunt fan de literêr-histoarysk rjochte resepsje-estetika. ‘Yn de trijeslach skriuwer, wurk en publyk is it lêste net allinnich it passive part, gjin keatling fan sljochthinne | |
[pagina 181]
| |
reaksjes, mar sels wer in skiednisbouwende enerzjy’, sa seit Hans Robert Jauss yn syn artikel Literaturgeschichte als Provokation der Literaturwissenschaft. Keatling, enerzjy en skiednis: wurden dy't wize op in oare fisy op de literatuer as dy fan de formalistysk rjochte literatuerwittenskip. Dy wie ien-diminsjonaal, sa seit Jauss, en it slagge har net in gearhingjend objekt ‘literatuer’ te definiearjen. Yn de resepsje-estetika wurdt dat ek net mear besocht. Ferskowingen hawwe plak fûn yn de opfetting fan literatuer, taal en subjekt. Yn de resepsje-estetika wurdt de literêre taalutering, lykas de ‘gewoane’ taalutering, sjoen as in teken yn in kommunikaasjeproses. De literêre tekst is in teken, of in rige tekens, en net as earder, in objekt. It teken is dynamysk, dat wol sizze prinsipieel foar meardere ynterpretaasjes fetber. Oan de oare kant leit der ek in rem op de dynamyk fan it teken, yn de foarm fan de konvinsjonele betsjuttingen dy't in teken krigen hat. Wy begripe in teken troch der in betsjutting oan ta te skriuwen. Yn dy taskriuwing fan betsjutting folgje wy beskate regels. De literatuer as kommunikaasjeproses is ta in hichte in troch regels laat proses. Mar in dynamysk proses, dat wol sizze yn de regels komme feroaringen en ferskowingen en net oeral jilde deselde regels. Literatuer is sa yn de resepsje-estetyske foarstelling in proses wurden. En, lykas út it sitaat fan Jauss al dúdlik wurden is, de wize fan resepsje troch it publyk, de lêzers en de kritisy, bepaalt wer nije literêre uteringen mei. In skriuwer of skriuwster hat altiten ek in lêzer west. In literêr wurk moat dan ek ferstien wurde as in ferwurking, dat wol sizze as in aktive resepsje fan foarôfgeande literêre wurken. In nij literêr wurk, oft it no it âldere oerstiget of dat it yn it ramt fan it wenstige bliuwt, is aktive resepsje fan foarôfgeande literêre wurken. Dat, syn orizjinaliteit is altiten beheind; de grûnstof leit yn wat der literêr oan foarôfgien is. Ek as in literêr wurk brekt mei beskate konvinsjes, dan docht it dat fanút dy konvinsjes, fanút ymplisite of explisite regelsystemen. De resepsje-estetika stelt har ta doel de krekte beskriuwing fan it histoarysk proses dat de literatuer is. Dêryn leit fral de klam op twa aspekten fan de hjirboppe neamde trijeslach, nammentlik de wurken en it publyk.
