Trotwaer. Jaargang 19
(1987)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 53]
| |
Georg Büchner: WoyzeckI. Iepen fjild. De stêd yn 'e fierte.
Woyzeck en Andres kappe tienen yn 'e boskjes.
WOYZECK:
Ja, Andres, dy stripe dêr boppe dat gers út, dêr't de poddestuollen sa hurd oanwaakse, dêr rôlet jûns de holle. Ienkear tilde ien him in eintsje op, hy tocht, it wie in ychelbaarch: trije dagen en trije nachten lei hy yn 'e houtspuonnen. (súntsjes) Andres, dat wiene de Frijmitslers, ik bin der: de Frijmitslers. Stil!
ANDRES:
(sjongt)
Twa haskes sieten dêr,
Op it griene, griene gers,
WOYZECK:
Stil! It komt der oan! ANDRES:
Frieten keal dat griene, griene gers,
Kealôf dat griene gers.
WOYZECK:
It komt efter my, ûnder my. (stampt op 'e grûn): Hol, hearsto dat? Alles is hol dêr ûnder. De Frijmitslers!
ANDRES:
It fljocht my oan. WOYZECK:
't Is sa nuvere stil. Men soe de siken ynhâlde. Andres! ANDRES:
Watte? WOYZECK:
Sis wat! (stoarret yn 'e fierte). Andres! Wat in ljocht! Der giet in fjoer oer de himel en der komt in lûd fan bazunen op ús del. It komt hjir op ôf! - Fuort! Sjoch net achterom! (skuort Andres yn 'e boskjes)
ANDRES:
(nei in skoftke)
Woyzeck, hearst it noch? WOYZECK:
Stil, alles is stil, as wie de wrâld dea. ANDRES:
Hearst it? Se trommelje dêr binnenyn. Wy moatte fuort! | |
II. De stêd.
Marij (mei har bern foar 't finster). Margreet. De Taptoe komt foarby. De tamboer-majoar foarop.
MARIJ:
(it bern wipt op har earm):
Hee, jonkje! Sa ra ra ra! Hearst it? Se komme der oan. MARGREET:
Wat een kjirl, as in beam! | |
[pagina 54]
| |
MARIJ:
Hy stiet op syn skonken as in liuw. (De tamboer-majoar groetet).
MARGREET:
Wat in pear leaflike eagen, Buorfrou! Dat sjocht men oars net faak by sok folk. MARIJ:
(sjongt):
‘Soldaten, dat 's sok skoander folk!...
MARGREET:
De eagen skitterje jo noch. MARIJ:
Jawis! Bring do dyn eagen nei de Joad en lit dy se poetse; faaks glânzgje se dan noch, datst se foar twa jildstikken ferpatse kinst. MARGREET:
Wat jo? Wat jo? Mefrou Jonkfrou. Ik bin in kokette persoan, mar jo, jo sjogge dwers troch seis learene broeken hinne! MARIJ:
Rotwiif! (draait it finster ticht) Kom, myn jonkje! Lit de lju mar. Bist mar in earm huorrekyn en makkest dyn mem bliid mei dyn ûnfatsoenlik snútsje. Ha! Ha! (sjongt):
MARIJ:
(sjongt):
Fanke, wat wo'sto dan?
Hast in lyts bern en gjin man!
Ei, wat fregest sa sacht?
Sjong ik de godsgânske nacht
Sûze mane myn poppe, jûchhei!
Dêr jout gjinien my wat op ta!
Hotse, span dyn skimmels út, alle seis,
Jou se te fretten fannijs!
Gjin hjouwer frette se,
gjin wetter sûpe se,
Jit koele wyn der yn, jûchhei!
Neat as koele wyn der yn.
Der wurdt oan it finster kloppe.
MARIJ
Wa is dêr? Bisto it, Frâns? Kom der yn! WOYZECK:
Kin net. Moat nei 't appèl. MARIJ:
Hast houtsjehakt foar de Kaptein? WOYZECK:
Ja, Marij. MARIJ:
Wat is der mei dy, Frâns. Sjochtst sa ferbûke. WOYZECK:
(geheimsinnich):
Marij, der wie wer ris wat, ja gâns wat - stiet der net skreaun: ‘En doe seach er reek omheechgean fan it lân, as de reek fan de hurd’? MARIJ:
Fint! WOYZECK:
It hat my hjitfolge oan de stêd ta. Wat moat dat wurde? MARIJ:
Frâns! | |
[pagina 55]
| |
WOYZECK:
Ik moat fuort. - Jûn nei de jiermerk. Ik haw wer wat oergarre. (Hy giet fuort).
MARIJ:
Dy man! Sa fergeastlike. Hy hat syn bern net oansjoen! Hy wurdt nochris gek fan it tinken! - Wat bisto stil, pop! Bist bang? It wurdt sa tsjuster: je soene tinke dat je blyn wiene. Oars skynt de lantearne hjir dochs ta'nyn. Ik hâld it net út. It giet my kâld oer de lea. (Giet ôf).
| |
III. Tinte. Ljochten. Folk.
Ald man, dy't by de lier sjongt; Bern dat dûnset.
Op dizze wrâld / is niks dat hâldt,
Wy moatte ienris stjerre,
Dy wierheid is al ieuwen âld.
MARIJ:
Fan je heela hola! Hopsakee! WOYZECK:
Earme man, âlde man! Earm bern! Jong bern! Lijen en feest tagelyk! Hee, Marij, sil ik dy...? MARIJ:
In minske moat ek in dwaas yn 't ferstân wêze, dan kin er sizze: Dwaze wrâld! Moaie wrâld! MERKEMAN
foar de tinte (mei syn frou yn in broek en in kostumearre aap).
Nommele hearen! Nommele hearen! Sjogge jo it skepsel lykas God it makke hat: niks, alhiel niks. Sjogge jo no de keunst: rint rjochtop, hat jas en broek oan, draacht in sabel! Sjodêr! Meitsje komplimint! Sa - bist in hearskip. Jou tút! (Hy blaast op 'e trompet).
Skepsel is muzikaal. - Hearen, hjir is te sjen it astronomyske hynder en de lytse kanaljefûgels. Is de geunstling fan alle kroande hollen. De leaveling fan alle Europeeske potentaten en lid fan alle gelearde selskippen, kin de lju alles foarsizze: hoe âld, hoefolle bern, hokker sykte. Kin in pistol ôfsjitte, kin op ien skonk stean. Alles troch oanlearen, hat allinne it ferstân fan in stik fee, of miskien earder in tige ferstânige feeïchheid, is gjin feedom stik fretten lykas hopen lju, dit heechfereare publyk net mei teld fansels. Kom der yn. It sil heve, de foarstelling. It commencement fan it commencement sil fuortdaliks in oanfang nimme. Kom en sjoch de foarútgong fan de beskaving. Alles giet foarút, in hynder, in aap, in kanaljefûgel! De aap is al in soldaat, mar noch net folle aaps, de ûnderste trep fan it minsklik skaai. De foarstelling giet oan! Der wurdt in begjin mei it begjin makke. Sadrekt krije wy it commencement fan it commencement. WOYZECK:
Wo'st der yn? MARIJ:
Jawis wol. It moat tige de muoite wurdich wêze. Wat draacht de | |
[pagina 56]
| |
kjirl in plommen! En syn frou hat de broek oan! (Se geane de tinte yn).
