| |
| |
| |
Josse de Haan
Folksliet foar houten Jezus
Yn dy tiid, sa fuort nei de oarloch hiene har moaiaardich wat frjemde minsken yn it doarp ta wenjen setten. Se kamen fan wech-ende-wear, út it binnenlân en út it bûtenlân. Foar him oer en ek foar de oare bern hie it wat fan in ynfaazje - in oarenien dizze kear - en ek de folwoeksenen ûnderfûnen it net altiten as ideaal. It wie ommers frjemd folk, dat winliken net thus hearde yn dy kontrijen.
De frjemde lju kamen út Poalen, út Ruslân, út Dútslân, en soms sels út de Balkansteaten. Fakentiids wiene it froulju dy't op ûnderskate wizen mei in Nederlanner flechte wiene omdat der yn it eigen lân noch gjin plak wie, of omdat it de iennige mooglikheid ynhold. De oarspronklike nammen fan de froulju waarden meastentiids tige fluch yn de doarpstaal ferbastere, wat de measten wol akseptearren. Dy lju dy't harren eigen taal hanthavenen, stiene yn wêzen bûten de mienskip en koene der op rekkenje dat se dat fiele soene ek.
De evakuees út de folle en hongerige grutte stêden út it westen foarmen in groep apart, benammen omdat se yn 't foar al oankundigen dat se mar foar in lyts skoftke bliuwe soene. Harren taal en gewoanten lieten se bestean njonken de bewende doarpstaal en de oanwêzige tradysjes. Dat stie as in peal boppe wetter.
De misbegripen wiene út en troch tige grut. De frjemde lju kritisearren sawat alles wat se net rjocht begrepen. Bargen mochten net oan 'e sturt lutsen wurde, kij net foar de bek slein, en de molke fan dy bisten wie dochs bedoeld foar de lytse keallen. Einen en jerken hearden frij rûn te fleanen, en de jaaiers waarden omskreaun as moardners. Aaisykje wie fansels hielendal net oan 'e oarder. Se begrepen yn wêzen gjin sint fan de sirkelgong. Op sokke ûnsin waard eins net serieus réagearre. Men lake bolderjend om dy flauwekul, foar boeren en arbeiders kaam it jild net út 'e loft fallen. Ornaris net, teminsten.
De útspraken waarden har net echt kwea ôf nommen, omdat it te krijen hie mei ûnkunde, en net daalk mei it ôfwizen fan de pleatslike seden en gewoanten. Se moasten lykwols ek wer net te fier gean mei harren krityk. Dat waard útsoarte net akseptearre, it soe ommers te folle stjonke nei eigen superieurens, omdat it mei de sljochtweihinne ierdske wurklikheid
| |
| |
neat mear te krijen hie. Op 't lêst wie de minske wol in evenbyld, mar net god sels. De ierdske wurklikheid, dêr draaide alles om, om de bûter, de stront en de rjemme.
De minsken út Indië, de Indo's sa't se neamd waarden, krigen hielendal gjin kredyt. Se koene net wurkje, mar ferdomden it feitliken ek. Se begrepen it net, en bleauden ferskriklik op in ôfstân troch harren taal en harren úterlik. Altiten rûnen se yn 'e pronk, op snein fanlsels, mar ek op alle oare dagen fan de wike. Moaie klean pasten net by dongbulten of reinich waar, en soks sei dus genôch oer dy lju. Troch de bank nommen waarden se dan ek erchtinkend besjoen, benammen ek omdat se noait presys seine, wat se bedoelden, wat se no eins tochten. Dy riedseleftige slangetaal rôp agresje wekker.
In oar soart frjemdlingen foarmen de arbeiders dy't jier yn jier út yn de arbeiderswentsjes by de grutte buorkerijen har ta wenjen setten. Yn maaie meastens. Twa fan dy gesinnen waarden hielendal as bûtensteanders beskôge, omdat se bestimpele waarden as NSB-gesinnen. Noch jierren nei de oarloch liet men harren dúdllik fiele dat se fout west hiene. Oaren dy't ek net hielendal skjin op 'e graat neamd wurde koene - en wa koe dat wol yn 'e goedichheid - mar wol mear macht of rykdom besieten, gongen frijút. Ek de bern fan dy twa femyljes merkbieten dat hast noch elke dei, sadat de mikpunten fan it doarp maklik te finen wiene. Dy bern begrepen dat fansels net, want it wie sa ûndefinyearber, en dêrtsjin wie gjin ferwar mooglik, ek al omdat de hele groep yn 't offensyf gong.
Sa likernôch heal maaie elk jier wie it in kommen en gean fan arbeiders fan en nei de boeren. Al moannen dêrfoar, at de kontrakten oppenij slúten wurde moasten, wie bekind wa 't wer op reis soe en ferfarre moast nei in oar doarp yn 'e omkriten of folle fierder it lân yn.
Dat hiele heale jier, fan novimber oant maaie, sieten de bern dy't ek wer foar de safolste kear mei ferfarre moasten yn in wol tige dûbele posysje. Eltsenien wist presys wa 't wer fuortgean soe, sadat mei sokke bern eins gjin echte freonskip sletten waard. Se gongen ommers dochs wer fuort. It soe te nuodlik wêze, it soe in te grutte oanslach op 'e gefoelens west hawwe. Ommers, yn 't foar wist men al dat der gjin echte hechting mooglik wie, sadat allinne wat oerflakkich kontakt restearde, en dat betsjutte fakentiids in bûtensluten.
Op skoalle en yn it doarp hongen dizze doarpsrepatrianten tusken de wâl en it skip, tusken it tafallich bywêzichwêzen en it oanhâldende ôfskied. Se wiene miskien noch mear frjemdling tusken de bliuwers as de echte bûtenlanners, omdat de lêsten wol sa stadichoan in part fan it geheel waarden. Oft se dat no woene of net woene. Lykas de altiten oanwêzige
| |
| |
objekten, bygelyks de beammen en de buorkerijen, hearden se by de mienskip. By it silhûet fan de tsjerke en de toer, by de losrinnende katten en hûnen.
Soms, at sokke tydlike klasgenoaten har in bytsje feilich fielden en de freonskip hast in echtenien wurden wie, fertelden se wolris wat oer dat iderkear wer ferfarre en wenne moatten, fan doarp nei doarp, fan boer nei boer, fan tydlike freon of freondinne hjir nei wer in oarenien op in oar stee. Faker barde it dat se alles der by del smieten, en har út alle macht fersetten tsjin de oermacht fan de duorjende bewenners. Guon, foar wa't men op de iene of oare wize respekt hie, slagge dat ferset, sadat se wol oansluting fûnen by de bliuwers. Soms troch brute krêft en macht, soms troch oar opfallend gedrach lykas it betinken fan gekke spultsjes, of troch in bêste keatser te wêzen. Flotte fammen hiene wer oare mooglikheden. In pear oaren slagge it troch freonlikens en sêftens, mar meastens waard dat hielendal fansiden skood, want myldens hie men ornaris gjin antwurd foar, dat waard al generaasjes lang fuorttreaun en fuortskood.
