Trotwaer. Jaargang 19
(1987)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 3]
| |
Rudy Hodel
| |
[pagina 4]
| |
mear oer. It renêssânse-ideaal fan skilder/skriuwer of dichter/skilder is weisakke yn de mist fan de iensidichheid, dêr't inkeld noch in pear dûbeltalinten boppe útstekke. Sy, dy't yn twa ferskillende dissiplines in selsstannich oeuvre opbouwe,-- de dûbeltalinten - kinne lestige fragen ferwachtsje. Want wêrom ha se eins dy ambysje? Is harren skriuwen miskyn in oanfolling op it skilderjen of oarsom? Is it in foarm fan artistyk stuntwurk of is der sels sprake fan in geastlike spjalt, twa identiteiten, dy't de keunstner apart oan it wurd komme lit? Ut fraachpetearen mei de twa (foar de byldzjende keunst) wichtichste Nederlânske dûbeltalinten Lucebert en Armando blykt in opfallende natuerlikheid. Foar de ‘pur sang lyricus’ Lucebert begûn alles mei Mickey Mouse en in eigen stripferhaal: ‘Het bedenken en schrijven of het tekenen van het verhaal? Ik denk dat het voor mij allebei even makkelijk of even moeilijk was. Het ging altijd vlug, tekenen en schrijven liepen bij mij van begin af aan gelijk op.’Ga naar eind1) Ek foar Armando binne de boppesteande fragen amper relevant: ‘Waarom je de ene keer besluit te schilderen en de andere keer er de voorkeur aan geeft om te gaan zitten schrijven, dat weet ik niet.’ Armando vraagt het zich nooit af. De gevoelens overmeesteren hem en hij doet er wat mee.’ Foar him binne alle uteringsfoarmen lykweardich en it tema bliuwt itselde.Ga naar eind2) Wêr't skilders/skriuwers en dichters/skilders it graach oer ha, is it ambachtlike fan it skilderjen. It is konstanter, minder ôfhinklik fan it ‘momint’. Of neffens Reinder Rienk van der Leest: ‘De foldwaning by it skilderjen en tekenjen is gauris wol sa grut as by it skriuwen. ...it wurkjen is plesierich. By it skriuwen is dat net altyd it gefal. Soms skriuw ik fiif, seis siden fol en dan docht bliken dat mar in pear rigels brûkber binne. Dan baal ik knap.’Ga naar eind3) In populêr tema yn ynterviews mei skilders/skriuwers of dichters/skilders is ek it mear spektakulêre karakter fan it skilderjen. Skriuwers, dy't op see yn in geastlike depressy reitsje, binne by wize fan sprekken bûn oan de (lineêre) S.O.S.-koade, wylst skilders, dy't yn it selde farwetter belâne binne, alle fjoerpylken en ljochtkûgels ferstoke sille, dy't se op it skip fine. Dûbeltalinten ha dus mear kânsen, net allinnich om rêden te wurden (o ivichheid!), mar ęk om tusken wâl en skip te reitsjen. Benammen de wat mindere goaden ûnder harren. Sa neamt de pony ex professio Pieter Milder de skilderijen fan August Strindberg (yn it Ryksmuseum Vincent van Gogh) mar leaver ‘Ego-documenten’: ‘Strindberg was gewoon geen erg goed schilder. Hij beheerste maar enkele foefjes, zodat zijn werk abstrakt lijkt.’Ga naar eind4) | |
[pagina 5]
| |
Al mei al wit ik ek noch net krekt hokker kritearia ik oanlizze mei/moat foar it byldzjende wurk fan Jan J. Bylsma, Berber van der Geest, Reinder Rienk van der Leest, Tsjits Peanstra en Jan Wybenga. As ik earlik bin kies ik lykas Milder ek leaver foar it feilige ‘ego-dokumint’. Mar dan hie dizze ynlieding ek wol wat koarter en saakliker of hielendal weilitten wurde kind. As ik de fleurige yllustraasjes fan Berber van der Geest út It âld kammenet sjoch, binne my dy justjes te droech en twa-diminsjonaal om optein te wêzen. Mar se stroke wol prachtich mei de bedoeling fan har literêre wurk; ‘pielende wêze mei wurden oant der hwat aerdichs út 'e bus komt. As in oar it dan ek noch aerdich fynt soe dat wol sa aerdich wêze.’Ga naar eind5) Itselde lietsje kin songen wurde by de aardige, mar o sa nuete miniatuerkes en blomstillibbens fan Tsjits Peanstra. Foar it measte part hawwe de hjir neamde (Fryske) skriuwers/skilders wol in teken/skilderoplieding of kursussen yn dy rjochting folge. Berber van der Geest hat bygelyks de L.O.