TAMBOER-MAJOAR:
Ho, stil! Sjochst har? Wat in frommis! UNDEROFSIER:
Te deale. Sa'nien soe rezjiminten kurassiers te wrâld bringe kinne! TAMBOER-MAJOAR:
En protten tamboer-majoaren! UNDEROFSIER:
En sa't se de holle draacht! Je soene sizze, it swarte hier moat har dellûke as in gewicht. En eagen... swart! TAMBOER-MAJOAR:
As sjogge je del yn in wettersaad of omleech yn in skoarstien! Toe, der achteroan! MARIJ:
Wat 'n ljochters! Sear oan 'e eagen! WOYZECK:
Ja, de brandewyn, in fet Swarte Kat mei fjurrige eagen. Hoei, wat in jûn! | |
De tinte fan binnen.OMROPPER:
(liedt in hynder foar):
Lit dyn talinten sjen! Dyn fenomenaal biste-ferstân! Beskamje de minskemienskip! Heechachte hearen, dit dier dat jimme hjir sjogge, sturt oan 'e bealch, op syn fjouwer hoeven, is lid fan in geleard selskip, is professor oan ús universiteit, dêr't de studinten riden en swypkjen leare. - Dat wie it ienfâldige ferstân. Tink no mei de dûbele Rede! Wat dochsto asto mei de dûbele Rede tinkst? Is der dan in ezel ûnder de gelearde sosjiteit? (It hynder skodhollet). Sjogge jimme no de dûbele Rede? Dat is feesionomy. Ja ja, dit is gjin fee-dom individu, dit is in persoan, in minske, in dierige minske - en dochs in stik fee, in bête. (it bist giet ûnfatsoenlik tekear). Ja ja, beskamje de Société! Sjogge jimme, it fee is noch natoer, ûnideale natoer! Leare jimme fan him! Freegje de dokter, oars is it slim skeadlik! Dat wol sizze: Minske, wês natuerlik! Do bist skepen út stôf, moude, stront. Wolsto mear wêze as stof, moude, stront? Sjogge jimme, wat in ferstân: it kin rekkenje, en it kin dochs net op 'e fingers neitelle. Wêrom? It kin him allinne net útdrukke, net útlizze hoe en wat - it is in feroare minske! Fertel de hearen hoe let as it is. Wa fan de hearen en dames hat in horloazje, in horloazje?
UNDEROFSIER:
In horloazje? (Hy lûkt rojaal en stadich in horloazje út 'e bûse). Asjebleaft, mynhear!
MARIJ:
Dat moat ik sjen. (Hja klimt op it foarste plak; de ûnderofsier helpt har).
TAMBOER-MAJOAR:
Wàt in frommis! | |
IV. De keamer fan Marij.MARIJ:
(sit mei har bern op 'e skoat, in stikje spegelyn 'e hân; hesjocht harsels yn
| |
[pagina 57]
| |
'e spegel).
Wat skitterje dy stiennen! Wat binne it foar guods? Wat hat er ek wer sein? - Sliep, jonkje! Doch dyn eachjes ta, ticht! (It bern hâldt de eachjes ferside efter de hannen). Noch stiver! Sa hâlde - stil, oars pakt er dy!
(sjongt:)
Faam, doch de kleankast ticht,
Der komt in Sigeunerfeint
Fiert dy oan 'e hân
Fuort nei Sigeunerlân.
(sjocht wer yn 'e spegel).
It is grif goud! Lju as wy hawwe mar in lyts plakje op 'e wrâld en in stikje spegel, en dochs haw ik krekt sa'n reade mûle as de grutte Madammen mei har spegels ta de fuotten út en har moaie mynhearen, dy't harren de hân tútsje. Ik bin mar in earm frommis. - (It bern wrot oerein): Stil, jonkje, de eagen ticht! It ingeltsje fan de sliep! Sa't it by de muorre lâns tyspelt. (se jout ljochtflitsen mei de spegel op 'e muorre) - Eachjes ta, oars fjocht it deryn en wurdsto blyn!
Woyzeck komt der yn, efter har. Hja skrillet oerein, mei de hannen oan 'e earen.
WOYZECK:
Wat hasto dêr? MARIJ:
Niks WOYZECK:
Der blinkt ommers wat ûnder dyn fingers! MARIJ:
In earrinkje; haw ik fûn. WOYZECK:
Ik haw noch nea soks fûn, twa yn ien kear noch wol! MARIJ:
Bin ik in minnenien? WOYZECK:
Bist in bêstenien, Marij. - Wat sliept dy jonge! Pak him ûnder de earms, de stoel docht him sear. De kleare switdrippen steane him op 'e foarholle; allegear bodzjen ûnder de sinne, sels yn 'e sliep noch swit. Wy earmelju! Dêr is wer jild, Marij, myn lean en noch wat fan myn Kaptein. MARIJ:
God mei it leanje, Frâns. WOYZECK:
Ik moat fuort. Jûn dan, Marij. Ajús! MARIJ:
(allinne, nei in skoft:)
Ik bin dochs in minnenien, ik soe better fersidekrûpe kinne. - O, wat in wrâld! Alles giet dochs nei beppe' kelder, manlju en froulju! | |
V. By de kaptein.
De kaptein sit op in stoel Woyzeck skeart him.
KAPTEIN:
Kalmoan, Woyzeck, kalmoan. Net sa hastich, man! Ik wurd der hast draaierich fan. Hoe moat ik dan mei dy tsien minuten oan dysto hjoed te ier klear bist? Woyzeck, tink der om, hy hat noch syn skoandere tritich jier te libjen, tritich jier! Dat betsjut 360 moannen, | |
[pagina 58]
| |
en dagen, oeren, minuten! Wat wol hy dan mei sa'n ôfgryslik ein tiid begjinne? Brûk it mei ferdrach, Woyzeck! WOYZECK:
Jawol, Kaptein. KAPTEIN:
Ik krij grutte noed om de wrâld, as ik oan de ivichheid tink. Drokte, Woyzeck, drokte! Ivich, dat is ivich, dat is ivich - dat hasto wol foar 't ferstân; mar no is it lykwols wer net ivich, en dat is in eachwink, ja, in eachwink - Woyzeck, de grize rint my oer de grouwe, as ik der oan tink, dat de wrâld yn ien dei om syn as draait! Wat in tiidfergriemerij! Wêr moat dat hinne? Woyzeck, ik kin gjin molerêd mear sjen sûnder dat it my wee om 't hert wurdt. WOYZECK:
Jawol, Kaptein. KAPTEIN:
Woyzeck, hy sjocht der sa breinroer út! In goede minske docht soks net, in goede minske dy't syn goed gewisse hat. - Sis dochs ris wat, Woyzeck! Wat waar it 't hjoed? WOYZECK:
Min, Kaptein, striemin; hurde wyn! KAPTEIN:
Ik fernim it, der giet bûtendoarren sa wat gystens omhear; sa'n wyn wurket op my as in mûs. (slûchslim) Ik leau, de wyn sit sawat Súd-Noard?