Yn syn tinzen wie hy in bult dwaande mei syn klasgenoaten en benammen mei de doarpsgenoaten dy't wer ferhúzje soene, en fan wa 't hy guon wol tige aardich fûn, ek spannend soms omdat se ferhalen fertelden oer de doarpen en de skoallen dêr't se earder libbe hiene. Hy hie der gjin fermoedens fan dat soks allegearre bestie, en dat der sokke grutte ferskillen tusken de doarpen en de skoallen nei foaren komme koene.
Yn in doarp dêr't alles presys oaninoar foege wie - oan de bûtenkant fansels - en dêr't elkenien syn en har plak wist, bliek it in ferromming wer ris wat oars te hearen, en te ûnderfinen dat de wrâld godtank dochs noch wat grutter wie as wat hy yn 't foar tocht hie. Yn syn fantasije waard hy soms ien fan dy trekkende leeftiidsgenoaten, en winske hy ek faak sa te wêzen lykas sy wiene, want dan bestie der ommers ris wat oars om nei út te sjen. Oan'e oare kant murk er ek wol dat eangst by dy jonges om iderkear mar wer jins plak te bemachtigjen, en tsjinwicht te jaan tsjin de grutten dy't it altiten mar wer besochten sokke nijen út te prebearjen en op 'e proef te stellen.
Ien fan dy jonges hjitte fan De Oedsk, offisjeel dan, want hy waard al ridlik gau houten jezus neamd, omdat hy amper by steat wie saken op te rêden dy't fan immen fan dy jierren gewoan wêze soene. Yn en bûten de skoalle koe er eins nea wat op preammen sette, en dêrtroch waard hy al fluch it grutte mikpunt, en bleau dat ek. It waard benammen fersterke troch de skoalmaster dy't him hielendal net lije mocht. Hy koe him wol skite en spuie tagelyk, en liet dat dan ek faker as ien kear sjen.
De Oedsk siet by him yn de klasse, wat leeftiid oanbelange kloppe dat
| |
| |
ek wol, mar neffens wat er prestearde hearde er mear thús yn de earste of heechstens yn de twadde. It wie krekt oft er ferlamme sadree 't er it lokaal yn kaam, de swiere banken seach, de nearzige lucht rûkte, en it each op it boerd falle liet. De Oedsk waard wyt om 'e noas sadree 't er oer de drompel stapte. Hy seach skruten om him hinne.
Al yn septimber fan dat jier wie bekind dat de heit fan De Oedsk wer nei in oare boer ferfarre soe, omdat dy mei syn boer in fikse rûzje oer it kontrakt hân hie. Hy moast mear wykeinen melke foar de hier fan it hûs as yn 't begjin ôfpraat wie. It berjocht rûn as diggelfjoer troch de buorren dat de heit fan De Oedsk en De Lep, syn baas, elkoar hast mei de heafoarken oan 'e flier fêstnagele hiene. Mar lykas meastens it gefal wie, ek hjir die men in kar foar de sterkste, De Lep dus, en De Oedsk wie der danich op oansprutsen, omdat sa'n heit fansels net hielendal goed by de holle wie. De Oedsk hie net op de oanfallen réagearre, mar fan dy tiid ôf wie heel dúdlik bekind dat er oer in acht of njoggen moanne wer opkrasse soe. De skoalmaster liet it ek meiweagje yn syn hanneljen.
Oeren en oeren hie er foar syn gefoel op 'e efterste bank nei De Oedsk sjoen doe 't dy op in stuit út syn bank skuord waard en tusken it boerd en de doar tsjin de muorre setten. In poerlulke master dy't net mear wist wat er mei him oan moast flokte trije kear lûdop. Godferdomme stik ûnnoazel fee, bliuw stean dêrst stiest, en weagje it ris in stap te dwaan, ik slaan dy midstwa. Wer oeren en oeren hie er doe nei De Oedsk sitten te sjen. Hy koe oars neat mear, omdat it byld syn holle folslein yn beslach naam, sadat alles fierder blokkearre waard. Sels syn pinne wegere in streek te dwaan. De inktpot siet tichtsletten.
Hoewol't de oaren yn mearderheid wol oan it wurk wiene hearske der doch in soarte fan spanning yn de klasse. Eltsenien seach sa út en troch nei De Oedsk dy't tsjin de muorre oan plakt stie, of better, krekt net tsjin de muorre want dat wie folslein ferbean. Mei syn gesicht moast er de klasse ynsjen, yn syn iene hân hâlde er in heal opfretten potlead en yn de oare han lei it lêsboekje dêr't er iderkear letters en wurden út oerskriuwe moatten hie. Der wie him te ferstean jûn dat er it ôffretten potlead en it boekje op de hichte fan syn liif foar him hâlde moast, syn fuotten tsjinelkoar, en him útsoarte net ferwege mocht. Om syn fuotten hie de master mei kryt in wite rûnte lutsen, dêr't er net bûten komme mocht. In soarte fan hekserûnte foar jonges.
Ut ien fan de efterste banken wei, dêr't er siet omdat er ien fan de langsten wie, koe hy maklik sûnder dat er ûntdutsen waard nei De Oedsk sjen. At er in lang skoft nei him sjoen hie, dikerjend eins, fielde hy him dêr sels stean. Ek hy fielde it gewicht fan it boekje, en de swierte fan it
| |
| |
potlead yn syn hannen. Hy fielde eangst en meilijen, tagelyk, benammen dat lêste mei De Oedsk. Hy fûn it ek yslik, omdat De Oedsk folslein bewegingleas dêr stie, hast as in etalaazjepop foar de klasse kwakt. Ynstee fan klean liet hy yn dit stik fan saken in potlead en in boekje sjen. De earste kear dat hy yn de haadstêd sokke poppen sjoen hie, wie er him hast dea skrokken. Se lieken echt, mar se ferweegden en sykhellen net.
Fan de dei ôf dat De Oedsk op skoalle sitten hie wie der eins neat bard. Hy koe net lêze, en dus ek net skriuwe. Rekkenje oant tsien gong wol wat, mar wat al it oare oanbelange wie er net by steat eat te folgjen. Yn 't begjin besocht de master der wat oan te dwaan, mar dat mislearre al ridlik gau. De man hie 't al drok genôch mei trije klassen yn ien lokaal. En boppedat, De Oedsk soe dochs wer ôfsette.
Nei in pear moanne fierde De Oedsk noch mar twa hannelingen út: hy tekene, en hy tekene letters oer út de skriuwmetoade of út it lêsboekje. Oeren efterelkoar skriuwde er feilen fol letters, dêr't er tittel noch jota fan begreep. Hy produsearre skriften en skriften fol mei deselde ferhalen. Moarns wie er oan 't skriuwen, middeis oan 't tekenjen. Dy tekenprodukten bestiene út it neitekenjen fan allegearre bisten yn in iepen flakte. Meastens ferskynde der yn de lofter boppehoeke in grutte sinne, of in moanne, want de loft wie altiten swart of donkerblau. Sa út en troch tekene hy oan de rjocherkant in keale beam mei twa of trije takken dêr't in deade roek oan in toutsje nei ûnderen hong. Dat wiene de fariaasjes.
