Hja skriuwt hiele aardige, attinte, persoanlike brieven, stylfol op in netkonvinsjonele manier. No't ik mei har sit te praten, falt my op, dat hja der sa ek útsjocht: stylfol, mar net stiif. Netsjes, mar mei in persoanlike artistike toets, dy't net bûnt of útwrydsk is, mar wol apart. Dat jildt ek foar it ynterieur fan har hûs. Hja draacht moaie sulveren sieraden dy't goed passe by har ljochte hier, dat yn 'e lêste jierren suver ûngemurken fan heechblond, sulvergriis wurden is. Hja hat hier om jaloersk op te wêzen: it falt altyd, sjoch mar nei de foto's dy't der yn de rin fan de jierren fan Berber makke binne. Sa'n lange lok soe my steefêst foar de eagen bingelje, mar by har falt er altyd mei in sierlike krol by har bril lâns.
Yn har fersen en teksten uteret Berber har wol gauris oer dingen dy't har net noaskje, oer har argewaasje, har ûnrêst, har sykjen nei oanhâld, mar har ferskining is harmonieus: in ideale kombinaasje fan leaver beukerjuf, kritysk-selsstannige frou en keunstsinnige dichteresse. ‘Fersoarge’ is faaks wol in goed wurd om har te karakterisearjen. Hja jout omtinken oan de ferskiningsfoarm, har eigen, mar mear noch dy fan har wurk. Foarlêze út eigen wurk is by Berber van der Geest net samar it oplêzen fan in stikmannich gedichten. It is in fersoarge optreden, gauris ynstudearre mei begelieding fan in befreone muzikant. Sa'n optreden is trochtocht en timed.
Prachtich fersoarge binne ek har berneboeken. Foar it earste, It âld kammenet, hat hja sels alle yllustraasjes makke en ek it omslach tekene: in âld kammenet mei alle mooglike skatten dêryn útstald, yn in âlderwetsk ovaal, tsjin in eftergrûn fan hûnderten lytse blomkes, dy't Berber der mei de tekenpinne stik foar stik op prigele hat. Har argewaasje, doe't by de proef al dy blomkes op 'e kop ôfprinte wiene!
Ek foar har ‘tinkbyldeboekje’, Deirdreamerijkes, dat fersierd is mei tsientallen bijen en flinterkes, hat hja al dy fine tekeninkjes sels makke. Har eigen omslach fan de earste fersebondel der binne fan dy dingen... foldocht my better as it ûntwerp dat Meinte Walta foar de twadde en ik bin gien... makke hat. Ik ha dat destiids yn myn kranteresinsje ek skreaun en Berber is dat net fergetten. As wy har wurk bylâns rinne, seit hja: ‘Sis no sels, omke Meinte sines is dochs folle profesjoneler.’ Hja bewûnderet syn wurk en kin der goed mei him oer prate. Yn har lêste bondel binne ek in tal fersen opnommen dy't skreaun binne by skilderijen fan Meinte Walta.
Berber van der Geest wurket graach gear mei oare minsken. ‘Dat kin dy o sa ynspirearje!’ In moai resultaat fan sokke gearwurking is dei en wei, in foto/fersebondel fan Berber van der Geest, Paul Janssen en Jantsje Noordermeer. Foar ferskillende teaterproduksjes hat hja teksten skreaun. Ek mei komponisten en musisi kin hja goed lykop wurkje. Yn 'e mande