WOYZECK:
Jawol, Kaptein. KAPTEIN:
Ha! Ha! Ha! Súd-Noard! Ha! Ha! Ha! O, wat is hy dom, sa skriklike dom! (aandien) Woyzeck, hy is in goed minske - mar (mei weardichheid) Woyzeck, hy hat gjin moraal! Moraal, dat is, as men moreel is, snapt er? It is in goed wurd. Hy hat in bern, sûnder de seine fan de tsjerke, lykas ús heechearweardige hear garnizoenspredikant seit, sûnder de seine fan de tsjerke, it is m\`yn sizzen net.
WOYZECK:
Kaptein, de leave Hear sil it de earme harte der net op oansjen, dat der gjin Amen oer sein is ear't it makke waard. De Hear hat sein: ‘Lit de bern ta my komme.’ KAPTEIN:
Woyzeck, wat seit er dêr? Wat is dat foar in bjusterbaarlik antwurd? Hy makket my wol slim beskamme mei dat antwurd. As ik sis: hy, dan bedoel ik Him, Him... WOYZECK:
Wy earme lju - sjo'jo, hear Kaptein: jild, jild! As immen gjin jild hat plantsje dan mar ris ien fan jins gelikensen yn 'e moraal op 'e wrâld. Men hat op 't lêst jins fleis en bloed. Us soarte lju is der no ienkear beroerd oan ta op dizze wrâld en yn dy oare. Ik ha soarch, as wy lju yn 'e himel kamen, soene wy allinnich noch goed genôch wêze en help by it tonger slaan. KAPTEIN:
Woyzeck, hy hat gjin deugd, hy is gjin deugdsum mins. Fleis en bloed? As ik foar 't finster sit en it hat reind, en ik sjoch de wite hoazzen sa efternei, sa't dy oer de strjitte hippe - ferdomme, Woyzeck | |
[pagina 59]
| |
- dan beset my de leafde. Ik haw ek fleis en bloed. Mar Woyzeck, de deugd, ja de deugd! Hoe soe ik dan de tiid omkrije? Ik sis aloan tsjin mysels: Do bist in deugdsum mins, (oandien) , in goed mins, in goed mins.
WOYZECK:
Ja hear Kaptein, de deugd, ik haw it noch net sa foar 't ferstân. Sjo'jo, wy gewoane lju, dêr sit gjin deugd by, dy hawwe allinnich mei de natoer te krijen; mar as ik in hear wie en ik hie in hoed en in horloazje en droech in swellesturt en ik koe it wurd dwaan lykas de foarname lju, dan soe ik ek wol deugdsum wêze wolle. It moat wat skoanders wêze mei de deugd, Kaptein. Mar ik bin in earme duvel. KAPTEIN:
Moaisa, Woyzeck. Do bist in bêste kjirl, in goed mins. Mar do tinkst te folle, dat fret oan dy: do sjochst der altyd sa oerallich út. - Dit petear hat my tige oangrypt. Gean no mar fuort, en flean net sa; kalmoan, moai stadichjes de strjitte del! | |
VI. De keamer fan Marij.
Marij. Tamboer-majoar.
TAMBOER-MAJOAR:
Marij! MARIJ:
(sjocht him sa wat oan)
Rin ris in eintsje op en del. By it boarst om krekt in bolle en in burd as in liuw. Ik ha 't noch noait sa sjoen! - Ik bin segene mear as alle froulju op 'e wrâld. TAMBOER-MAJOAR:
As ik sneins dan it grutte fearrebosk op 'e holle haw en ik draach myn wite wanten, te deale! De Prins seit altyd: Man, do bist in meunster! MARIJ:
(spotsk)
Kom no! (giet foar him stean) Man!
TAMBOER-MAJOAR:
En do bist ek in frommis fan komsa! Potferdoary, wy sille tegearre in macht fan tamboer-majoaren oankweke. Hè'n? (hy slacht de earms om har hinne).
MARIJ:
(razend)
Lit my gewurde! TAMBOER-MAJOAR:
Wyld dier! MARIJ:
(ferheftich)
Reitsje my 's oan! TAMBOER-MAJOAR:
Is it de duvel dy't dy ta de eagen útsjocht? MARIJ:
Om myn part. It makket niks út. | |
VII. Op 'e strjitte.
Marij en Woyzeck.
WOYZECK:
(sjocht har stiif oan en skodhollet)
Hm! Ik sjoch niks, ik sjoch niks. O, je moatte it sjen, je moatte it mei de fûsten pakke kinne. | |
[pagina 60]
| |
MARIJ:
(dimmen, bang)
Wat is der mei dy, Frâns? - bist net goed mei de holle, Frâns? FRANS:
In sûnde, sa grou en sa breed - it stjonkt sà dat men de ingeltsjes ta de himel út rikje kinne soe. Do hast in reade mûle, Marij. Hast der gjin blier op? Hoe, Marij, do bist sa moai as de sûnde - kin de deasûnde sa moai wêze? MARIJ:
Frâns, do dwilest. WOYZECK:
Duvel! - hat er dêr stien, sa, sa? MARIJ:
Omdat de dei lang en de wrâld âld is, kinne in soad minsken op in plak stean, de ien earst en dan de oare. WOYZECK:
Ik haw him sjoen! MARIJ:
In mins kin in soad sjen, as er twa eagen hat en net blyn is en de sinne skynt. WOYZECK:
Mei dizze eagen! MARIJ:
(brutaalwei)
Ja, wat òars? FRANS:
Mins! (wol har tenei).
MARIJ:
Bliuw my fan 'e hûd, Frâns! Ik soe leaver in mes yn 'e bealch ha as dyn hân derop. Us heit hat my net oantaaste doarst, doe't ik tsien jier wie, as ik him oanseach. FRANS:
Wiif! - Nee, der moat wat mei dy wêze! Elke minske is in ûngrûn; je wurde dwyl as je yn 'e djipte sjogge. - It soe wêze kinne! Sy giet omhear as de ûnskuld sels! Nee, ûnskuld, do hast in teken oan dy. Wit ik it? Wit ik it? Wa wit it? (giet ôf).
| |
VIII. By de dokter.
Woyzeck. De dokter.
