[Nummer 1]
Fan 'e redaksje
Diskear werris wat oars as oars. Oanlieding wie de útstalling Bylzjende skriuwers / dichtsjende keunstners dy't fan 10 maart oant en mei 22 maaie op it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum (Grutte Tsjerkstrjitte 28, Ljouwert), hoden wurdt. Op dy útstalling wurdt byldzjend wurk sjen litten fan minsken dy't fral namme hawwe as skriuwer of dichter. De tentoanstelling op it FLMD wol benammen it ljocht ris skine litte op de oare fasetten fan it kreative wurk fan minsken dy't meastentiids allinne mar kend wurde as literêr keunstner.
Us, as redaksje, like it ek tige nijsgjirrich ta ús lêzers ris yn 'e kunde komme te litten mei dy oare kreative aktiviteiten fan de skriuwers en dichters waans byldzjend wurk foar de eksposysje op it FLMD útkeazen is. Ommers soe it net sa wêze kinne lykas John Updike yn syn foarwurd by Kathleen G. Hjerter har boek Doubly Gifted: The Author as a Visual Artist (New York, 1986) suggerearret, dat oan byldzjend en literêr wurk artistike prinsipes te'n grûnslach lizze dy't te fergelykjen en fan it iene op it oare medium oerdraachber binne? Om dy mooglike wikselwurking tusken byldzjende en literêre jeften op it spoar te kommen, binne fraachpetearen allinne net foldwaande. Dêrom diskear ek gâns byldwurk. Foar minsken dy't troch it byldwurk en de fraachpetearen op 'e smaak brocht binne, kin dit nûmer ek noch tsjinje as katalogus by de FLMD-útstalling, in útstalling nammers dy't troch minsken dy't mear witte wolle fan it wurk fan Jan J. Bylsma, Berber van der Geest, Reinder R. van der Leest, Tsjits Peanstra en Jan Wybenga fansels net mist wurde mei!