Trotwaer. Jaargang 19(1987)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 173] [p. 173] Lina Kostenko (berne 1930) Leave Santjin In licht sonnet Lokkich is hja, want hja is santjin jier En alderivichst moai, want hja is santjin. Al sjocht hja hjoed tafallich net sa blier, Dat binn' de jierren ommers, leave santjin! De nachtwyn rûst en knoppen stean yn 't antsjen: Dat kin har efkes oandwaan, sikerwier! Mar och, it is noch mar in binnenbrantsje En foar de grutte lôge fierste ier! 't Let neat, al sit hja efkes yn 'e pogge Omt hja fan him hold mar hy net fan har -Hy seach har net en naam in oar foar kar- It binn' de jierren ommers dy't it dogge. Al sjocht hja hjoed tafallich net sa blier, Lokkich is hja, want hja is santjin jier. (Freark Dam) Vorige Volgende