DOKTER:
Wat ha wy no, Woyzeck? In man fan syn wurd! WOYZECK:
Wat oars, dokter? DOKTER:
Ik haw it sjoen, Woyzeck; hy hat op 'e strjitte miigd, tsjin de muorre oan hat er miigd, as in hûn - en dochs trije stoeren deis! Woyzeck, dat is min; de wrâld wurdt minder, hurd minder. WOYZECK:
Mar mynhear de dokter, as de natoer jin sa oermânsk wurdt. DOKTER:
De natoer oermânsk, de natoer oermânsk! Haw ik net swart op wyt bewiisd, dat de musculus constrictor vesicae oan it wollen ûnderhearrich is? De natoer...! Woyzeck, de minske is frij, yn de minske ferklearret de individualiteit har ta frijheid. It wetter net ynhâlde kinnen! (Skodhollet, docht de hannen op 'e rêch en rint hinne en wer). Hat er syn earten wol iten, Woyzeck? Der is in revolúsje yn de wittenskip geande,
| |
[pagina 61]
| |
ik lit har yn 'e loft fleane. Urinestof 0,10 sâltsoere ammoanium, hyperoxydaal - Woyzeck, moat er net wer pisje? Gean der ris yn en besykje it! WOYZECK:
Ik kin net, dokter. DOKTER:
(oerémis)
Mar tsjin 'e muorre oan miigd! Ik haw it op skrift, foar akkoard tekene! Ik haw it sjoen, mei myn eigen eagen sjoen - ik hie krekt de noas ta 't finster útstutsen en liet de sinnestrielen der ynfalle, om it prústen te bestudearjen. (Rint om him ta). Nee, Woyzeck, ik haw der gjin argewaasje fan, argewaasje is net sûn, is ûnwittenskiplik. Ik bin rêstich, folslein rêstich; myn pols hat de gewoane sechstich slaggen, en ik sis it dy yn 't grutste koelbloedigens. Gjin tinken oan: wa soe him lilk meitsje op in minske, in minske! As it no noch in hoalsalamander wie, dy't immen de dea oandocht! Mar, Woyzeck, hy hie dochs net tsjin 'e muorre oan mige moatten -
WOYZECK:
Is sit sjusa, dokter, fakentiden hat immen sa'n aard, sa'n karakter. - Mar mei de natoer is it wat oars, sju'jo; mei de natoer (hy knakt mei de fingers) , dat is sokssawat, hoe sil ik sizze..., bygelyks...
DOKTER:
Woyzeck, hy slacht wer oan 't filosofearjen. WOYZECK:
(fertroulik):
Mynhear de dokter, hawwe jo wolris wat fan de dûbele natoer sjoen? As de sinne op it hichtepunt stiet en it liket as gie de wrâld yn fjoer op, hat der alris in skriklike stimme ta my sprutsen! DOKTER:
Woyzeck, hy hat in aberratio. WOYZECK:
(leit de finger tsjin de noas oan)
De poddestuollen, hear dokter, dêr, dêr leit it him oan. Hawwe jo wolris sjoen yn hokker figueren as de poddestuollen út 'e grûn waakse? As immen sok in skrift ris lêze koe! DOKTER:
Woyzeck, hy hat de moaiste Aberratio mentalis partialis, it twadde soarte, tige moai ûnder wurden brocht. Woyzeck, hy kriget in ekstraatsje. Twadde soarte, idée fixe by algemien ferstânige tastân. - Docht er noch alles lykas earder, skeart er dyn Kaptein noch? WOYZECK:
Jawisse. DOKTER:
Yt er syn earten? WOYZECK:
Noch altyd neffens foarskrift, hear dokter. It jild om se te keapjen kriget myn frou. DOKTER:
Docht er syn tsjinst? WOYZECK:
Jawis. DOKTER:
Hy is in nijsgjirrige kasus. Woyzeck, hy kriget in ekstraatsje, as er him fiks hâldt! Lit hy my de pols fiele. Ja. | |
[pagina 62]
| |
IX. Strjitte.
Kaptein en dokter. Kaptein rint hymjend de strjitte del; bliuwt stean; himet wer; sjocht om him hinne.
KAPTEIN:
Dy hynders jeie jin in deaskrik oan. As ik der oan tink dat dy earme bisten ek noch te foet gean moatte. Dokter, flean dochs net sa hurd! Reagje net sa mei jo stok yn 'e loft om! Jo jeie josels sa de dea yn. In goede minske, dy't syn rein gewisse hat, rint net sa hastich. (Hy pakt de dokter by de jas beet) In goede minske - dokter, stean my ta dat ik in minske it libben rêd. Jo sjitte... Dokter, ik bin sa swiersettich, ik bin sa oeral; ik moat iderkear janke as ik myn jas oan 'e muore hingjen sjoch. - Dêr hinget er...
DOKTER:
Hm! Opswold, groulivich, tsjokke hals, apoplektyske konstitúsje. Ja, hear Kaptein. Jo hawwe aventoer op in Apoplexia cerebralis, jo kinne dat lykwols ek allinne oan 'e iene side krije en dan oan 'e iene side lam wurde, mar yn it geunstichste gefal kinne jo ek allinne mar geastlik ferlamme wurde en allinne mar fierderfegetearje: dat binne sa likernôch jo foarútsichten foar de kommende fjouwer wike. Fierders kinne jo der wis fan wêze, dat jo ien fan de nijsgjirrichtste gefallen opleverje, en as God wol, dat jo tonge foar in part lam wurdt, sille wy de ûnstjerlikste ekspeariminten oangean. KAPTEIN:
Hear dokter, meitsje my net sa kjel! Der binne al lju oan 'e kjellens stoarn, oan oars neat as kleare kjelwurden. - Ik sjoch de begraffenismannen al mei de hege huodden yn 'e hân: mar dy sille sizze, it wie in goed minske, in goed minske - De Duvel Neil-oan-'e-kiste! DOKTER:
(stekt him de hoed ta)
Wat is dat, Kaptein? Dat is hol-holle! KAPTEIN
(makket der in fâld yn)
Wat is dat, dokter! Dat is ien-fâld. DOKTER:
Ik winskje jo it bêste, heechachte Hear Eksersearprûk! KAPTEIN:
Jo fan 't selde, bêste Hear Kistneilstrûk! (Woyzeck komt der oan en sil hastich foarbyrinne).
