Trotwaer. Jaargang 19
(1987)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 75]
| |
[pagina 76]
| |
Kearpuntdo bist der inkeld
ien mear
mear net
dit is it swarte
stjerrend kâlde gat
de fal
dy't ik erchtinkend
foar myn fuotten fielde
fan it earste leavjen ôf
ik bin
de keale froast yn 'e keamer
winterwyn
wreed op 'e loer
do bist net mear
it wûnder dat my yn 'e skurte foel
in ûnfersetlik sjongen
op de boaiem fan it bestean
ik bin
de ferklaaide leauwer
dy't falske klean ôfleit
en neaken
neat mear te spyljen wit
ik bin de skôger
los fan tekst en tekens
dy't ik dy jierren
fan de lippen lêze koe
dit is foar it earst
myn tinken sûnder dy
myn leafde net
| |
[pagina 77]
| |
ik gûl dy net tichtby
net langjend, twingend
net mei fiere hannen
neat
wol ik mear fan dy
no net
mar yn e nacht
raas ik it neat
ta splinters
|
|