Trioel
Wêr't it fan op tilt
De searje gedichten ûnder de titel ‘Dea fan de moskefrou’ dy't yn nû. 6 fan Trotwaer 1986 stien hat, jout my de gelegenheid ris wat neier op de technyk fan it dichtsjen yn te gean.
Dichtsjen is yn myn eagen komponearje mei taal. In dichter hat it materiaal fan de taal ta syn foldwaan sa as in organist it toetseboerd en de pedalen fan syn ynstrumint. It is net winsklik dat iderien altyd sa mei taal omgiet. Taal hat in ûnwittend wichtige funksje yn 'e kommunikaasje en dêryn oerhearsket it meidielingskarakter alle oare taaleigenskippen as klankstruktuer, ritmyk ensfh. Yn in gedicht is dit semantyske aspekt relativearre. Yn wêzen is in metafoar bg. net oars as in bewuste ôfwiking fan de gongbere semantyk. Men soe it mislieding neame kinne. Dêr hat de dichter, as it gedicht slagge neamd wurde kin, fansels in doel mei. Hy misliedt syn lêzer foar in goede saak. Hy wol skientme, djipte toane; hy set in estetyske erfaring yn elkoar.
By it komponearjen hat de dichter it foech net om it taalmateriaal sels oan te taasten, om watfoar reden dan ek. ‘Wês’ rimet yndied op ‘glês’ yn it earste gedicht. Mar ‘ik noch krekt gjin wês’ doocht net, it moat ‘wees’ wêze. Yn dit earste gedicht wykt Abma ek ôf fan de gongbere syntaks fan it Frysk, mei yn myn eagen te min reden dêrfoar. Hy brûkt de transitive tiidwurden ‘dôvje’ en ‘foltôgje’ as wiene it yntransitive. En ek it omsetten fan de wurdfolchoarder yn de titel ‘De dea hat fan it libben har befrijd’ om reden fan metryske aard is net foldwaande motivearre. Yn it gedicht ‘de do’ stiet de rigel ‘brieken de bôle ta krommels’. Krommels komt yndie yn it wurdboek foar, hoewol't krûmmen of krommen eins moaier is om yn in frysk fers te brûken. Mar as jo bôle ‘brekke’, krije jo biten en brokken, gjin krommels, gjin krûmen, ek net. Op ‘krommels’ rimet dan ‘hommels’. Dit wurd komt yn in sin foar dêr't ek it wurd ‘samar’ yn stiet om deselde sitewaasje te omskriuwen.
Yn it gedicht ‘flits’ komt de rigel foar: ‘optein binne jo optild fan 'e dea’. Dat is in moaie alliteraasje, mar ‘optein’ is in eigenskipswurd, gjin bywurd en sa moat ik begripe dat 't hjir brûkt is. Sanet, wat is eins ‘optein optille’ en dan wol ‘fan 'e dea’. Hjir giet de dichter of de lêzer op ‘tilt’. Abma docht yn dizze syklus dochs al in grutte oanslach op it foarstellingsfermogen fan syn lêzers. Dêroer strak mear. It rym yn dizze fersen is planút in ‘crime’. Yn ‘de âlde iik’ binne de rymwurden ‘iik’ en ‘briek’, ‘sliept’ en ‘krypt’ sljochtwei ferkeard. En ‘ferstoaren’ rimet dan wol op ‘feroaren’, mar allinne omt de rigel wêryn't dat lêste wurd foarkomt in bysin-wurd-folchoarder krigen hat dy't him net takomt.
Yn ‘flits’ komme de folgjende rymwurden yn opienfolgjende rigels foar: ‘loft’, ‘brocht’, ‘tocht’, ‘wjerljocht fljocht’. Wêrom wurdt hjir de ôfwikseling mei in twadde rymwurd yn 'e strôfe eins ferlitten? Wêrom wurdt de ôfwikseling fan manlik en froulik rym sa as dat yn it earste kwatryn útfierd wie, eins trochbrutsen? Wêrom sa'n freeslik ûnfoech dûbelrym?
Ik sil net alle rimelderij yn dizze syklus neigean, mar ik doar de stelling wol oan dat it yn hege mjitte ûndeugdlik is. Der wurde gjin bewuste rymskema's brûkt; der wurdt gjin dúdlike