Trotwaer. Jaargang 19(1987)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 78] [p. 78] Tsjits Peanstra Eilân Wie dit it eilân wêr't wy wenje woenen - stive noardeaste wyn saaide oliven as griene pipernuten yn it hôf en tsjaskers lieten smelle seilen ynmoedich draaie tsjin in blauwe loft, der gong in pope troch it wyt bepleistre doarpke en swarte wyfkes woene yn 'e iepen doar in suchtsje koelte heine foar de nacht. Wie dit it lân wêr't wy yn wenje koenen - de geiten dy't it feale gers bepluzen de tunen wêr't noch de hybiscus bloeid' en wy dy't priuwden fan de swiete kofje beharken de musyk fan fioel en lút, in jonge breid kaam út it wyt bepleistre tsjerkje fersprong de tiid, stiene de ieuwen stil, wiene wy fûgels oan in frjemde kust. Stie Ariadne ús nei, Theseus of Minos fûnen wy wegen yn dit labyrinth of sochten wy dy net, inkeld de skjintme fan de foarbije skiednis yn in fûnemint. Der fearen fiskers nei in lytse haven wy joegen bûtendoar ús noflik del en fongen sa de lêste sinnestrielen dy't blonken yn de baai fan Mirabell'. Vorige Volgende