Sa't wy seagen is de skriuwer of skriuwster yn de resepsje-estetika feitlik ek in part fan it publyk. Ommers, syn of har wurk is part fan de aktive resepsje fan foarôfgeande literêre wurken. In nij literêr wurk is, sa stelt Jauss it, in antwurd op formele en morele problemen dy't foarôfgeande literêre wurken efterlitten hawwe. In nij wurk lost dy problemen op, c.q. it slagget der net yn dy problemen op te lossen. De resepsje-estetika ûnderskiedt har fan de formalistyske literatuerwit- | |
[pagina 182]
| |
tenskip fral troch it feit dat de earste de klam leit op it proseskarakter fan de literatuer. It giet der yn de resepsje-estetika om om sjen te litten dat literêre wurken troch ferskillende faktoaren determinearre binne. It is net genôch om jin, as literatuerwittenskipper, rekkenskip te jaan fan formele aspekten fan as literêr karakterisearre teksten. Literatuerwittenskippers moatte ek rekkenskip jaan fan ferwizingen en oantsjuttingen yn literêre teksten nei oare literêre teksten, mar ek nei bûten-literêr barren en nei bûten-literêre teksten. Literatuer hat yn de resepsje-estetyske opfetting dêrfan gjin essinsje. Belangryk is it hieltiten trochgeande ynterpretearjen, realisearjen, lêzen, skriuwen, fan literêre wurken. De histoarysk-beskriuwende oanpak fan de resepsje-estetika hat as doel de determinaasjes op te spoaren dy't bepaalde literêre wurken, perioaden of streamingen karakterisearje. Dy determinaasjes wurde, foar safier't de ûndersochte literêre wurken net mear ta de kontemporêne literatuer hearre (dy wurken dy't op it momint troch in grutte groep lêzen wurde; kontemporên wol dan ek net allinnich sizze resint literêr wurk), beskreaun tsjin de eftergrûn fan foarôfgeand literêr wurk, mar ek tsjin de eftergrûn fan opfettingen en noarmen dy't yn de tiid fan har ferskinen oangeande literatuer jilden. Wy kinne dan tinken oan ymplisite en eksplisite noarmen op it flak fan byg. de taalfoarm, stofkar, tematyk; mar ek oan opfettingen oer it maatskiplik plak fan de literatuer. | |
It ûndersykHoe sjocht de resepsje-estetyske literatuerskiedskriuwing der yn de praktyk út? It resepsje-estetysk ûndersyk komt del op it besykjen de literêre noarmen en postulaten dy't yn in beskate tiid jilde te rekonstruearjen en dêr de hiërargy fan oan te jaan. Dy hiërargy is de hiërargy dy't jilde yn de perioade dy't men ûndersiket en men moat har net rekonstruearje fanút de noarmen sa as dy yn in lettere of oare perioade of op in oar plak jilde. Docht men dat dan makket men jin skuldich oan de te maklike abstraksje dat literatuer tiid en plak oerstiget. In abstraksje dy't nea ferklearje kin wêrom't de literatuer der op in bepaald stuit sa útsjocht en net oars. De literêre noarmen en postulaten wurde net allinnich ûndersocht yn de literêre wurken dy't yn de perioade dy't men bestudearret lêzen wurde, mar ek yn de saneamde resepsjedokuminten. Wy kinne dêrby tinke oan de literêre krityk en de letterkunde, mar ek oan letterkunde-ûnderwiismetoaden; oan de literatuerskiednissen en literêre hânboeken dy't yn dy beskate perioade brûkt wurde. Fral ek de wize wêrop't literêre wurken ynterpretearre wurde troch yndividuen, te finen bygelyks yn brieven enGa naar eind2 | |
[pagina 183]
| |