Hee Woyzeck, wêrom fljocht er us sa foarby. Bliuw hy ris efkes stean, Woyzeck! Hy fljocht as in iepen skearmes troch de wrâld, men kriget der in sneed fan, dat draaft as moast der in reezjemint kastraten skeard wurde en waard er ophongen oan syn lêste hier ear't dat útfoel. Mar, oer dy lange burden, wat woe ik dêr dochs oer sizze? Woyzeck - dy lange burden... DOKTER:
In lang burd ûnder 't kin, Plinius hat al sein, dat soks de soldaten ôfleard wurde moat... Do, do... KAPTEIN:
(giet fierder)
Ha! oer de lange burden! Hoe is 't, Woyzeck, hat er noch net in lang hier út in burd yn syn itensboard fûn? Hè, hy begrypt my dochs? In hier fan in minske út it burd fan in sappeur, fan | |
[pagina 63]
| |
in ûnderofsier, fan in - tamboer-majoar? Hè, Woyzeck? Mar hy hat in poerbêst wiif. It giet mei him net lykas mei de oaren. WOYZECK:
Jawisse! Wat woene jo dêrmei sizze, Kaptein? KAPTEIN:
Wat set dy kjirl in troanje op!... No faaks ek net yn it sop, mar at hy in bytsje oanmakket en de hoeke om fljocht, dan kin er sachs noch ien op in pear lippen fine. In pear lippen, Woyzeck - ik haw it leafdesfielen ek hân, Woyzeck. Fint, hy is ferjamme sa wyt as sûpe. WOYZECK:
Kaptein, ik bin in earme bliksem - en ik haw oars niks op 'e wrâld. Kaptein, as jo de gek der mei hawwe - KAPTEIN:
De gek der mei hawwe? Lit de gek dy krije, fint! DOKTER:
De pols, Woyzeck, lit my de pols fiele! Lyts, hurd, hippelich, ûnregelmjittich. WOYZECK:
Kaptein, de ierde is sa hjit as de hel - ik bin iiskâld, iiskâld - de hel is kâld, sille wy wedzje? - Unmooglik! Kjirl! Kjirl! Unmooglik! KAPTEIN:
Fint, wol hy deasketten wurde? - wol hy in pear kûgels troch de kop hawwe? Hy stekt my dea mei syn eagen, en ik haw it sa goed mei him foar, want hy is in goed minske, Woyzeck, in bêst minske. DOKTER:
Gesichtsspieren stiif, spand, bytiden bibberich. Hâlding oerémis, spand. WOYZECK:
Ik gean der op ôf. Der is fan alles mooglik. De minske! Der is in soad mooglik. - It is hjoed moai waar, Kaptein. Sjogge jo, wat in moaie, igale, grize loft; men soe der sin oan krije en spikerje der in heak yn en hingje jinsels dêr oan op, allinne al om dy tinkronfeltsjes tusken Ja en nochris Ja - en Nee. Kaptein, ja en nee? Is it Nee skuldich oan it Ja of it Ja skuldich oan it Nee? Ik sil my dêroer beriede. (hy giet mei swiere trêden ôf, earst stadich, dan iderkear flugger).
DOKTER
(set him efternei)
Fenomeen! Woyzeck, ekstraatsje! KAPTEIN:
Ik wurd alhiel mislik fan dy fint. Wat in rimpene man! Dy lange lummel set de sokken deryn, as rint de skym fan in spinnepoat, en dy koarte dy toffelt mar wat oan. De lange is de wjerljocht en dy lytse de tonger. Haha... Grotesk! Grotesk! | |
X. It wachtlokaal.
Woyzeck, Andres.
ANDRES
(sjongt):
Kastleinske hâldt in faam op wacht
Dy sit yn 'e hôving dei en nacht,
Dy sit dêr yn har hôving...
WOYZECK:
Andres! ANDRES:
Ja? | |
[pagina 64]
| |
WOYZECK:
Moai waar. ANDRES:
Sneinssinneskynwaar - der komt muzyk yn 'e stêd. Nyskes kamen de froulju al bûtendoarren; de damp slacht de lju út. Dat liket der op! WOYZECK
(ûnrêstich):
Dûnsje, Andres, se dûnsje! ANDRES:
Yn it ‘Hynder’ en yn ‘de Stjerren’. WOYZECK:
Dûnsje! Dûnsje! ANDRES:
Om myn part. Dy sit dêr yn har hôving,
Oant dat it klokje tolve slacht
En hoedet de solda-aten.
WOYZECK:
Andres, ik bin sa ûnrêstich yn 'e kop. ANDRES:
Gek! WOYZECK:
Ik moat der út. It draait my allegear foar de eagen. Dûnsje, dûnsje! Dûnsje! ANDRES:
Wat wo'sto? WOYZECK:
Ik moat fuort, ik moat it sjen. ANDRES:
Mei dat mins! WOYZECK:
Ik moat der út. It is my hjir te gleon. | |
XI. De herberge.
De finsters steane iepen, der wurdt dûnse. Banken foar it hûs. Jongfolk.
EARSTE AMBACHTSFEINT:
In oarmans himd hys ik my yn;
Myn siele stjonkt nei brandewyn -
TWADDE AMBACHTSFEINT:
Maat, sil ik foar dy út freonskip in gat yn 'e natoer stekke? Foarút! Ik wol in gat yn 'e natoer stekke! Ik bin ek in kjirl, dat witsto - ik wol alle flieën op dy bealch fan dy deaslaan. EARSTE AMBACHTSFEINT:
Myn siel, myn siele stjonkt nei brandewyn! - Sels it jilci giet yn 'e steat fan ferrotting oer! Hear yn 'e himel, wat is de wrâld dochs moai! Makker, ik moat in reinwetterstonne fol janke! Ik woe, ús noazen wiene twa flessen, dan koene wy it elkoar yn 'e strôte jitte. ANDRES
(mei oaren yn koar):
In jager út 'e Palts
Dy jage troch it griene lân.
Halli, hallo, sa fleurich is de jagerij
Hjir yn it heidelân,
Fan jeien ha 'k ferstân.
| |
[pagina 65]
| |
(Woyzeck giet foar 't finster stean. Marij en de Tamboer-majoar dûnsje foarby, sûnder dat se him sjogge.)
WOYZECK:
Hy! Sy! Goddomme! MARIJ
(wylst se foarbydûnsje):
Toe mar, toe dan - WOYZECK
(smoard lûd):
Toe mar - toe dan! (Springt ferheftich oerein en sakket wer del op 'e bank): Toe mar, toe dan! (slacht de hannen yn elkoar): Draai mar, wals mar! Wêrom blaast God de sinne net út, dat alle wrâld yn ûntucht oer elkoar hinne walst, manlju en froulju, minsken en fee? Docht it op klearljochte dei, docht it immen op 'e hannen lyk as de miggen! - Wiif - dat wiif is wyld, wyld! Toe mar, toe dan! (Springt oerein): Dy kjirl, sa't er oan har omtysket, oan har lea! Hy, hy hat har krekt lykas ik yn 't earstoan.
