Trojaanse oarloch. Hy wie ‘Van verre treffend’, dêrom ek dy pylk en bôge. Dy poarten, hy wie ek in god fan 'e poarten, yn Mykene ha se stiennen fûn, bylden fan Apollo, dy't ta de poarten fan 'e stêd hearden. Dy kop is ek helendal net Gryks mear, mar in nuvere primitive kop. Dat wiene dingen dêr't ik doe mei dwaande wie.’
‘Dat wie doe yn it lêst, doe bin 'k der ek mei ophoden. Ik ha noch wolris dinkjes makke... ik seach der net mear sa'n soad yn. Doe kaam dy oarloch, en dat wie nochal in rûzige tiid. En doe bin ik ek begûn mei skriuwen eins.
En skriuwen yn it Frysk... it wie sa, dat men dêr mei wat nijs begjinne koe, foar de earste kear dwaan. Fierders is it in útdaging. Ik haw it gefoel dat der in heel soad dingen binne dy't ik folle makliker yn it Hollâns skriuwe kinnen hie. Mar ek dat ik my der dan te maklik ôfmakke hie. Ik fyn Frysk skriuwen altyd noch in opjefte. Frysk skriuwe is foar it museum... morbide eins. By in útstalling fan it Bûn fan Fryske keunstners, doe tocht ik wolris, wat ik foar de oarloch makke, dat wie dochs folle moderner as wat sy no meitsje. Ik sei doe ek tsjin Freark Dam, der bin ferskeidene dingen by, dy kinst fan tapassing bringe op wat ik skreaun haw.’
Uteinlik hat dat petear mei laat ta dizze útstalling yn it F.L.M.D. De ynteresse fan Wybenga foar de skilderkeunst is werom te finen yn syn fersen oer skilderijen. Yn Barakkekamp ‘Pont de Langlois’ nei Van Gogh en yn Amoeben ‘Nue’ nei Braque, mar ek ‘Plastyk’, opset as in stik byldzjende keunst, dêr't de dichtkeunst trochrint. ‘Dit is út Barakkekamp, side 35, út ‘Rhapsody foar Gep’, ‘De ljochtjierren binne foarby...’, dat slacht dus op dy ympresjonisten. En hjir side 24, dat binne allegear sintsjes út in nûmer fan Frysk en Frij, in kollaazje idee.’
Guon keunstopfettings hat Wybenga oars op in pypfol.
‘Yn Enskedé ha se sa'n tentoanstelling fan neimakke skilderijen, kopyen en ferfalsingen, en dan blykt dast dy moderne skilderijen sa perfekt neimeitsje kinst, dêr hoechst gjin grut talint foar te wêzen, dat se net fan echt te ûnderskieden binne. Ik meitsje my benammen lilk oer de pretinsjes fan dy artysten. De kwaliteitsferskillen bin foar it grutste part fiktyf. Dy artistike kwaliteit is gewoan net oanwiisber. Se slaan dy dea mei keunsten, ek op it terrein fan 'e foarmjouwing. Faak giet it gewoan om 'e namme.’
‘Doetiids wie ik nacht en dei dwaande mei keunst en dat wie wichtich foar jinsels, No sjo’ je dat op in distânsje. It is hast fyftich jier lyn fansels, dat ik sa'n bân hie. Ik mocht graach tekenje, skilderje en besocht dat sa goed mooglik te dwaan. It komt mysels foar dat ik doe wol aardich by de tiid wie, mar dat myn konneksje mei de skilderkeunst, dy erfaring, ek sa stadichoan wer weirekke is. Letter haw ik dingen dy't ek yn dy skilderijen sitte wer opnommen yn myn literêr wurk.’