deiboeken, of yn skoalle-opstellen, is in nijsgjirrige boarne fan ûndersyk foar de respesje-estetikus. Bûten dizze resepsje-dokuminten sjogge resepsje-estetisy ek nei de fierdere útstrieling dy't literêre wurken hawwe kinne, d.w.s. har wurking bûten it literêre fjild. De literatuerskiednis tilt op fan sok barren. Wa ken net it ferhaal fan de útstrieling dy't Goethes Die Leiden des jungen Werthers hân hat, of Salinger syn Catcher in the Rye, of Trinus Riemersma syn De hite simmer? Jauss jout in moai foarbyld dat wat yngewikkelder is as dizze trije. Hy fertelt dat nei publikaasje fan de roman Madame Bovary, de skriuwer dêrfan, Flaubert, oanklage waard. Hy moast foar de rjochters ferskine, omdat er, neffens de oanklagers, yn dat wurk oerhoer ferhearlike hie. Hja konkludearren dat út de wize wêrop't er de gefoelens fan Madama Bovary werjûn hie. Flaubert brûkte yn Madame Bovary in nij stylmiddel, de ‘belibbe rede’ en jout sa in direkte rapportaazje fan de gefoelens fan Madame, sûnder se tusken skrapkes te setten, of sûnder dêrfan ôfstân te nimmen. ‘Hja soe dan einlings it plesier fan de leafde besitte, [...] Hja kaam yn dy wûnderlike tastân, dêr't alles passy, ekstaze, útskroevenheid wêze soe.’ De oanklagers wiene net wend oan dit stylmiddel en konkludearren dat dit de skriuwer syn miening oer oerhoer wie.Ga naar eind3. Oarsom sjocht de resepsje-estetikus ek nei de ynfloed dy't histoaryske en politike ûntjouwingen op literêre wurken hawwe. Dat is feitlik al sein mei it begryp literatuer as dynamysk proses. Literêre wurken jouwe altiten útdrukking oan de tiid dêr't hja yn skreaun binne. Hoe't dy útdrukking pleats fynt ferskilt lykwols noch alris. Men kin bygelyks de politike aktualiteit weromfine op it nivo fan de stof of it tema, men kin it fine op it nivo fan de skiednis dy't yn in roman presentearre wurdt. Mar ek op djipper lizzende nivo's jout in literêr wurk utering oan it kulturele klimaat dêr't it diel fan útmakket. Peter Zima sprekt yn dit ferbân fan sosjolekten dy't romanpersonaazjes hantearje yn harren petearen.Ga naar eind4. De resepsje-estetika besiket in antwurd te krijen op de fraach hokker determinaasjes in rol spylje yn dat wat troch de tiden hinne literatuer neamd is. De fraach nei de essinsje fan de literatuer is gjin adekwate fraach mear, omdat dy nea ta in ienlûdich antwurd liede kin. De literatuer moat besjoen wurde as in maatskiplike ynstitúsje, in troch minsken makke, kultureel bedriuw, en is as sadanich oanhelle mei transformaasje en feroaring; mei tradysje en mei brek mei tradysje; mei tsjinspraken en tsjinstridichheden. In literatuerwittenskip kin dan ek net mear as ûnderdielen fan ‘de literatuer’ bestudearje; it heechste risseltaat dat hja berikke kin is literêre ûntjouwingen ynsichtlik te meitsjen, dat wol sizze de determinaasjes yn literêre wurken en yn literêre oardielsfoarming sjen te litten en oan te jaan hoe't dy twa konkreet meiïnoar ferweefd binne. | |
[pagina 184]
| |
Fryske literatuerskiednisYn hokker opsicht wykt de resepsje-estetyske oanpak fan de literatuerskiednis no ôf fan de wenstige literatuerskiedskriuwing, lykas wy dy bygelyks yn Fryslân kenne? It ferskil leit yn it foarste plak yn de presisy en eksplisiteit dêr't de literêre ûntjouwing mei beskreaun wurde kin. Yn dy presisy en eksplisiteit spylje de risseltaten dy't yn de formalistyske literatuerwittenskip behelle binne in wichtige rol. Krekt yn it rekonstruearjen fan literêre noarmen út de literêre wurken is in adekwaat ynstrumintarium om de wurken mei te beskriuwen in betingst. Ferskowingen yn bygelyks taalgebrûk en struktuer yn ferskillende literêre sjenres kinne dêrmei moai krekt beskreaun wurde. De formalistyske literatuerwittenskip mist in ramt, in fisy op literatuer, mei it gefolch dat har kennis fan de literêre taal feitlik net fruchtber makke wurde koe. De syntetyske fisy fan de resepsje-estetika op de literatuer biedt it paradigma, dêr't de kennis dy't earder opdien waard produktyf troch wurde kin. De presisy en eksplisiteit misse yndie yn de twa wichtige literatuerskiednissen dy't wy yn Fryslân kenne: Jan Piebenga syn Koarte Skiednis fan 'e Fryske SkriftekennisseGa naar eind5. en Klaes Dykstra syn Lyts hânboek fan de Fryske literatuerGa naar eind6.. Yn Trinus Riemersma syn stúdzje fan it proaza yn Fryslân yn de njoggentjinde en yn de earste helte fan