betocht se stikem gnyskjend, dêr't se neat fan wist, mar dy't nettsjinsteande dat, as in waarm betrouber dierke har hûd hieltyd justjes oanrekke. Doe't úteinlik de hân har boarsten ien foar ien sêft omfette, makken har tinzen plak foar inkeld it gûnzjen fan 'e motor, wylst rûnom de fûgels hieltyd mar wer yn inselde bôge omsirkelen, mar no sûnder lûd.
Se miende dan ek dat se al oeren ûnderweis west hiene doe't ynienen it knappen fan de reiden har skrikken die. In soad tiid om dêr oer nei te tinken krige se lykwols net, want de man sprong de wâl al op, wylst neist har de hûn piipjend klearsiet.
‘It wurd te kâld om stil te sitten,’ rôp de man har ta.
Se knikte wat ferbjustere, mar sprong dan gau ek op 'e wâl om har dêr waarm te dûnsjen, doe't rûnom de patroanen fan fûgelpoaten har oandacht lutsen.
Soe se noch in lêste foto meitsje? Ta ôfskie fan it lân, of fan Goaitzen miskien?
Se makke it tastel klear en sette de printen op 'e foto, en frege dan de man om noch even stil te stean: by de reiden, mei de mar efter de rêch en de hûn oan 'e fuotten.
Op it stuit dat se ôfdrukte waard der lykwols efter har roppen, en meiiens wist se dat dat Goaitzen wêze soe. En doe't se har omdraaide kaam de jonge yndie op har ta, hoewol wifkjend en wat ferheard.
Dat koe se har yntinke. En nei't se de beide mannen mei elkoar yn 'e kunde brocht hie, wist se dan ek net mear wat te sizzen. Gau pakte se in hânfol snie en smiet dy de hûn nei de kop.
De jonge seach de man net oan en wrotte wat mei de foet yn 'e snie, doe't er ta har ferheardens ynienen frege oft er it gewear ris besjen mocht.
‘Ik hâld fan wapens sjoch. En dit liket my in djoerenien ta.’
‘Dat is it ek,’ andere de man, ‘mar besjoch do it mar. En wês foarsichtich hin!’
‘Fansels.’
De jonge gnyske nei Lise. Hy hifke it wapen op beide hannen en klakte goedkarrend mei de tonge, spuide op 'e loop en wreau dy mei de mouwe wer glânzgjend. En nei't er op in tinkbyldich doel yn it lân oanlein hie, folge er stadich de kime oant er de man yn it fizier krige.
‘Gean hjir wei,’ sei er op sêfte toan, mar dúdlik genôch.
‘Gean nei hûs foardat der in ûngemak fan komt.’
De man helle it skouder op en stuts glimkjend beide hannen omheech, en ek Lize moast gnize om it tafriel, oant se seach hoe't Goaitzen muoisum slokte en yn 'e hals read waard.
‘Jo tiid is om,’ sei de jonge strak, wêrnei't it skot har ferlamme en se