EARSTE AMBACHTSFEINT
(stiet te preekjen op 'e tafel):
Lykwols, as in swalkersman oan 'e kant fan de stream fan de tiid stiet of hy siket it antwurd op 'e godlike wiisheid en sprekt himsels oan: Wêrom bestiet de minske? Wêrom dôch bestiet de minske? - Mar wiswier, ik sis jimme, wêr hie de boer, de kûpersbaas, de skuonmakker, de dokter fan libje moatten, as God de minske net skepen hie? Wêr hie de snider fan libje moatten as Hy yn de minske net de skamte plante hie, en wêrfan de soldaat, as Hy him net útrist hie mei it ferlet himsels de dea oan te dwaan? Dêrom, twivelje net - ja, ja, it is leaflik en moai, mar al it ierdske is kwea, sels it jild giet yn 'e ferrotting oer. - En ta einbeslút, myn leave harkers, lit ús nochris oer it krús pisje, dat der in Joad stjert! | |
XII. It iepen fjild.WOYZECK:
Toe mar! toe dan! Stil, muzyk! (giet langút tsjin 'e grûn lizzen): Ha! Wat, wat sizze jimme? Lûder! Lûder! Stek, stek dy gleie geit dea? Stek, stek dy... gleie geit dea! Sil ik dat dwaan? Moat ik dat dwaan? Hear ik it goed, seit de wyn dat ek? Hear ik it iderkear, iderkear wer: Stek dea, dea!
| |
XIII. In keamer yn 'e kazerne.
Nacht. Andres en Woyzeck op ien bêd.
WOYZECK
(skoddet Andres hinne en wer):
Andres! Andres! ik kin net sliepe! As ik de eagen ticht doch, dan draait alles yn elkoar om, en hear ik de fioelen. Toe mar, toe dan! En dan sprekt der in stim út 'e muorre. Hearsto niks? ANDRES:
Ja - lit se dûnsje! In mins wurdt wurch, en dan mei de Hear | |
[pagina 66]
| |
ús hoedzje, Amen. (Hy jalt weryn 'e sliep).
WOYZECK:
Dy stimme seit iderkear: Stek! stek! en lûkt my tusken de eagen as in mes - ANDRES:
Do moatst jenever drinke mei buskrûd der troch, dat keart de koarts tsjin. | |
XIV. Herberge.
Tamboer-majoar. Woyzeck. Minsken.
TAMBOER-MAJOAR:
Ik bin in man! (slacht himsels op 't boarst): in man, sis ik. Wa wol wat? Wa't gjin besopen God is, dêr haw ik gjin boadskip oan. Ik wol him syn noas yn 'e kont ramaaie. Ik wol - (tsjin Woyzeck) Do, kjirl, sûp! Ik woe dat de wrâld fan drank wie, fan jenever - Moatst drinke, man!
WOYZECK
(fluitet)
TAMBOER-MAJOAR:
Fint, sil ik dy de tonge út 'e strôte skuorre en om dyn liif hinne wuolje? (Hja wrakselje, Woyzeck ferliest it). Sil ik dy noch safolle azem oerlitte as in âldwiveskeet, ja?
WOYZECK:
(giet oan 'e ein en triljend op in bank sitten)
TAMBOER-MAJOAR:
De fint moat fluitsje oant er dûnkerblau sjocht. Brandewyn, dat is myn libben,
Brandewyn dy jout koeraazje!
IN MAN:
Dy hat syn bekomst wol. OARE MAN:
Hy sit ûnder 't bloed. WOYZECK:
De iene nei de oare. | |
XV. Winkeltsje.
Woyzeck. De Joad.
WOYZECK:
Dat pistoltsje is ryklik djoer. JOAD:
No, jo keapje it of keapje it net, watte? WOYZECK:
Hoe djoer is dat knyft? JOAD:
't Is in pronkstikje. Wolle jo jo dêr de hals mei ôfsnije? No, hoe sit it? Ik jou it jo krekt like guodkeap as in oar. Jo sille jo dea guodkeap krije, mar dochs net omdôch. Wat sis ik? Sa'n dea sil jo de kraach net kostje. WOYZECK:
Dat ding kin mear as bôle snije. JOAD:
Twa stoeren. WOYZECK:
Dêr! (giet ôf)
JOAD:
Dêr! Krekt as is it neat! En it is dochs jild. - De skobbert. | |
[pagina 67]
| |
XVI. Keamer fan Marij.MARIJ:
(blêdet yn 'e Bibel)
‘En net ien dy't oait in ûnoprjocht wurd fan him heard hat.’ God de Hear, God de Hear! Sjoch my net oan! (blêdet fierder). ‘Doe kamen de Farizeeërs mei in frou, dy't op troubrek trappearre wie. Dy setten se yn it fermidden... Jezus lykwols sei: Dan feroardielje ik jo ek net. Gean no mar en doch tenei gjin kwea wer!’ (slacht de kannen gear). God de Hear! God de Hear! Ik kin net! - Heare God, jou my allinne mar safolle dat ik bidde kin. (It bern klammet him oan har fêst). It bern jout my in stek yn 't hert. - Karel! Dat sit mar yn 'e sinne te pronkjen!
GEK:
(leit mearkes te fertellen op 'e fingers).
Dy hat de gouden kroan, de hear Kening... Moarn helje ik har bern foar de Frou Keninginne... Bloedwoarst seit: Kom, leverwoarst. - (Hy kriget it bern en wurdt stil).
MARIJ:
Frâns is net kommen, juster net, hjoed net. It wurdt hjir gleon! (docht it finster iepen). - ‘En gong achter by syn fuotten stean te skriemen, makke dy wiet mei har triennen, fage se ôf mei har hier, tute se en salve mei de balsem.’ (slacht harsels op it boarst). Alles dea! Heilân! Ik soe jo de fuotten salvje wolle! -
| |
XVII. Kazerne.
Andres. Woyzeck sneupt yn syn spullen om.
WOYZECK:
Dat himd, Andres, dat heart net ta de útmûnstering: do kinst it brûke, Andres. It krús is fan myn suster, en it rinkje. Ik haw ek noch in hillige, twa herten en moai goud - it lei yn ús Memme Bibel, en dêr stiet: Lit lijen wêze al myn winst,
Lit lije my yn Goades tsjinst.
Hear! Wat wie Jins lichem rea ferwûne,
Lit sa myn hert wêze elke stûne.
Us mem fielt noch allinne, as de sinne har op 'e hân skynt - dat docht niks. ANDRES
(alhiel stiif, seit oeral op):
Jawis. WOYZECK
(hellet in papier foar 't ljocht):
Freark Johannes Frâns Woyzeck, soldaat, ynfanterist vn it 2e rezjimint, 2e bataljon, 4e kompanjy, berne Maria-Boadskip, 20 july - hjoed bin ik 30 jier, 7 moanne en 12 dagen âld. | |
[pagina 68]
| |
ANDRES:
Frâns, do bedarrest sa yn it lazaret. Earme bliksem, do moatst jenever mei buskrûd drinke, dat deadet de koarts. WOYZECK:
Ja, Andres, as de kastmakker de houtspuonnen sammelt, wit nimmen wa't syn holle der op lizze moat. | |
XVIII. De tún fan de dokter.
Studinten ûnder, de dokter foar it dakjinster.
