Ek komt de natoer yn sommige gedichten persoanifiearre nei foaren. Foarbylden hjirfan nim ik út it gedicht gers:
om kerrels fêst te hâlden
en út it gedicht wjirm:
Sels de ierde wurdt ferminsklike yn it fers op it spui, amsterdam:
- útsein de rioelratten -
wachtet de finzene modder
Dizze hâlding foar de natoer oer ropt assosjaasjes op mei it tinken fan Franciscus fan Assisi, dy't yn syn Sinneliet spruts oer suster moanne en broer wyn en by Kaspersma natuerlik foaral mei de tinkwrâld fan 'e yndiaanske folken, dy't, tige algemien steld, mear foar in plak neist as foar in plak boppe de natoer kieze wolle en dêrom ek faak sympaty fûn hawwe by minsken dy't har ynsette foar miljeubehâld.
De bondel is yllústrearre troch Johannes de Vries, dy't ek tekeningen makke by Fan 'e Beuch. Op de tekeningen by Fan 'e Beuch wiene oer it algemien noch konkrete bylden te sjen, skippen en fûgels bygelyks, mar yn Sleatswâl fol krûden binne se abstrakter en minder skerp. Ik fyn se likegoed moai, se binne tear en subtyl, hawwe wat rêstichs.
Kaspersma syn nijste bondel, Bleatlein, ferskynde yn 1986. Ek dizze bondel is wer hiel dúdlik yndield, yn fjouwer dielen: Waar en wyn, Wintergedichten, Bleatlein en Skodzje de rattel.
De titel foarmet tagelyk de subtitel fan it langste part: Bleatlein, en it wurd is nommen út it gedicht muggenbeet (Muggenbeet is in plakje yn Noardwest-Oerisel):