Trotwaer. Jaargang 19(1987)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 170] [p. 170] Vasyl Symonenko (1935-1963) Fereale It stjalpich reinen wie hast dien, Dat elk hat eigen wegen socht. Bliid bisto troch it wetter gien En al dyn graasje wie in nocht. De wjerljocht makke noch alaarm En sloech de hoarizon midstwa. De reinbôge earbiedich kaam En bûge 'm oan dyn fuotten ta. De straffe ûnbedimbre wyn, Noch krekt foartiid sa drok yn 't spier, Kipe dy ta de eagen yn En kaam ta rêst by dy yn 't hier. By koele wiete strjitten lâns -Betsjoend seach elkenien dy nei- Rûnsto dêr yn in strielekrâns, Wa wit wêrhinne of wêrwei. Rûnsto dêr sljochtwei, op 'en paad Nei merk of winkel of nei hûs En mei dyn skuontsjes sloechst kordaat It stiennen gongpaad yn 'e sûs. Rûnst fierder, yn dysels ferlern, Seachst nei net ien, wiest inkeld bliid, En de wjerkeatsing wie te sjen Yn oarmans eagen al dy tiid. (Marten Sikkema) [pagina 171] [p. 171] Sniewite hynders... Sniewite hynders stowe troch, Wiid wiuwend mei de moannen, Inkeld wat moude dwerrelt op, komt del op griene lannen. Hja skeaten fierder, jagen mort, dûkten yn diizge fierte - Myn drean foel hommels út de wein, mar sil de wegen witte. Hy reizget fierder geandefoet, hy sil him nearne bine. De swietrook fan dyn hier, myn lea, driuwt oer - hy sil dy fine! Troch moude, fûlens, ûngeriif, troch sniestoarm, kjeld en huver Komt aanst myn dream ta dy, myn lea, sniewyt en hagelsuver. (Marten Sikkema) [pagina 172] [p. 172] Hja ride... Hja ride as troch stasjons ús troch de sielen, De dinderjende treinen fan 't gefoel. Hoe doar ik mei de hope noch te pielen? Leauwen en wachtsjen hawwe grif gjin doel. Mar 'k kin 'bestean dêrsûnder net ferneare, Al bliuwt de twifel 't soerfertsjinne lean, Dat swaaiend mei de lampe sil 'k him keare, Myn read alaarmljocht bringt dyn trein ta stean. Wat ropt my oer 't rumoer dyn lûd temjitte? Ik wachtsje longerjend op 't âld perron. Silst op myn bea dy trein hjir hâlde litte Of fluitest fierder nei in oar stasjon? (Marten Sikkema) Vorige Volgende