Sjouke Schaafsma, Brief oan Trotwaer
(Byldzjend keunstner Sjouke Schaafsma is frege om wat te fertellen oei de eftergrûnen fan syn ynstallaasjes, wêfan seis ôfprinte binne yn Trotwaer)
Foar my is in ynstallaasje in keunstwurk dat makke wutdt foar de romte dêt't de eksposysje syn beslach krijt. Dy kin út alles bestean kant-en-kleare objekten, skilderijen, lûd, ALLES. Nel ôfim fan de eksposysje wurdt de ynstallaasje ôfbrutsen en libbet dan allinnich noch fierder yn it oantmken en mooglik yn de dokumintaasje. De ynstallaasje kin allinnich bestean yn 'e romte dêr't dy makke is. De ynstallaasje is dus net ferhannelber. Op syn heechst kin dy ferkocht wurde oan de eigener fan de romte, mar it idee dat in ynstallaasje tsien jiei stean bliuwt weartzget my. It tydlike sprekt my mear oan en ik fyn it dêi ek better by passen. In ynstallaasje sa no en dan opbouwe stiet my ek net oan. In skilderij makkest ek mar ien kear! Wat by myn ynstallaasjes yn inkele gelallen ferkocht wurde kin - en dat is it lêste dat ik oer de saaklike kant sizze wol - binne oerbliuwsels. Dat binne bliuwende oantinkens, dy't ek net mear binne as dat Soks kin allinnich by dy ynstallaasjes dêr't de objekten, dy de ynstallaasje foarmje, op himsels ek nijsgjrnich fan binne By de klosetrollen fan Grijze lijn wie dat net it gefal; dêi binne wy in jier lang fergees foar nei it húske west. Mal de siden flaggen fan Ode aan een landschap bliuwe moai, ek ast se sûnder de romte dêromhinne sjochst.
Ik gean te wurk lykas folget. De ideeen foar de ynstallaasjes ûntsteane fanút de dingen dy't my dwaande hâlde. Oan de iene kant binne dat ynhâldlike, libbensskôgjende saken, oan de oare kant materialen dy't ik brûke kin. Ienfâldich sem foarmje de ideeën har dêr wêr't in bepaald materiaal, op in beskate mamer biûkt, en in ynhâldhk idee byelkoar komme. Sa'n idee hat foar in part eigen ôfmjittingen en boppedat ôfinjittingen fan de romte dêi 't it útfierd wurde moat. De ôfmjitingen fan in romte, de ferhâlding tusken lingte, breedte en hichte beskrede foar my it karakter fan dy romte. In romte begjint mei syn ôfmjittingen. Dêrnei komme de materialen en de kleuren (sfear). Dy haw ik leafst sa neutraal mooglik. In ideale romte foar myn ynstallaasjes sjocht dei dêrom sa út, rjochthoekich fan foarm, egale wite muorren en in grize of wite ther en plafond. De kleuren wyt, grus en mooglik swart beskôgje ik as neutraal
By elk idee heart in romte en om de ynstallaasje útliere te kinnen moat ik de krekte romte dei foar fine. Dy bestiet eigentlik net. De romtes dy't ik útemlik brûk binne meastentiids in beneiering fan wat ik foar eagen hie. Dêr moast ik earst wat ta wenne, mar ik ha der ûnderwilens gjin muorte mear mei
De earste fjouwer ôfbylde ynstallaasjes binne fjouwer fan de alve ynstallaasjes dy't in gearhingjend en ôfiûnjend gehiel foarmje. Belangrijk en Lassig binne respektivelik in stúdzje foar en in fariaasje op ien fan de alve, nammentlik Die Weisheit dei Welt. Dy alve ideeën binne yn 1981 ûntstien en sûnt besykje ik se út te fieren. Oant no ta giet dat yn in tempo fan gemiddeld ien yn 't jier. Yn 1985 haw ik in boekje útjûn mei tekeningen fan de alve ideeën. Dy tekeningen wiene ek te sjen op de ‘Triennale’ fan 1985 yn it Fries Museum te Ljouweit
Oer de ynhâld fan de ynstallaasje sil ik koart wêze. It wurdt my mear en mear dúdlik dat de alve ynstallaasjes in begjinpunt binne, in plakbepaling foar my yn de keunst en yn de wrâld Ik haw my dwaande hâlden mei fragen as: wa bin ik, wêi kom ik wei, wêr lizze woartels, wat is belangryk foar my, hoe ûnderfyn ik de wrâld en de tnd dêr't ik yn libje Fûnemintiel by it beantwurdzjen dêrfan is in geloksgefoel, in gefoel dat ik haw as ik tryst bin mar tagelyk fol fertrouwen en goede moed, in gefoel dat ik haw as ik troch it lânskip ryd yn Fryslân en Grins, in monotoan en somber lânskip. Ik fiel my dêr goed omdat ik dêr thús bin want ik bin der yn opgroerd
Mei groetnis, Sjouke