de tweintichste ieu is wol stribbe nei in gruttere eksplisiteit, mar foar dizze stúdzje jildt lykwols it beswier dat Riemersma syn konklúzjes en ynset feitlik mear literatuerkritysk binne as literatuerwittenskiplikGa naar eind7.. Yn de twa literatuerskiednissen presentearje Piebenga en Dykstra in rige skriuwers en skriuwsters yn histoaryske folchoarder. Fan harren wurdt oanjûn wêr't hja berne binne, wat hja diene, wat hja skreaun hawwe en hoe't hja skreaun hawwe. Benammen it lêste is faak tige oerflakkich. Piebenga en Dykstra harren beoardieling fan it literêre wurk is de yntuïtive kant neist; hja brûke begripen dy't net altiten like ‘eenduidig’ binne, hja problematisearje harren begripen net: sa komme wy tige ferskillende romantisy, folksskriuwers, realisten en modernen tsjin. Dykstra syn yntuysjes lizze fral op it mêd fan it gebrûk fan de Fryske taal. Hy makket nochalris opmerkings oer wat de skriuwers en skriuwster op dat mêd ta stân brocht hawwe: de Fryske taal is ‘liniger’ wurden, of is op ‘in heger plan’ brocht; yn sommige literêre wurken ‘leit in problematyk fan in hiel tiidperk bestjurre’ of jout it ‘op nije wize in âld ûnderwerp’ stal. Wat dy kwalifikaasjes yn konkreto betsjutte wurdt men net gewaar, en it wurdt der - sa giet it my alteast - net better op as ik de wurken der op neislach. Piebenga beoardielet it literêre wurk en de skriuwers fral yn relaasje ta de Fryske Beweging. Dat is in sintrum dêr't er fanút giet en | |
[pagina 185]
| |
nei weromkeart. It is natuerlik evidint dat de Fryske Beweging in wichtich besteansbetingst foar de Fryske literatuer as sadanich west hat, mar der binne ek oare bepalende faktoaren oantoanber yn de Fryske literatuer. Piebenga tinkt yn termen fan groei en ferfolling - ik soe sizze yn retoaryske termen. Kin der lykwols yn literêre uteringen sprake wêze fan groei, en om hokker groei giet it dan? Hoe uteret dy him konkreet yn literêre wurken? Men kin tsjin dizze krityk op Dykstra en Piebenga ynlizze dat in literatuerskiednis dy't sa'n lange perioade en sa'n grut tal skriuwsters en skriuwers bestrykt ek nea dy presisy ha kin. Dat is natuerlik wier - it giet my feitlik net om krityk, it giet my derom mooglikheden oan te jaan dy't in krektere skiedskriuwing hawwe kin. In resepsje-estetyske literatuerskiednisstúdzje kostet in protte tiid en tsjinnet in oar doel as Piebenga en Dykstra harren skiednissen. Dochs sit der in prinsipielere kant oan de krityk. It docht bliken dat literatuerhistoarisy as Piebenga en Dykstra te min ferlykjende, te min dúdlike begripen hawwe, dêr't hja de skiednis mei skriuwe kinne. Hja wurkje mei ympressionistyske, metafoaryske en yntuitive begripen om de betsjutting fan literêre wurken oer te bringen. Ek meitsje Piebenga en Dykstra net rjocht dúdlik wêrom't hja in histoaryske oardering yn de Fryske literatuer oanbrocht hawwe. Gewoan konvinsje? Wêr is dy konvinsje op basearre? Op in streekrjocht ferbân tusken literatuer en de politike, of sosjaal-ekonomyske skiednis? Of sit der ymplisyt it idee efter dat der yn de Fryske literatuer in groei ta folwoeksenens te trasearjen is? Wêr en wannear hâldt dy groei dan op.
De stap foarút dy't de resepsje-estetika makket yn de literatuerskiedskriuwing is neffens my dat hja de ‘meerlagigheid’ fan de literatuer sjen litte kin. De literatuerskiednis is net in proses mei ien sintrum, mar in proses mei in protte ferskillende determinaasjes: persoanlike, regionale, sosjaal-maatskiplike, ensfh. Wat dêrfan bleat te lizzen is wat in resepsje-estetyske oanpak fan de Fryske literatuer opsmite kin. Mei it, neffens my, net ûngeunstige gefolch dat de Fryske letterkunde mear wurdt as de wjerspegeling fan it nei de oarloch oerhearskjende langstme nei in emansipearre, moderne, folwoeksen, elitêr-literêre, literatuer. |
|