Ik sit wer foar him op 'e stange,
fiel de stiennen, pine giet
foarby as in draaimûneliet.
Der rinne triennen oer myn wangen.
De pine, it sykjen, de weemoed, it ûnwisse, Wind jout it al oan yn 'e titel fan 'e bondel: Ut ein, begjin? of Ut, ein, de ein, it lêste? Deselde twivel dy't yn it gedicht fan Achterberg te finen is, wêrmei't Wind iepenet: ‘o âlde groede, ús âlde pine, / silsto begjinne te hieljen hjir,’ is it it begjin fan 'e genêzing, fan it weromfinen, ‘of hiter noch te skrinen,’ of wurdt de pine allinnich noch mar slimmer, lûkt de kommunikaasje troch it fers de wûnen fierder iepen.
Om in boadskip hoecht de lêzer yn Ut ein dan ek net te sykjen. Ek de mem fan 'e dichter docht soks om 'e nocht (s.30): ‘Skriuwsto noch wol ris, jonge?... Tsjûgje ris fan it nij Jeruzalem!’ Fan in nij Jeruzalem sil Wind net tsjûgje, ‘griene lânsdouwen en fredige wetters’ tsjutte foar him op ‘Beheind libben.’ Wol lit er yn 'e titels by tiden in ûnferhoalen sarkasme sjen: ‘De fertroude regelmaat’, ‘Om te laitsjen’, ‘De earlike finer’.
Wat betocht liket my de fergelyking fan dichter en fers mei ko en gers yn ‘Gers’ (s. 35). De dichter wol ferdwine yn it gedicht, om sa te bliuwen, mar wat foar betsjutting hat de ko? Stiet it bist foar de ûnmoochlikheid om te ferdwinen? Jout de dichter dus it bespotlike oan fan syn stribjen? Dúdliker en sprekkender fyn ik in fers as ‘De fertroude regelmaat’ (s. 12):
Ek dizze dei draacht my de dea
in etmel oan ta myn fergean
wy slaan inoar op frjemde skouders
Sinysk en pregnant is de wurdboarterij mei it kontrast tusken de oantinkens en de heale hin dy't ophelle wurdt.
Ferstechnysk binne de gedichten goed; se hawwe in hechte struktuer. It enjambemint wurdt funksjoneel brûkt, byg. op s. 9: