yn it platte flak leit him it bêste.) Hy folget in jûnsoplieding by de AKI, de Akademy foar Keunst en Yndustry te Enskedé. Wol hat er oant likernôch syn twintichste skildere en tekene, mar dêrnei hat it sa'n tritich jier stil stien, oant ferline jier ta. Yn dy tuskentiid hat er warber west op it mêd fan de tapaste keunst sa't elk konstatearje kin dy't syn poëzijbondels ris besjocht. Ik tink dan benammen oan Bargebiters / bûltsjeblazers (1971), mar ek it omslach fan Komme dy kepers? (1969) is ‘fan de skriuwer’. Twa stadia fan it ûntwerp binne op de útstalling te sjen.
Wy prate alderearst oer oerienkomsten tusken it skriuwen en it skilderjen. Van der Leest skilderet ‘gedreven, nochal yntuïtyf’. Dat liket yn tsjinspraak mei de menier fan wurkjen oan in roman dêr't no ienkear allinnich fanwege de lingte al it ympulsive minder frij spul hat. In stramyn is nedich foar in grutter gehiel, en grif by de gauris wat detektive-achtige plots fan Van der Leest. Mar binnen dat stramyn wol Van der Leest dan ek wer de romte ha - by it útwurkjen fan in sêne - foar yntuïtyf wurkjen, it folgjen fan de ynfal fan it momint of it brûken fan in al earder notearre ynfal, lykas dat by him gauris it gefal is. (Dejingen dy't de lêzinge-syklus oer Van der Leest fan it Literêr-histoarysk wurkferbân fan de Fryske Akademy folge of it dêroan wijde nûmer fan Trotwaer lêzen ha - 1984-2 - witte dat.)
By de poëzij is der fansels faker romte foar de yntuysje. Van der Leest ferdielt syn poëzij yn trije skiften: de fersen dy't aus einem Guß ûntsteane, al is dat net altyd op 't momint fan it delskriuwen, twad de fersen ‘dêr't je foar sitten geane’, basearre op in bepaald idee dat fierder útwurke wurde moat, faak in idee foar in bepaalde foarm, en tred binne der fersen dêr't stadichoan mear ynfallen by komme, dy't stadich groeie, sûnder dat it hechte bouwurken wurde. (Sjoch ek de Leeuwarder Courant fan 20-2-1987.) De skilderijen binne it bêst te fergelykjen mei de fersen aus einem Guß. It echte dwaan is lykwols by it skilderjen moaier. Jo binne der blykber dochs yntensiver, mear mei lichem en siel, mei dwaande as by it dichtsjen. Van der Leest makket in fergeliking mei in reis: ‘Net it oankommen, mar wat ûnderweis bart, is it wichtichste.’ Faaks hat hjir ek mei te krijen dat foar him in fers of in roman publisearre wurde moat, om echt ‘ôf’ te wêzen. It skilderij oan 'e wand, of by need op solder, is foar syn gefoel wol klear, al komt it fierder net ûnder de minsken.
It feit dat er in oplieding folget allinnich al makket dat Van der Leest allerhande techniken útprebearret. Mar ek ôfsjoen dêrfan hâldt er fan it eksperimint. ‘Foar jesels is it belangryk dat je grinsferlizzend dwaande binne. Jo moatte de moed ha om minne dingen te meitsjen.’
Fansels bliuwt der by alle ferskillende techniken en foarmen ek in