Trotwaer. Jaargang 19
(1987)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 138]
| |
[pagina 139]
| |
Keppeltaalferbjustere snijt it yn myn holle
de spoaren fan it oantinken falle fol
allinne it harkjen nei dyn âlde stim
jout de fuotstappen nei it ferline
de lege lucht nimt myn gedachten
en stjoert se op de ultra koarte golf
wa wit hasto de ôfstimknop ferdraaid
en dekodearresto alles yn ús eigen taal
| |
[pagina 140]
| |
Ienheidde tearen ûnder dyn eagen
wurde troch it wetter platte
wâljend lûke de skaden fan de beammen
lâns dyn wangen en dyn rjochte noas
de spegel fan de natoer feroaret
minsken wurde ûnderdiel en dielgenoat
| |
[pagina 141]
| |
Marokkofielde ik fannejûn in mûle
hoe't it wie en eins ek wêze moast
- politike finzenen sûnder ljocht -
rotsen tespjalten ta tolve stadige eagen
laken nei de froulju mei de skjinne wask
- terroristen finzen yn 't beton -
fertelden de âlde ferhalen fan eartiids
omearmen de skouders en de billen
- minsken sette minsken yn betonnen ljocht -
kuolte foel op de fjurrige liven
efkes lei de sinne op ien ear
- it wurdboek past him yn yn 't blyn systeem -
|
|