DOKTER:
Rju eale hearen, ik bin op it dak, lykas David, doe't er Bathseba seach; mar ik sjoch oars net as de kontkessentsjes fan it Jongfammepensionaat dy't yn it tún hingje te droegjen. Eale hearen, wy komme oan it wichtich probleem fan de ferhâlding tusken subjekt en objekt. As wy no ien fan de dingen nimme dêr't de organyske selsbefêstiging fan it godlike har yn iepenbieret en har relaasje ta romte, ta de ierde, ta it planetaryske ûndersykje, eale hearen, as ik dizze kat ta it finster út miterje, hoe sil dat wêzen him dan ferhâlde ta it centrum gravitationis neffens syn eigen ynstinkt? Hee, Woyzeck (raast), Woyzeck!!
WOYZECK
(heint de kat op):
Dokter, hy byt my. DOKTER:
Kjirl, do pakst it beest sa sêftsedich oan, 't is jim beppe net! (hy komt nei ûnderen).
WOYZECK:
Dokter, ik haw de bibberaasje wer. DOKTER
(tige fleurich):
Jonge noch ta! Moaisa, Woyzeck! (wriuwt 'm yn 'e hannen). Wat sjoch ik, achte hearen, de nije soarte hazzelûs, in skoander soarte... (hy hellet in fergrutglês te foarskyn, de kat rint fuort). Eale hearen, dit dier hat gjin wittenskiplik ynstinkt... Yn pleats dêrfan kinne jimme wat oars sjen. Sjogge jimme: dy man hjirsa, dy yt sûnt in fearnsjier neat oars as earten, fernimme jimme de wurking, fiele jimme mar ris: sa'n ûnevenredige polsslach... En dan dy eagen...
WOYZECK:
Dokter, it wurdt my swart foar de eagen. (giet sitten).
DOKTER:
Moed hâlde, Woyzeck! Noch in pear dagen, en dan is 't foar elkoar. Fiele, eale hearen, fiele! (De studinten betaaste him de sliepen, de pols en it boarst). Apropos, Woyzeck, beweech de earen noch ienkear foar de hearen! Ik hie it jimme al sjen litte wollen, twa spieren binne by him yn 't spier. Allons, allee!
WOYZECK:
Oe, dokter! DOKTER:
Bist, moat ik dy de earen bewege? Wo'st it dwaan lykas de kat? Sa, achte hearen. Dat binne sa fan dy oergongen nei de ezel, faak ek it gefolch fan froulike opfieding en de memmetaal. Hoefolle hierren hat jim mem dij, as oantinken al útskuord yn klearebare tearhertichheid? It is dy dêr sûnt in pear dagen tin wurden. Ja, de earten, rju eale hearen! | |
[pagina 69]
| |
XVIII-A. Kazerneplein.Ga naar voetnoot*WOYZECK:
Hast niks heard? ANDRES:
Hy is dêr noch mei ien fan syn maten. WOYZECK:
Hy hat wat sein. ANDRES:
Hoe witsto dat? Wat sil ik sizze? No, hy lake en doe sei er: ‘In kostlik frommes! En hjit oant yn 'e bonken!’ WOYZECK
(alhiel kâld):
Soa, hat er dat sein? Wêr haw ik fannacht dochs fan dreamd? Wie it net fan in mes? Wat hat in minske dochs nuvere dreamen. ANDRES:
Wêr sil 't hinne, maat? WOYZECK:
Wyn ynslaan foar myn ofsier. Mar Andres, it wie dochs in hearlik frommis! ANDRES:
Wa bedoelste? WOYZECK:
Niks. Adjeu! | |
XIX. De strjitte.
Marij mei famkes foar de útdoar. In âlde beppe. Woyzeck.
FAMKE
sjongt:
Wat skynt de sinne op Ljochtmisdei,
Wat stiet it nôt yn bloei.
Hja gyngen nei de fjilden ta,
Kreas kui'ren se twa by twa.
De pipers rûnen foarenoan,
Dan folge it strikersfolk,
mei moaie reade sokken oan...
EARSTE BERN:
Dêr is neat oan. TWADDE BERN:
Wat wolstò dan? TREDDE BERN:
Wêr bist mei begûn! TWADDE BERN:
Wêrom? EARSTE BERN:
Dêrom! TWADDE BERN:
Mar wêrom dêrom? TREDDE BERN:
Sij moat sjonge...? (Sjocht sykjend it rychje bylâns en wiist dan it earste bern oan).
EARSTE BERN:
Ik kin net. ALLE BERN:
Marij, sjonge jo foar ús? | |
[pagina 70]
| |
MARIJ:
Kom hjir mar, lytse krobben! Rigele, rigele Roazekrâns. Kening Herodes...
TREDDE BERN:
Beppe, fertel jo ús. BEPPE:
Wie ris in earm berntsje, hie gjin heit en gjin mem mear. Wiene beide dea en hie nimmen oars op 'e wrâld. Alles wei en is hinnegien en hat dei en nacht jankt. En omdat op ierde nimmen mear wie, woe ta de himel yngean, en de moanne seach it sa freonlik oan; en doe't it einlings by de moanne kaam, wie it in rottich stik hout. En is doe nei de sinne tagien, en doe't it by de sinne kaam, wie it in ferrotte sinneblom. En doe't it by de stjerren kaam, wiene it lytse gouden miggen, dy't fêststutsen wiene, lykas de reade wurgert se op 'e krikebeam stekt. En doe't it wer nei de ierde ta woe, wie de ierde in omsmiten pispôt. En wie alhiel allinne, en is doe sitten gien en hat gûld, en sit dêr noch en is poer allinne. WOYZEGK:
Marij! MARIJ
(wurdt kjel):
Wat is der oan? WOYZEGK:
Marij, wy geane no. It is tiid. MARIJ:
Wêrhinne? WOYZECK:
Wit ik dat? | |
XX. Boskrâne oan de fiver.
De stêd yn 'e fierte. Marij en Woyzeck.
MARIJ:
Dus dy kant út is de stêd. 't Is tsjuster. WOYZEGK:
Do moatst noch bliuwe. Kom, gean sitten. MARIJ:
Mar ik moat fuort. WOYZECK:
Do silst dy de fuotten net iepen rinne. MARIJ:
Wat bisto my dochs foar ien! WOYZEGK:
Witsto ek hoe lang at it no krekt is, Marij? MARIJ:
Mei Pinkster twa jier. WOYZEGK:
Witsto ek hoe lang at it noch duorje sil? MARIJ:
Ik moat mort, it jûnsiten klearmeitsje. WOYZEGK:
Bist kâld, Marij? En dochs bist waarm! Wat hasto gleone lippen! Hjit, hjitte huorre-siken! En dochs soe ik de himel jaan wolle, as ik se noch ien kear tútsje koe. As men kâld is, is de kjeld oer. Do silst fan de moarndauwe net kâld wurde. MARIJ:
Wat seisto? WOYZECK:
Niks (Swijen).