En no stie er dan troch hokfoar oarsaak ek foar de klasse yn in wite rûnte, mei nei foaren stutsen hannen, en folslein stil. Op befel, want it boadskip hie lûd troch it lokaal klonken. Noch nea hie er soks meimakke. It like gjin echte straf, en dochs waard it sa wol bedoeld. Miskien eat wat dertuskenyn hong. De Oedsk like sa'n mantsje op 'e merke dêr't men op sjitte koe, en dy't nei in foltreffer begûn te sjongen. Hy rydboske, want hy fielde syn spieren gearbaljen at er him yntocht dat er dêr sels stie.
Ynienen hearde er in djippe sucht, de mûle fan De Oedsk foel iepen, en op itselde stuit foelen èn it potlead èn it lêsboek deun foar syn fuotten op 'e flier. It wie deastil, en hy seach dat De Oedsk stadich syn mûle wer ticht die. Doe knipere er efkes mei syn eagen, en besocht in tel troch de knibbels te sakjen. Mar in beesteftige gjalp fan de master hâlde dat tsjin, sadat De Oedsk rimpen omheech skeat. Yn deselde pilaarsitewaasje as in pear tellen dêrfoar. Yn de eagen fan De Oedsk seach er de eangst, de wanhoop ek. Syn mûle luts wat hin en wer, as woe er in mich ferjaaie, sa 't de hynders dat mei in trilling fan de hûd dwaan koene. Hast net te merkbiten.
Yntusken wie de master efter syn tafel weikommen, en die in pear stap- | |
| |
pen yn de rjochting fan De Oedsk. Hy wiisde mei syn kaartstôk op it potlead en it lêsboek. De Oedsk besocht wer troch de knibbels te gean, mar in twadde gjalp fan de master brocht him oppenij werom nei in pilaarstân, mei ien grut ferskil, want no hongen syn earmen en syn hannen as deade fisken by syn liif del nei ûnderen. Slop en sûnder libben.
De master liet syn eagen oer de klasse gean, en elkenien dûkte op syn boek of op syn skrift. De stilte wie te snijen, dêr't it sykheljen fan de bern hast op in stoarm like.
Hoeden seach hy ûnder syn eachteisters wei nei de twa foar de klasse. De Oedsk stie noch altiten as in stânbyld, syn eagen liken sels ferstjurre, en hy fielde fêst wol de bywêzichheid fan de stôk dy't stadich omheech kaam. De master tikke tsjin de earm fan De Oedsk, en as in skot út de loop fan in gewear hearden se allegearre it wurd ‘strekke’. Lykas by de gimmestyk. Skerp en ûnmeilydsum. Hy fielde de siken yn syn kiel, op syn foarholle ferskynden lytse dripkes swit. Syn mage luts byelkoar. Der barden ferskriklike dingen.
Daalk nei it skerp útsprutsen wurd skeaten de beide earmen fan De Oedsk as in pylk de loft yn, letter nei foaren sa 't ledepoppen dat koene at men mar oan it krekte toutsje luts. De stôk fan de master knalde op de houten flier, en hy hearde syn eigen namme troch de klasse galmjen. Ferstive skeat ek hy omheech, en seach de master lyk yn it gesicht, omdat hy hoe dan ek net yn 'e rekken hie wat er fout dien hie. Soe de master miskien sjoen ha dat er al in hiel skoft nei De Oedsk siet te dikerjen, en dat hy oant no ta noch neat dien hie? Hy wifele, oant hy te hearen krige dat er nei foaren komme moast. In bytsje rydboskjend gong hy njonken syn bank stean.
Stroffeljend, heal fallend en wer omheech stuiterjend stie hy efkes letter ek foar de klasse. Rjochts fan him stie De Oedsk, en lofts de master. De stok like wol yn 'e flier plante te wêzen. Biologearre bleau er der nei sjen, want hy doarde de oare twa net oan te sjen. Boppedat rûkte er oan de kant fan De Oedsk in sterke lucht fan stront en miich. Hy kokhalze der sawat fan, oant hy seach dat de stôk begûn te ferwegen, en boppe it boek hingjen bleau.
Syn eagen gliden fan de stôk nei de master dy't dat ynstrumint yn syn hân hâlde. Unferweechlik en mei knikkende knibbels. De master wiisde mei syn holle yn de rjochting fan it boek, en hy begreep dat hy der wat mei dwaan moast. Hy bûgde him, en naam it yn syn hannen. De stôk kaam deun foar syn noas omheech, sadat hy út foarsoarch mar in stapke werom die. Hy seach dat de stôk nei de hân fan De Oedsk ferhuze, dy hân in tik joech, sadat syselde hân as in robot him plat nei foaren útsprate.
| |
| |
En noch hyltiten waard der gjin wurd sein. De stank fan de stront en de miich benaam him hast de siken, hy koe amper syn mage yn it gareel hâlde.
Hy wifele, mar lei op 't lêst dochs it boek op de platte freegjende hân fan De Oedsk, seach him in tel lyk yn syn gesicht en skrok ôfgryslik fan de bange eagen. In twadde kear doarde er net te sjen. En oppenij kaam de stôk op syn netflues. Stadich daalde dy stôk wer nei de flier, en wiisde nei it potlead. Hy begreep it skoan, en foar de twadde kear bûgde hy nei de flier, en naam it ôffretten stompke hout tusken syn fingers. Ek de oare hân fan De Oedsk stie al spraat nei foaren, in soarte fan refleks wierskynlik, sadat hy it eintsje potlead der daalk op lizze koe. Dêrnei die er in stap tebek. Oer syn holle hinne skode de stôk nei efteren en wiisde op syn bank yn it lokaal. Hy begreep dat er werom gean koe nei syn plak. Hy wachte in pear tellen, want hy koe him amper losmeitsje fan de hannen fan De Oedsk.
Eefkes letter rûn er achterstebek tusken de rigels banken troch nei syn eigen sitplak. Hy hâlde syn eagen stiif rjochte op de beide hannen fan De Oedsk, en tagelyk op de stôk dy't noch yn 'e loft hong.
Hy fielde in grutte grime, ek eangst, mar begreep der yn wêzen gjin grevel fan. Stil glide er yn syn bank, pakte syn pinne yn syn hân, dy't hast automatysk op 'e platte oare hân lei. Sa bleau er efkes sitten en seach nei syn eigen hân. Hy besocht him stil te hâlden boppe de tafel. De pinne waard linkendewei swierder en swierder, oant hy wer yn de wurklikheid werom kaam. It wie hast net fol te hâlden.
De Oedsk stie noch altiten, of oppenij, mei syn beide hannen foar syn liif útspraat, yn de wite sirkel. De stilte en de spanning wiene te snijen, elkenien fielde it, want oeral kamen de koppen efter de boeken wei omheech. Nimmen wurke echt, elkenien die mar wat foar de poerlegrap, sels de master, dy't wer foar syn tafel siet, seach wat stom foar him del op in leech blêd. De stôk stie njonken de tafel, tsjin de foarste bank.
