Trotwaer. Jaargang 19(1987)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 142] [p. 142] Jan Dotinga Utsjoch In keamer boppe en útsjoch op 'e wei. De huzen meitsje hast in fjouwerkant. In nijbouwyk. De boargers wenje op stand mei aardich grien en boartersplak oerdei. Oeral is oarder, symmetry en sa. De tegels hâlde skjin, it gers ferliest. De tunen bloeie kreas en winter friest it tinken ticht. Wêr sil men ek op ta... In lyts gelyk en rjochtlik plakje bin- ne mjitte en regel yn dit hecht ferbân- In wei rint út 'e rekken nei nij lân en loften driuwe en doele op nije sin. [pagina 143] [p. 143] Oer alle huzen In lichte dize hinget yn 'e jûn. De lampen bliuwe helpleas yn it tsjuster. Ut keamers skymret ljocht. In minske is bûn oan ierdske sine en sinnen, oars ferwurdt er. Mar wûnder is 't: In hope hinget ticht oer alle huzen. Sil it taastber wurde? Gemis en pine wage swier. Hoe licht moat hope wêze dy't it net mear hurdzje. In ljochte trie is spand; in súvre ker- rel hat wat bliuwends yn en wit te treasten. O langst nei oars en better en net wer. Besteane dêrom wurden, om dit measte? Vorige Volgende