Georg Büchner (1813-1837)
formalisme fan it klassyk-romantyske drama. Yn noch in oar opsicht docht
Woyzeck uterst modern oan: it is bytiden in lispuzzel fan iepenlike en ferhoalen sitaten, út Bibel, út wittenskiplike skriften, út folkssankjes - yn dat lêste liket Büchner net allinne in foarrinder fan immen as Bertolt Brecht, mar ek fan de komponist Gustav Mahler, dy't sa faak simpele folkslietsjes troch syn grutte dramatysk-symfoanyske konsepsjes frissele, en op 'e lettere kollaazje-techniken (‘objets trouvés’). De kommintatoaren hawwe dan ek oant hjoed de dei ta de hanne fol hân oan it útplúzjen fan dingen en ik haw de yndruk dat noch net alles oplost is. Ik gean op al dy dingen net yn, mar haw besocht in lêsbere - en mooglik dramatysk útfierbere oersetting te meitsjen. As grûnslach haw ik nommen de by myn witten jongste útjefte, de Hansel-edysje
Werke und Briefe (Mûnchen-Wenen, 1980, s. 160-180) basearre op 'e histoarysk-krityske útjefte fan Werner R. Lehman, dêr't ek gebrûk yn makke is fan it nijsgjirrich artikel fan de Grinzer heechlearaar J. Elema oer
Der verstümmelte Woyzeck yn it tydskrift
Neophilologus fan 1965 (s. 131-165). Ut dy Hansel-edysje haw ik foar kar nommen de min of mear ta in gehiel ôfrûne
Lese- und Bühnenfassung, mar ik haw dêr, lykas ik yn 'e tekst oanjûn haw, hjir en dêr in sêne of koarter passaazje út oare lêzingen oan tafoege, net út wittenskiplik betinken (want dy pretinsje hat dizze oersetting net), mar mear út psychologyske nijsgjirrichheid.
Woyzeck is om sa te sizzen in troch de mûzen oanfretten kladskrift dat men sels oan-