Elkenien wachte op wat dêr't gjin mins fan foarsizze koe wat it wêze soe. Hy fielde himsels oppenij yn it plak fan De Oedsk. Syn spieren fielden hurd oan, en begûnen sear te dwaan. Ek syn sykheljen stûke sa út en troch. Fan de spanning, fan de sfear. En iderkear wer seach er de eagen fan De Oedsk dy't allinne mar seagen, en eins hertstochtlik fregen nei de reden fan it stean, en de reden fan dy hannen.
Neat hie hy dwaan kinnen, of doare te dwaan. Hy fielde sels de pine yn syn earen, en moast se iderkear tichtknipe. Se fielden droech en skrinend, krekt oft alle focht ferdwûn wie. Ek syn kiel en tonge en lippen fielden oan as útdroege appels. En hyltiten ferskynde dêr oppenij dy
| |
| |
kaartstôk foar syn eagen dy't de earm en de han fan De Oedsk oanrekken, skerp en fûl. In kûgel hie net mear effekt hawwe kinnen. It plafond like nei ûnderen te sakjen, stadichoan, milimeter nei milimeter.
Foarsichtich seach hy wer nei de foarkant fan it lokaal, en bespeurde dat hast elkenien iepen en bleat siet te sjen. Hy skrok him hast dea, want De Oedsk makke tige frjemde bewegingen, wylst dat folslein ferbean wie troch de master. Syn earmen sakken soms samar nei ûnderen, heel stjitterich en harkerich, en f'ral folslein ûnkontrolearre.
Ut alle macht besocht hy se dan wer omheech te krijen, mar ek dat gong heel spastysk en skokkerich. De iene earm skeat hast troch oant syn holle. Hy murk dat De Oedsk noch mar amper syn fingers om de sydkanten fan it boek hâlde koe. Dêrnei sakke de earm wer stadich wat nei ûnderen. En yntusken ferweegde ek de oare earm mei de hân nei boppen. It ôffretten stompke potlead fleach út de hân in pear meter nei foaren. It like oft it efkes hingjen bleau yn de loft, mar op itselde stuit klapte it as in swiere stien op 'e flier. It gelûd wie alderheislikst.
It liif fan De Oedsk trille sa 't in beam yn de hurde stoarm hin en wer skommele. De Oedsk ferwachte fansels nei de klap mei it potlead wer in skerpe tik mei de stôk. Mar dy stôk bleau wûnderbaarlik genôch tsjin de tafel stean. De master ferweegde net, en tekene mei syn pinne figuerkes op it buroblêd, sa 't er wol mear die at er wat ôfwêzich wie. Miskien hie er wol neat murken, mar dat koe men hast net leauwe, omdat de klap fan it ôffretten stikje potlead de earen sûzje litten hie. De twifel waard hjirtroch noch grutter, ek by De Oedsk, want dy seach efkes nei rjochts om te sjen at der ek in oanfal kaam.
Ek de master seach op itselde eagenblik, harren eagen moasten elkoar wol in fraksje fan in tel moete hawwe. De Oedsk skrok sichtber, want hy luts syn holle daalk werom. Dy skeat in pear sintimeter troch nei de lofterkant, en dêrnei foel de holle wer werom yn de leadrjochte hâlding neffens it boerd. De master bleau sjen, mar sei en die neat. Hy seach allinne mar, nei it byld dat De Oedsk foarstelde. Mei syn pinne begûn hy op de tafel te tikjen. It hie wol wat fan it ôftellen fan in raket, op it oanjaan fan de maat fan in opera. Foar wat no krekt waard fansels net alhiel dúdlik.
It like tafal, mar tagelyk mei it tikjen fan de pinne begûn De Oedsk om sa ta sizzen op de maat fan dat gelûd fan de tafel en de pinne stadich hin en wer te ferwegen. Fan lofts nei rjochts, soms sels fan foar nei efteren. De master paste him oan mei syn pinne, want it tikjen krige in kadâns fan hurd nei stadich, en omkeard.
By it sjen fan dy bewegings, en it hearen fan it ynkringende lûd fleach him it bloed nei de wangen. Hy koe it net tsjinhâlde, en in flechtige ea- | |
| |
chopslag nei in pear klasgenoaten learde him dat der mear wiene dy't senuweftich en út 'e rifels rekken. Hy fielde in spannende eangst, ek meilijen oant yn it djipste fan syn ieren en sinen. Syn mûle en kiel liken no wol hielendal ferskrompele, sa droech fielden se oan. Hy moast tinke oan de pear kearen dat hy der by wie dat in tsjûke beam omhelle waard. Ek dy begûn op deselde wize hin en wer te skommeljen, ek dy drige iderkear oer syn side te fallen, mar gong op it lêste eagenblik dan dochs wer stean. Meastens op it nipperke.
It lichem fan De Oedsk skommele wat langer wat mear nei bûten. Syn gesicht kleure sa njonkelytsen fjoerread, syn eagen liken út de fierte wei op dy fan in beest dat him fêst mangele hie yn in strûp of yn it stikeltried, sa 't hy dat in pear kear yn de greiden sjoen hie. It sykheljen fan De Oedsk gong mei hoarten en stjitten. Hy woe raze, mar de wurden klonken allinne mar yn in droege resonâns yn syn eigen earen en holle. Neat kaam der nei bûten, hoewol 't hy syn mûle wiid iepen hie. It swit kobbe op syn foarholle. Mei ferbjustering seach er dat De Oedsk wat langer wat mear gruttere en bredere rûnten om syn eigen middelpunt makke. De mûle fan De Oedsk beweegde sa't in fisk syn kaken opelkoar klapte at er út it wetter helle waard, en mei de heak yn 'e bek op it gers lei. Syn eagen draaiden ysbaarlik hin en wer, se pûlen in ein nei bûten. De tonge skeat tusken de tosken troch nei foaren. Op dat eagenblik hearde hy in net werom te kennen skreau troch it lokaal snijen, en daalk dêrnei in doffe droan. Yn syn lêste rûntsjemeallen wie De Oedsk yn ien kear tsjin de grûn slein, deun foar de fuotten fan de master. Hy lei as in sek moal tsjin de flier, as in deasketten ko yn de slachterij.
Efkes bleau it noch deastil yn de klasse, de klap galme noch nei tusken de muorren en de souder. Elkenien moast sels wol de hurdheid fan de flier yn syn eigen liif fiele. Nei in pear tellen begûn in tal bern te razen, te wizen en op 'e trimen fan de banken te stampen. Guon gongen stean yn harren bank om it allegearre better te sjen. Der klonk in ferskriklik lawaai, dat weromkeatst waard troch de muorren en f'ral troch de finsters.