MARIJ:
Wat komt de moanne read op! WOYZECK:
As in bluodderich stik izer. | |
[pagina 71]
| |
MARIJ:
Wat bisto fan doel? Frâns, do bist sa wyt. (Hy lûkt it mes). Frâns, hâld op! Yn himels namme, help, help!
WOYZECK:
Nim dat en dat! Kinsto net stjerre? Sa! sa! Ha, se leit noch yn 'e stûpen; noch net, noch net? Noch in kear (stjit ta). - Bist dea? Dea! Dea!...
| |
XXI. Der komme minsken oan.
Woyzeck rint fuort.
EARSTE MAN:
Ho dêr! TWADDE MAN:
Hearsto wat? Stil! Dêr! EARSTE MAN:
Oe! Dêre! Wat in lûd! TWADDE MAN:
It is it wetter, dat ropt: der is al yn sa lang nimmen ferdronken. Hjirwei! It is net goed en harkje der nei! EARSTE MAN:
Oe! Dêr wie it wer! - Krekt in minske dy't deagiet! TWADDE MAN:
It is my te grouwélich! Sa dampich, oeral mist, grizens en dat gûnzjen fan kevers as tebarsten klokken. Hjirwei! EARSTE MAN:
Nee, te dúdlik, te lûd! Der op ôf! Kom mei! | |
XXII. De herberge.WOYZECK:
Allegear dûnsje, toe dan..., switte en stjonke, hy snipt jim dochs ienkear allegear. (sjongt):
O dochter, leave dochter,
Datsto dochs tinke moast
Datst dy oan de lânskoetsier
En de fuorlju ferhongen hast?
(Hy dûnset).
Sa Käthe! Gean sitten! Ik haw it sa hjit, hjit (hy lûkt de jas út). It is no ienkear sa, de duvel pakt de iene en lit de oare rinne. Käthe, do bist hjit! Wêrom dochs? Käthe, do silst ek noch kâld wurde. Brûk dyn ferstân. - Kinsto net sjonge?
KATHE:
Yn Swabenlân, dêr wol ik net hinne,
Yn lange jûpen wol ik net rinne,
Want lange jûpen, puntsjeskuon
Gjin faam hat it rjocht en lûk se oan.
WOYZECK:
Nee, gjin skuon, men kin sûnder skuon ek wol nei de hel gean. | |
[pagina 72]
| |
KÄTHE:
O fij, myn leaf, bliuw hjir fandinne,
Hâld dyn daalder mar en sliep allinne.
WOYZECK:
Ja, wrachtich, is soe my net bluodderich meitsje moatte. KÄTHE:
Mar wat hasto oan dy iene hân? WOYZECK:
Ik? Ik? KÄTHE:
Read! Bloed! (De lju kloftsje om har gear).
WOYZECK:
Bloed! Bloed! DE WEARD:
Oe - Bloed! WOYZECK:
Ik leau, ik haw my snien, dêr yn 'e rjochterhân. DE WEARD:
Mar hoe komt it dan op dyn earmtakke? WOYZECK:
Ik haw it ôffage. DE WEARD:
Wat, mei de rjochterhân oan 'e rjochter earmtakke? Dan kinne jo wol aardich yn 'e bocht. DE GEK:
En doe sei de reus: ‘Ik rûk, ik rûk minskefleis.’ Bah, dat stjonkt al! WOYZECK:
Ferdomme, wat wolle jim? Wat kin it jimme skele? Barst, of de earste - duvel! Tinke jimme dat ik immen deadien haw? Dat ik in moardner bin? Wat stean jim my dêr oan te gapjen? Sjoch jimsels oan! Barst! (hy rint der út).
| |
XXIII. By de fiver.
De stêd yn 'e fierte. Woyzeck (allinne).
It mes? Wêr is it mes? Ik haw it dêr lizze litten. It sil my ferriede! Tichter, noch tichterby! Wat is dat foar in plak? Wat hear ik? Der beweecht wat. Stil. Dêr flakby. Marij? Ha, Marij? Stil. Alles is stil! Hoe komsto sa wyt, Marij? Hoe krijsto sa'n read string om 'e nekke? By wa hasto dy halsbân fertsjinne mei dyn sûnden? Do wiest der swart fan, swart! Haw ik dy wytmakke? Wat hinget dat swart hier wyld. Hast dyn frissels net opmakke hjoed? Dêr leit wat! Kâld, wiet, stil! Fuort fan dit stee! - It mes, it mes! Haw ik it? Sa! (hy rint nei it wetter).
| |
XXIV. Woyzeck by de fiver.Sa, yn 'e djipte! (Hy smyt it mes der yn). It dûkt as in stien yn it swarte wetter. De moanne is as in bluodderich stik izer! Soe dan de hiele wrâld it ferriede wolle? - Nee, it leit noch te ticht foaroan, as der baaid wurdt, (hy rint de fiver yn en smyt it fier fuort), sa, no - mar by 't simmer, as der moksels opdûkt wurde - welnee, dan is it ruostich, net ien dy't it mear ken. - Hie 'k it mar brutsen! - Haw ik noch bloed oan my? Ik
| |
[pagina 73]
| |
moat my waskje. Dêr in plak en dêr noch ien. (Rint fierder it wetter yn).Ga naar voetnoot*
| |
XXV. De strjitte.
Bern.
EARSTE BERN:
Kom mei nei Marij-en-dy! TWADDE BERN:
Wat is der te rêden? EARSTE BERN:
Witst it noch net? Se binne der allegear al hinne. Dêrbûten hawwc se ien fûn! TWADDE BERN:
Wêre? EARSTE BERN:
Dêrsa lofts, njonken dy kûle dêr by it boskje, by it reade krús. TWADDE BERN:
Kom, hurd der hinne, dan sjogge wy it noch, oars slepe se it yn 'e hûs. | |
XXVI. By de fiver.
Gerjochtstsjinner, dokter, rjochter.
DE PLYSJEMAN:
In bêste moard, in echte moard, in moaie moard. Sa moai as men jin mar winskje kin. Wy hawwe al yn lang sa'nien net hân! | |
XXVII. Karel. De gek. It bern. Woyzeck.Ga naar voetnoot**KAREL
(hâldt it bern foar him op 'e skoat).
Dy is yn 't wetter fallen, dy is yn 't wetter fallen, dy is yn 't wetter fallen. WOYZECK:
Jonkje, Kristiaan. KAREL
(sjocht him stiif oan):
Dy is yn 't wetter fallen. WOYZECK
(wol it bern streakje, it keart him fan him ôf en gûlt):
Hear yn 'e himel! KAREL:
Dy is yn 't wetter fallen. | |
[pagina 74]
| |
WOYZECK:
Kristiaantsje, do krigest in ruter, sa, sà. (It bern wrot him los. Tsjin Karel): Keapje foar it jonkje dan in ruter.
KAREL
sjocht him stiif oan.
WOYZECK:
Hop! hop! hynke! KAREL
(út 'e skroeven):
Hop! hop! hynke! hynke! (rint mei it bern fuort).
(1837). |
|