It lânskip foaral; dat kinst sa moai abstraheare. Dy eroatyske dúnlânskippen op Skylge, mei fan dy froulike foarmen dy't sa moai yn elkoar oerfloeie. En de heuvels en gloaiïngs yn Frankryk, de Dordogne en Auvergne benammen. Gasterlân ek en de krite boppe Ljouwert, skilderachtich! Portretten soe ik net kinne. In protte oaren dy't it al dogge, trouwens ek net; sjochst gauris fan dy lege koppen.’
- Sit der in ûntwikkeling yn syn wurk?
‘Ja, yn 'e rin fan de tiid is myn wurk soberder wurden. Ik lit mear wei. De kleuren binne noch wol helder, mar dochs sêfter. Myn wize fan wurkjen is gelyk bleaun. Ik hâld net fan gegriem. It moat hurd. Ik feech it der yn ien kear op, aus einen Guß. Binnen tsien minuten moat it klear wêze. Ast begjinst te prutsen wurdt it meast neat.’
‘Fan de earste feech skrik ik altiten in bytsje. Ynienen dy kleur op it papier, dat is suver wat in wûnder. It leafst wurkje ik mei krytsjes, wasko, of mei fan dy brede timmermanspotleaden. Dêr haw ik altiten wol wat fan bij mij. Eins skilderje ik mei potlead. Fine lijntsjes, dat leit mij net. Ik ha oait trije boekomslaggen makke, mar dat is mij neat, dat is milimeterwurk, hin.’
‘Ik meitsje graach gouaches. Plakkaatferve droeget lekker hurd, soms brûk ik de föhn fan de frou. Meastal stean ik der bij. Myn skilderjen hat wat agressyfs. Ik feech deryn. It moat yn ien kear goed. It is echt hânwurk. Der mislearret dan ek in soad. It measte bedarret daliks yn it jiskefet. En nei ferrin fan tiid hâld ik nochris opromming yn wat der oerbleaun is. Myn fersen bin ik folle suniger mei. Dêr brûk ik de kop mear bij, bin ik ek langer mei oan 'e gong.’
‘As it wol is it prachtich, mar meastal mislearret it en dat is slim. Ik ha al withoefaak de hiele brot yn 'e hoeke saaid en tsjin mijsels sein: Hâld no ris op mei dy oanstellerij, dat sabeare artistike; do bist learaar, mear net. Mar je begjinne hyltyd wer te tekenjen. Op papierkes, adresbântsjes, boekelisten fan eksamenkandidaten, stinsels foar gearkomsten, bij de televyzje. Skilderjen haw ik nei in pear dagen myn nocht wer ôf. Dan pak ik wer in boek, want lêzen giet boppe alles.’
Jan Bylsma mei dan in grut part fan syn byldzjend wurk fuortgoaie, hij hat ek hiel wat bewarre. Op 'e souder (‘Dat soe eins myn atelier wurde - ik ha der noch in grutter rút ynsette litten -, mar it is der noait fan kommen. Te kâld, tefolle gedonder ek.’). It is meast âlder wurk. Gouaches, akwarellen, tekeningen, in inkeld stik yn oalje en akryl. Twa ezels ek, ien fan himsels en ien fan syn heit, dy't ek skildere. Under, yn 'e wenkeamer,