Ynienen gong de master stean en sloech foar de twadde kear dy dei mei de stôk plat op de tafel. Syn mûle foarme klanken dy't net te ferstean wiene, mar it makke wol sa folle yndruk dat elkenien sitten gong en yn himen harsels weikroep. Ek hy gong wer sitten, en fielde oppenij syn mage, mar gelokkich koe er it kotsen tsjinhâlde.
Noch iderkear seach er de hin en wer skommeljende De Oedsk foar syn eagen bewegen. Yn in waas stapte er út syn bank, en rûn nei de doar. Allinne de kruk fan dy doar koe er werom, fierder ferdwûn alles yn datselde waas. Syn earen wurken net mear, dêr bûnze allinne mar it slaan fan syn
| |
| |
hert. En in pear tellen letter stie er op de tegels fan it skoalplein, efkes allinne, en doe kamen de oaren ek al. Hy hearde in bult geraas, dat mongen waard mei de lêste gjalp fan De Oedsk, en mei de doffe droan op 'e flier.
Foar syn gefoel duorre it skoft oeren en oeren. Alles draaide foar syn gefoel hin en wer, de huzen, de beammen, de minsken ek. Oer De Oedsk waard mei gjin wurd praat, hoewol 't elkenien oan elkenien ferhalen troch joech. Mar de namme De Oedsk foel net. Frjemdernôch.
Nei de lange pauze waarden de lessen ferfette as wie der neat bard. Op de flier stiene noch wat krytstreken, yn in heale rûnte. In part fan de houten flier wie noch fierhinne wiet. Op it boerd stie yn grutte koweletters in namme dy't se allegearre koene: houten Jezus. De master die oft syn noas blette, en hy fan neat wat wist.
Hy begreep net dat de measten yn 'e klasse wurken krekt oft der hielendal gjin sprake west hie fan in hin en wer swaaiende en razende De Oedsk. Neffens him soe De Oedsk no wol dea wêze, mar gjin mins fertelde wat, gjin ien kaam werom op datjinge wat niiskrekt bard wie. En syn mûle fielde noch hyltieten droech en branderich. Doe't de master njonken him stean gong, en frege wêromt hy eins noch neat dien hie, sloech syn hert in pear kear dûbel fan skrik. Hy seach himsels al yn dat heale krytrûntsje stean, foar it boerd, yn it oangesicht fan dy hele moardsuchtige kliber. Hy seach de master oan ûnder syn wynbrauwen, freegjend, in bytsje beskuldigjend ek. Dy rûn doe hommels fuort, en sei fierder gjin wurd. Hy frege him ôf wat der barre soe, en sette him al skrep, mei in bûnzjend hert. Mar de master fage de wurden fan it boerd, fierder neat.
Dy jûns, yn syn bêd, kroep er heel ticht ynelkoar, hast tusken de twa kessens. Syn fuotten fielden kâld, en ek syn hannen strielen net sa'n bult waarmte út. Hieltyd ferskynden oppenij de bylden fan de swypkjende De Oedsk, de gjalp út syn holle doe't hy op 't lêst omfoel hammere troch syn eigen kop, en kaam as in echo ûnderskate kearen werom. It lokaal feroare yn in betonnen oerkapping mei stiennen pilaren oan de sydkanten. En dêrtusken lei it hiele djippe swimbad dat folle waard, elke wike oppenij, mei de tontsjes mei stront út de huzen fan de doarpen rûnom. Fier yn 't rûn, in heale sirkel om it strontswimbad hinne, riisde en daalde in lege flakte fan keale greiden en platriden ekerlannen. Sa út en troch markearre in keale beam de hoarizon. Dat byld, f'ral dy leechte.
Heel fier yn de fierte kaam in lange optocht stadich tichteby. Hy koe him ferskûlje efter ien fan de betonnen pilaren. Tige hoeden besocht hy yn lykwicht te bliuwen op de râne fan it swimbad. Under him boarrele en rikke it fûleindich, de stank wie hast ûnferdraachlik. It wie de earste kear dat hy sa ticht oan de râne fan de dwinger stie, dat hy sa ticht by de mar fan stront en smoargens ferkearde.
| |
| |
Hy wie fernuvere oer himsels, want yn 't ginneraal koe men de swierste straffen ferwachtsje at men yn de omkriten fan it swimbad kaam. En dochs stie hy dêre no, hielendal allinnich, wylst er him fêsthâlde oan in pear izeren heakken yn de pilaar. It draaide him yn de holle, mar hy bleau dochs fêst op 'e skonken stean. Allinne de betonnen geharnaste pilaar ferweegde sa 't De Oedsk hin en wer swaaid hie. Miskien waard it feroarsake troch de traach dynjende en baarjende kliber stront dêrûnder him, dy't neffens de ferhalen wol in tsien meter djip gong. Der soene demoanen, duvels en benammen ratten yn húsmanje. Der wiene al heel wat lju stikken op rûn, gewoan fersopen as jonge katten, en pas jierren letter waarden se wer werom fûn. Faak barde it dat se as bern drige waarden mei dy oarde, ek al omdat men yn 't lêst fan de oarloch dêr in tal Dútsers yn fersopen hie. De fersetsminsken fan de lêste dagen hiene dêrmei har fersetskrúske fertsjinne. Dat waard der sein, dat seach hy ek foar syn eagen barren, dat seach hy hiel skerp ferskinen. Unifoarmen en skedels, en de rôvers dy't in goud brûke koene:
Vosnesenski schreef dat de grafschennis begon in 1984, nadat inwoners van Simferopol twee jaar hadden gezocht naar de juiste lokatie van het massagraf. Toen ze het eenmaal gevonden hadden, naast een verkeersweg op tien kilometer van de stad, begonnen ze lichamen uit te graven en die te beroven van gouden tanden en nog aanwezige sieraden. De 12.000 mensen - dorpelingen uit de buurt - waren in december 1941 vermoord.
‘We zagen twee vers gegraven kuilen met daarnaast hopen beenderen, rottende kleding en zwarte schedels. Duidelijk was te zien hoe met tangen gouden kronen waren weggebroken. Het was geen film, of herinneringen van getuigen, of een vreselijke droom, het lag hier, voor onze ogen... Delen van een schedel die door iemand was opengebroken. Hier twee schedels van kinderen, kleine kinderen. Daar de schoen van een vrouw. En, o mijn god, iemands haar... In de buurt vonden we een verborgen schop, hetgeen erop duidde dat ze (de gravers) de volgende dag terug zouden komen.’
(N.R.C. 5-8-'86.)
