Ofsjoen fan de oertinkings fan Hein komt de lêzer fan de fjouwer haadpersoanen oer Aly noch it meast oan de weet. It is in senuweftich famke, dat bot yn noed sit oer heit en mem, no't hja sels yn in gefaarlike situaasje kommen is. Frjemdgenôch komt sy noch ien fan de oare persoanen noch de hostess op de gedachte om ris te skiljen mei it heitelân. Mei help fan de ambassade, dy't ommers ek rêdt foar de boattocht, hie dat grif mooglik west. Aly dwilet bytiden nachts, skaait út nei godstsjinstwaansinnige en ek op 'e boat yn de haven fan Aleksandrië jout sy noch bliken fan har bangens. Mei Hein hat hja fierders gjin persoanlike ferhâlding: hy fynt har in trut (s. 55), hoewol't sysels fia Ineke witte lit wol wat yn Hein te sjen: “Do moatst Aly wat yn de gaten hâlde,” sei se [Ineke] noch. Ik seach har ferheard oan. “Jimme kinne dochs goed meiinoar,” sei se. “Ikke?” “Dat haw ik fan har begrepen, ja.” Doe gyngen wy útinoar’ (s. 63).
Ineke is de (of: in) jeugdleafde fan Hein. Yn flash backs komt de ferkearing fan in pear jier ferlyn wer werom. Fan har makket Hein stikum in foto en mei har hâldt er in petear dêr't winliken neat yn sein wurdt. De ein fan dat petear is krekt oanhelle. De lêste tsien bledsiden fan it ferhaal spilet Ineke gjin rol mear dat makket, hat hja yn alle gefallen gjin kontakt mei Hein.
Bliuwt oer de ferhâlding mei Oebele. Maten binne it; hja partsje hotelkeamer en treinkûpee; hja prate mei elkoar oer it fersieren fan de beide froulju (s. 55) en werkenne yn elkoar deselde eftergrûn: in heit dy't oer syn oarlochsheltedieden praat en syn soan te hâlden jout, dat er neat wend is: ‘Wy laken. “Wy binne neat wend,” sei ik, sûnder erch. “Ferdomme, do likest ús heit wol!” Hy seach my lyk oan. “Wy ha de oarloch net meimakke, bedoelst.” “Do ek net?” sei er. Wat laken wy doe’ (s. 46).
It bliuwt lykwols by dy mienskiplike fêststelling. It komt net ta in petear oer dy gefoelens, ek net oer de oarlochssituaasje fan no. Dy fan har heiten likemin as dy't sy no sels sa sydlings meimeitsje. It is ommers net mear as de bûtenkant fan it oarlochsbarren dat ta har toeristebestean trochkringt: gâns bylden út it Egyptyske museum wiene opburgen yn 'e skûlkelders; Karnak wie foar toeristen eins net mear tagonklik; fleanmesjines fleane oer it swimbad en Hein makket in strjitoefening mei. Mar de oarloch rekket har net persoanlik. Sy prate net oer de efterlizzende politike tsjinstellings of de gefaren fan de befolking; sy binne wol benaud, mar mei dat gefoel gebeurt fierders neat. Sy prate sels net oer de leechlizzende hâlding fan heit en mem tsjinoer har, om't hja de oarloch net meimakke hawwe. Fan leafde, dêr't yn Moai waar en lange dagen op weromgrypt wurdt, docht neat bliken yn De oarloch meimakke. It wurdt my dan ek abslút net dúdlik wat de ynhâld fan it petear wurde moat, dêr't de skriuwer yn de lêste sinnen op oanstjoert: ‘Wy moatte ris prate,’