-akte tekenjen helle, Tsjits Peanstra docht oan kreativiteitskursussen, wylst Reinder Rienk van der Leest as grafysk ûntwerper wurke hat en ‘sûnt ferline jier de jûnsoplieding oan de AKI-akademy foar byldzjende keunsten yn Enschedé’ folget.Ga naar eind6) In hiel nijsgjirrich ferhaal yn dizzen is dat fan Jan J. Bylsma: ‘Jierren en jierren haw ik wat oars dien, njonken myn wurk, tekenje, skilderje, net dat dat nou sa kwalitatyf heech stiet, mar ik haw der in soad oan dien doe. Ik wie doe in soad op in paad mei Pier Feddema. Jammergenôch ferfear Pier Feddema, doe siet ik yn Gasterlân, doe bin ik in hiele bult mei him op en út west te skilderjen en te tekenjen en ik ha sels noch in kear eksposearre doe.’Ga naar eind7) De ynfloed fan Pier Feddema, dy't sels ek skreauGa naar eind8) is goed werom te finen yn Jan Bylsma's foarleafde foar it lânskip, syn iere ekspressive ‘hânskrift’ en syn wize fan abstrahearjen. Breed oansette kontoeren oerhearskje. Tige apart is de abstrakte komposysje út '65 (by myn witten hat Jan Bylsma nea opfallend abstrakte poëzij skreaun) en tige ôfwikend binne ek de hiel presys tekene ‘Auvergne’-lânskippen út '84. De ynfloed fan Pier Feddema hat dúdlik mar eefkes duorre. Noch gruttere ferskillen binne der yn it byldzjende wurk fan Reinder Rienk van der Leest te finen. It typyske reklame-affysje en boekomslach foar Komme dy kepers? komt folsein oerien mei syn iroanysk beskreaune aventoeren fan Dynte Planteit en Nier Hinnebruijer, wylst ien fan de grutte abstrakt-ekspresjonistysk oandwaande gouaches ynspirearre is op it gedicht ‘Hulshorst’ fan Gerrit Achterberg, dat wy hjir foar de folsleinens yn syn gehiel sitearje: | |
[pagina 6]
| |
Hulshorst, als vergeten ijzer
is uw naam, binnen de dennen
en de bittere coniferen,
roest uw station;
waar de spoortrein naar het noorden
met een godverlaten knars
stilhoudt, niemand uitlaat
niemand inlaat, o minuten,
dat ik hoor het weinig waaien
als een oeroude legende
uit uw bossen: barse bende
rovers, rans en ruw
uit het witte veluwhart.
Sa bin ik dochs wer by de ‘feilige’ ego-dokuminten bedarre. Immen dy't syn byldzjende wurk grif as sadanich beskôgje sil/wol, is Jan Wybenga. Syn gouaches, akwarellen, tekeningen en monoprinten foarmje in oanset ta in ‘karriêre’, dy't nei 1939 hookstrooks ophâldt. Yn dat jier lit er in knappe ûntwikkeling fan ienfâldige natuerobservaasje (‘Dahlia's, 1933) nei skerpe selsportretten en symbolistyske, op 'e klassike mytology ynspirearre foarstellingen efter him. Wêrom? Oant no ta haw ik yn it midden litten oft de fiif Fryske dichters/skilders dûbeltalinten binne. Lit my ta beslút sizze dat it wurd dûbel twa de selden betsjut. As wy fierders útgeane fan lytse, mar selsstannige (byldzjende) oeuvres, dan soe de konstatearring gjin of te min of te min ûntwikkele talint fataal wêze kinne. Dan soene de fiif besprutsen dichters/skriuwers hielendal gjin talint ha en dat wol ik hjir as pony yn sebralân perfoarst net beweare. |
|