Lyk foar him kaam in kolossale stienmassa omheech dy't bestie út grutte stikken granyt mei dêr boppe wite stientsjes en lange reade spilen. Oan de lofterkant groeide de stienklomp út de lege gersekers omheech, en rjochts rûn hy troch tusken de twa pilaren yn de stjonkende en boarreljende blubber. Tusken de slanke spilen, dy't fier yn de himel rikten, gloaide in heechflakte yn de wolken. Hielendal op 'e eftergrûn, op it rjochterhoek- | |
| |
je, stie de toer fan in soarte fan kastiel. De trâns glom yn it ljocht fan de sinne. In útwrydske flagge hong fan dy trâns nei ûnderen. De kleuren kamen net dúdlik nei foaren mar hy telde wol in sântal banen. Op in lytse ferheging - de oergong tusken it beton en de blubber - wie in lyts sânstrantsje oanlein, dêr't trije rûne foarmen fan stien leine. Se wiene begroeid mei mos en seewier. Foar him, yn it ferlingde fan de pilaar dêr't er oan fêst klonken wie, siet de figuer fan in man, op syn knibbels. De ôfsakke broek foel yn tearen yn it gers. De earmen liken by de skouderblêden ôfseage, wat hy begreep út it feit dat de seage fêstrûn wie yn de hals fan de man. Ek de earen leine yn it gers, njonken syn earmen, sadat der grutte gatten oan de sydkanten fan de pareftige holle te sjen wiene. Ut elk eargat stuts in iisparasolflachje, dy't wolfêst tsjinst diene as surrogaat foar de echte earen. Hy koe syn eagen hast net leauwe.
Om syn plasse spande in smelle metalen bân dy't de grins foarme tusken de harsens dêrboppe en it gesicht dêrûnder. Boppe de fûlglinsterjende rûne bân húsmannen de tsjispeljende foarmen fan de harsens. It boppestik fan de plasse ûntbruts. In âldroek hie him sels fêstsetten oan de sydkant fan de holle, hy pikte sa út en troch yn de wrimeljende klomp fleis. It bloed spatte heech.
It earste oansjoch fan it boarst en it liif fan de man joech itselde byld. Ek hjir wiene wierskynlik mei in skerp knyft de hûd en de ribben fan ûnderen nei boppen fuortsnijd, sadat de ynhâld fan it lichem iepen en bleat besjoen wurde koe. De útstalling fan longen, it hert, de lever, de mage, de nieren en de termen koe elk mar fan genietsje. In tige modern keunstwurk. Hielendal ûnderoan skoarren de twa siedballen de omheechsteande pyst. Lykas in fontein spuite hy wetter oer de yngewanten, wat op himsels tige goed like want de sinne skynde fûl en sûnder meilijen mei iepensnijde lju. Wat ôfkuolling wie fêst wol nedich.
De iennige beweging wie it pystwetter, dat ek wat boarreljende lûden joech. Fierder wie it stil, ôfgryslik stil, en bewegingleas. Utsein de optocht dy't yn 'e fierte langsum tichteby kaam. Hiel stadich waarden de figueren grutter. Njonken him hearde er ynienen ek wat boarreljen en siizjen. Hy doarde net rjocht te sjen, omdat it gefaar fan de magnetyske krêft altiten meispile. Hy knypte syn fingers stiif om de izeren heakken en weage it en seach nei lofts. De blubberige klyk ferweegde út en troch ferheftich hin en wer, sadat it like oft der fier ûnder him tige fochten waard. Hy fielde kâlde grillen by syn fuotten omheech krûpen, ek stank en frjemde lûden kamen yn syn noas en earen.
Nei in fûleindich boarreljen spjalte de blubber en seach hy dizich in lichem omheech kommen. Noch in lytse trilling, en dêr dreau yndied it li- | |
| |
chem fan in frou. Fluch seach er efkes nei de man, en ek dy hie syn eagen op de frou rjochte, like it, want yn wêzen ljochten dy eagen alle kanten út. De pyst fan de man draaide wat nei foaren, en de wetterstriel berikte krekt de râne fan it swimbad. Miskien besocht hy har yntuïtyf te hoedzjen foar de fûle strielen fan de sinne.
De frou lei yntusken foar trijekwart boppe de blubber, mar der bestie in grut ferskil mei de man omdat se hielendal net skeind wie. Har lichem like folslein geef. Se lei op 'e rêch. Har heale holle oant de noas ta stuts noch yn de dridze. Ek har earmen en ien skonk wiene noch net te sjen. Har holle bliek lykas dy fan de man pears kleure. Hy koe har net, en hy frege him ôf hoe't se dêre fersyld rekke wie. Wol pasten se beide op dizze wize tatakele yn dat byld fan ôffal en ferdjêr, mar dat lêste koe hjir natuerlik en fanselssprekkend neamd wurde, wylst de twa minsken dochs in bytsje dissonearren yn de ôfgryslike blabber, omdat sy foar in grut part noch jong en geef liken. Yn elk gefal noch net útrotte wiene en stonken as kadavers.
De staasje út de fierte wie sa njonkelytsen tichteby kommen. Hy hearde in dof roffeljen op de trommels, en seach âldere en jongere doarpsgenoaten njonkenelkoar rinnen, mânlju en froulju, bern en ek noch ûnderskate húisdieren. In tsiental minsken, ja sels trije groepen fan tsien, droegen elk in houten barte. Op dy barte siet immen ferankere. Hy koe noch net dúdlik sjen wa 't dy fêstankere lju foarstelden, omdat se alle trije in swarte lape stof oer de holle droegen. It liken sa út 'e fierte bylden dy't noch ûntbleate wurde moasten, en dêr't de touwen, dy't alles byelkoar hâlden, wierskynlik op in teken fan trochsnijd wurde soene.
Hy draaide wat mear nei lofts efter de betonnen pilaar, sadat hy net sjoen wurde koe troch de lju yn de optocht. En no seach er ek in lytse barte, dy't hy yn 't begjin oer de holle sjoen hie. Dêrop siet in swarte kat fêstbûn. Allinne syn sturt beweegde, syn poaten moasten wol fêstklonken wêze oan it hout fan de barte. De staasje kaam tichteby de wite en grize stienkolos, de trommels klonken doffer en doffer, en it ritme fan de tromslaggers krige in stadiger tempo. Efter yn de optocht - hy krige it no krekt yn 'e rekken - skoden in tal minsken in holle lege kabeltonne fan sa likernôch in meter yn trochsneed en mei in hichte fan sa'n oardel meter foar harren út. Dy tonne foarme in soarte fan folchauto dy't de staasje ôfsleat.
Foar de iepensnijde man mei de nijsgjirrige tentoanstelling fan syn yngewanten bleauwen se stil stean. Op in befel fan ien fan de minsken dy't de barte mei de kat op 'e skouders meitôgen ferhegen de trommelslaggers it tempo fan harren slaan op de fellen. Hy koe it folksliet werom dat by spesjale en wichtige barrens spile en songen waard. De lichte en de swiere
| |
| |
trommels foarmen in tipelsinnich homogeen lykwicht. Swiere roffels waarden ôfwiksele troch hele lichte op de lytse trommeltsjes. De minsken stiene deastil, en hiene by it begjin fan it liet de petten ende huodden yn harren frije hân nommen. Se skommelen foar de pânsen.
Hy seach de rustige en ferware gesichten fan de manlju en de froulju. Harren eagen seagen sûnder útdrukking nei de efterkant fan de iepensnijde man. Guon dy't wat langer wiene fêstigen harren eachopslach op de driuwende foar trijekwart sichtbere frou yn it swimbad foar stront en ôffal.
