folslein op 'e romte. De earste dei brocht hja my; dêrnei rûn ik it lange ein allinne, eltse dei. Ik fûn it prachtich, hearlik, op skoalle. As iennichst bern genoat ik fan it selskip fan oare bern. Letter haw ik noch in healbroer krigen.’
Wy besjogge it wurk fan de lêste tiid en fine beide dat de akwarellen oer 't generaal it meast slagge binne. Dy komme ek moai yn 'e rjochting hoe't Tsjits it ha wol. Benammen de stillevens rinne der út.
- Binne de tema's fan skriuwen en it meitsjen fan byldzjend wurk deselde?
‘Nee, folslein ferskillend. Of it moat wêze dat it in kombinaasjeopdracht is, lykas wolris op in kursus jûn wurdt.’
- Wat ynspirearret dy?
‘Ik mei wol graach oan 'e hân fan in tema wurkje. Oars as by it skriuwen kom ik thús net faak ta skilderjen. Dat is útsûndering. De pressy fan in opdracht bringt my wol ta prestaasjes. Of ta lulkens, as it net wol, net slagget sa't ik wol.’
- Bist ambisjeus?
‘Ja... ja, dat bin ik wol.’
- Hast ek foarkar foar techniken?
‘Och, ik fyn alles aardich om út te prebearjen. Lêstendeis wurken wy bygelyks mei akryl. Dat fyn ik dan ek wol wer nijsgjirrich. Mar oant no ta kin ik my it bêste rêde mei akwarel.’
- Hast ek favorite skilders of stilen?
‘No, nee. Ik fyn in protte wurk moai. En soks feroaret troch de tiid. Aldere keunst fyn ik hieltyd minder ynteressant. Nije dingen boeie geandewei mear. Wat ik fiif jier lyn net wurdearre, appresjearje ik no wol.
Nammen? Co Westerik fyn ik prachtich. Dat wurk rekket my. Mar ek Chagall, de ympresjonisten, Franz Marc. En it blide by Appel, dat sa typysk foar him is, boeit my. Gewoan in inkeld stik kin ik ek hiel moai fine. Ik bin in allesiter, moatst mar tinke. Ik soe it sels ek wol graach folle better kinne. No is 't mai sa'n aardichheidsje.