Hy fielde de driging dy't yn 'e loft hong, wat troch de trommels in ekstra diminsje krige. It bassin boarrele en dampte krekt as réagearre it op de bonkjende roffels fan de grutte trommel.
Ynienen stapten trije manlju út de optocht en rûnen nei it byld op de lêste barte. Se tilden it byld omheech en setten it njonken de man mei de bleate harsens en de iepensnijde foarkant. Ek de twa oare bylden ferhuzen fan de draachberjes nei harren lotgenoat.
Oan beide kanten fan de man stie no in byld, wylst de tredde figuer foar him del set wie. Syn pyst like yntusken wer in heal slach draaid, want it fonteintsje bewettere wer syn yngewanten. It folksliet wie ôfrûn en de omstanners groepearren har yn ûnderskate rûnten om de trije bylden en de man hinne. De fêstspikere kat waard mei barte en al deun foar de knibbels fan de iepenlizzende figuer setten.
It bliek in platte tafel te wêzen, want de poaten ûnder de barte waarden nei bûten útklapt, sadat der in soarte fan oansettaffeltsje ûntstie. En noch hyltiten waard der gjin wurd sein, der hearske in hast serene stilte, útsein de bylden dy't wol wat oars oanjoegen. Hy klammere him noch fêster oan de betonnen pilaar, en hy hope mar dat se him net merkbite soene, syn sykheljen net hearden, want dat like hast in heale stoarm. Yn syn eigen earen, yn syn holle.
Op in wink fan ien fan de manlju dy't by it taffeltsje mei de fêstankere kat siet kamen twa froulju en in man nei foaren rinnen. Noch hyltiten koe er net ien by namme oanwize foar himsels, en op dat stuit begreep hy dat it ek net sa ferwûnderlik west hie, omdat elkenien syn of har gesicht ferburgen hie mei in swart masker. Oan de ferskiningsfoarmen yn harren totaliteit miende hy dochs guon werom te kennen, mar echt útslútsel dêroer krige hy eins net. It bleau te dizenich en te ûnwerkenber allegearre.
De twa froulju en de man rûnen nei de trije bylden. Se begûnen dêrmei de knopen út de touwen te heljen, en dêrnei draaiden se dizze touwen los fan de blyndoekte figueren. Foar de twadde kear seach hy dat de hân fan de man njonken de kat omheech gong. De grutte trommel joech in roffel,
| |
| |
en op itselde stuit waarden de trije bylden ûntbleate. De swarte lekkens ferdwûnen stadich nei de sydkant, oant se yn it gers foelen. Hy skrok, want de figueren efter de lekkens blieken gjin maskers op harren gesicht te hawwen. It wiene trije bekinden út it doarp.
Oan de sydkanten fan de iepensnijde man wurde hy De Oedsk en De Gaats, ien fan de NSB-ers, gewaar. It foarste byld bliek ien fan de Yndonesyske froulju te wêzen. Alle trije wiene fêstbûn op in platte lytse stoel, harren earmen en hannen koene se net ferwege. Se sieten sa op de stoel dat harren gesicht nei de iepentearde man takeard wie. Se sykhellen allegearre mei hoarten en stoaten, de gesichten stiene sa wyt as in lyk tusken al dy oare swarte maskerhollen. Fan De Gaats wie ien each tichtslein, want om it each hinne sieten bûksidige plakken dy't blau en grien útsloegen.
Hy rydboske, want de stilte en it oansjen fan de finzenen foarseine net folle goeds. Hy moast tinke oan de rituelen fan it grutte ôfslachtsjen yn de ûnderskate krigen, dy't hy allinne mar fan tekeningen koe, mar hast net ta libben kamen op it wite papier. Dit wie wol efkes wat oars, hjir stie er libben by.
Nei 't se de bylden ûntbleate hiene gongen de twa froulju en de man wer tusken de oaren sitten. De grutte trom hie syn rollel ôfsletten. Hy hearde allinne noch mar syn eigen sykheljen en it boarreljen yn it bassin ûnder him. Ek dat fermindere stadichoan. Hy rûkte deselde stank lykas hy dat die wylst er it boek en it ôffretten stik potlead werom lein hie yn de útsprate hannen fan De Oedsk. Ek no kaam de kots him hast de strôt út. Mei ham en gram fersette hy him tsjin it kokhalzjen.
De foarfallen ferrûnen no fluch neielkoar. Ien fan de manlju dy't njonken it taffeltsje mei de kat siet - de kat siet yndied op it blêd fêstspikere as in hjoeddeiske jezus - draaide de pyst fan de iepensnijde man in heale slach nei foaren en twong de kat dat ding yn syn bek te nimmen. Op itselde stuit begûnen in pear lytse trommels lûd te jaan. De kat kokhalze wat, mar moast dan dochs wol slokke, omdat it wetter fansels trochsipele. Rjocht ûnder it each fan de Yndonesyske begûn de kat stadichoan út te setten. En hoewol't hy tsjinaksele koe er fansels gjin kant út mei syn spikerpoaten. Boppedat wiene de twa manlju dy't him fêsthâlden fierste grut. Allinne de sturt fan de kat swypke ysbaarlik hin en wer.
Nei in skoftke stoppen se de ynjeksje en lieten de kat los. Dizze besocht út alle macht syn poaten los te wrikken, foel heal nei lofts en dan wer nei de rjochterkant, mar koe him fansels hast net ferwege. Sa út en troch kaam der in bats wetter út syn bek. Noch mar ien trommel begelate de bewegingen fan de kat. De minsken sieten as ferstjurre nei it tafriel te sjen.
| |
| |
Ek de trije krekt ûntbleate bylden liken ferstuivere, ferweegden soms harren lippen en eagen, mar lieten fierder gjin teken fan libben of emoasje sjen. Se woene fansels net opfalle.
Ek hysels stie hast emoasjeleas te sjen, hoewol 't it him binnenyn hast iiskâld om it hert fielde. Mar it kâlde gefoel bleau oan de binnenkant en ferpleatste him net mear nei de bûtenkant fan syn liif en lidden. Hy klamme himsels noch wat fêster oan de betonnen peal mei de izeren bouten. Dy snijden him hast troch de hannen, syn knokkels fan de fingers begûnen wyt út te slaan, it bloed hâlde op mei streamen.
Nei in setsje, miskien in tsien menuten, mar it koe ek wol langer of koarter west hawwe, want hy wie yntusken alle begryp oer tiid kwyt, stoppe de lytse trommel. Ien fan de manlju naam in knyptange en luts de krammen dy't om de teannen fan de kat slein wiene ien foar ien los. De oare man hâlde de kat yn 'e stringen. Neidat de lêste kram loslutsen wie lieten se it beest los. De kat bleau in amerij ûnferweechlik stean, as wie er ferdôve. Hy draaide in pear kear om syn eigen as, en naam doe in geweldige sprong. Ferheard en ek ferbjustere murk er dat de kat him fêstklampe oan de yngewanten fan de iepensnijde man. Mei syn poaten klaude de kat him stadich omheech. Guon organen begûnen te lekken, mar waarden daalk wer skjinspuite troch de pystfontein. De kat klom heger en heger, en kaam op 't lêst boppe op de kop fan de man.
Hy hearde in gjalp, en seach in trilling troch it liif fan de man gean, fan boppe nei ûnder. Wetter dat útelkoar spatte nei 't in stien deryn spjalte. De man iepene syn eagen, en ek syn mûle. De kat siet boppe yn syn harsens, en klamme him stevich oan him fêst. De man begûn stadich wurden te foarmjen, want syn mûle gong iepen en ticht. Hy koe it net ferstean, omdat it in foar him ûnbekinde taal wie. Miskien wie ek syn taalfermogen troch alles wat der bard wie oant nul redusearre, want de omstanners begrepen it neffens de réaksjes tige goed.
It like wol oft de man befelen joech, want de taskôgers gongen allegearre stean en groepearren har wer yn in lange rigel, no allegearre efterinoar. De trommelspylders setten in mars yn, en in tal minsken naam De Gaats fan syn houten sokkel en brocht him nei de kabeltonne. Dêr waard hy yn setten, de deksels waarden derop skroeve, en dêrnei skoden se de tonne foarsichtich en stadich nei foaren. De tonne joech wylst er rôle in bonkjend lûd. Nei de rôljende tonne kamen de trommelspylders, en dêrnei folge de staasje fan maskere minsken.
De Oedsk en de Yndonesyske folgen de optocht mei harren eagen oant dy ferdwûn efter de sydkant fan it swimbad dy't tichtmetsele wie. Nei in pear menuten kaam de kloft oan de foarkant fan it boarreljende en siizjen- | |
| |
de swimstrontbad. Se passearren de iepensnijde man mei de kat op syn plasse, en dêrnei ferdwûnen se allegearre foar de twadde kear efter de sydkant. Dit ritueel waard lykas wenst trije kear útfierd, en hy frege him ôf wat der mei De Gaats bard wie yn syn rôljende rûne lykkiste. Itselde wie fuort nei de oarloch bard mei ferrieders en ferriedsters. Meastentiids kamen se derút mei brutsen earmen en skonken, guon wiene nei ôfrin op stjerren nei dea.
It swit bruts him út, want hy krige lang om let yn 'e rekken wat se fan doel wiene. Ek De Oedsk en de Yndonesyske fielden it ûnheil, want se jankten beide sêft en piipjend. De tonne stie oan de koarte foarside fan it bassin, noch ôfsletten, mar de bedoeling lei foar de hân. Hy draaide wat mear nei de sydkant fan de pilaar, want se mochten him perfoarst net yn 'e smizen krije. Hy soe sûnder meilijen as haadtsjûge ôfmakke wurde. Hy doarde hast net mear te sjen.
De trommels begûnen foar de tredde kear it folksliet te slaan. De hollen waarden oppenij ûntbleate, de deksels fan de tonne skroefd. De Gaats waard sichtber yn in ûnmooglike posysje. Libben of dea, it wie net út te meitsjen.
Hy stie op syn skonken te triljen, en koe him amper noch fêsthâlde op de smelle richel fan it swimbad. De Gaats waard út de tonne helle en op in trije meter fan de râne setten. Hy like hielendal ferhavene en ferbûde. Twa lju moasten him fêsthâlde, want it gefaar wankte iderkear dat er omfalle soe. Hy wie troch it rôljen syn lykwicht en oriëntaasjefermogen wierskynlik hielendal kwyt rekke. Hy toppe as in dronken skoaier hin en wer, fan lofts nei rjochts, en fan foaren nei efteren. Hy wist fêst net mear yn hokker sitewaasje hy belâne wie, en wat der eins om him hinne barde. It skom stie him op 'e mûle, wyt en readeftich.
De trommels fierden it tempo en it lûd omheech, de iepensnijde man wie net mear te hearen, en miskien spruts er al lang net mear. De man en de frou dy't De Gaats skoarren lieten him nei in setsje los. Hy bleau stean, mar draaide noch altiten wezenleas as in top yn 't rûn. De kliber minsken efter him kaam stadich nei foaren. De earsten berikten him, rekken him oan, sadat hy in stap nei foaren dwaan moast. Hy seach wyld om him hinne, fan lofts nei rjochts, en moast iderkear tichter nei de râne fan it swimbad skowe, omdat de romte efter him lytser en lytser waard. Der bestie gjin oare mooglikheid. It bassin ferweegde wat langer wat mear, ek it siizjen en boarreljen groeide ta grutte hichten. It like wol oft de frou yn it swimbad dêre foar him sa njonkelytsen ta libben kaam. Se knypeage nei De Gaats.
Doe hearde er in ôfgryslike skreau, en hy seach dat De Gaats foaroer
| |
| |
yn it bassin dûkte. Hy knypte syn fingers hast kapot yn de izeren heakken. Efkes sleat alles ticht boppe De Gaats, sa't ek de loft boppe him ferstjustere waard. Ek syn eagen liken net mear te wurkjen. En op itselde stuit dat de panyk taslaan soe, spjalte de drek ûnder him en kaam de holle fan De Gaats foar in tel foar 't ljocht. De trommels droanden tsjin it dak fan it swimbad. Dêrnei sleat alles him wer. De taskôgers draaiden har om, en rûnen fuort. Hy fielde dat er ek yn it bassin weisûgd waard, wankele in tel, en tocht dat ek syn lêste oere slein hie.
In pear dagen letter krigen se de moarns foar 't de lessen begûnen de meidieling dat der wat slims bard wie. De master fertelde it droech en sûnder emoasje. De Oedsk wie ferdronken yn it gemeentlik reinigingsbassin. Hy woe nochris útdruklik warskôgje foar it gefaar fan dat oarde. Men koe dêr net boartsje, want it wie in gefaarlik plak, en strang ferbean. It stie mei grutte letters by de yngong. It wie ferdeald spitich dat De Oedsk noait lêzen leard hie. Dêr woe er it by litte, want wat moast er der eins fierder fan sizze.
Se waarden allegearre útnoege de begraffenis by te wenjen, dy middei soe in frije middei wêze. Oer wat der bard wie yn de klasse waard neat sein. Offisjeel wie De Oedsk ommers gjin learling mear fan de skoalle, want nei dy dramatyske middei wie er yn de haadstêd nei in spesjale skoalle rekke. Se seagen him net sa'n soad mear. De master boarte mei de kaartstôk yn syn hân, en tikke de maat fan it folksliet dat altiten by bysûndere barrens songen waard. Hy seach oppenij de barten, de kat en de staasje. Hy hie 't al meimakke, en luts bleek wei.
Op de dei fan de begraffenis waaide de wyn oer it stjonkpalys yn de rjochting fan it doarp, oer it tsjerkhôf. It stonk ôfgryslik. De dragers wiene maskere en droegen swarte klean. Ut harren noas en mûle sipelen de wjirmen nei bûten, it reinde fûl. De klok hie it plak ynnommen fan de trommels, it oargel spile it folksliet.
Amsterdam, Krysttiid '86.
|
|