| |
| |
| |
Geart van der Zwaag
It ûntstean fan Operaesje Fers
3. It begjin winliken
Mei it ôfknipen fan 'e Hearbeamster telefoanline, in goed wike yn 'e maartmoanne op, wie Operaesje Fers bedarre yn 'e tredde en lêste fase fan syn ûntstean. Tarieding en earste hite hei wie fjouwer moanne mei hinne gien. It soe even mear tiid freegje en krij de operaasje echt fan 'e grûn. Mei it jild fan partikulieren en in inkeld fûns, in stipe foar ien kear, wie Operaesje Fers wol al ta oansjen kommen, mar dêrom noch net ta wêzen. Provinsje en Ryk soene de operaasje no fierder op 'e noed nimme, woene wy ha.
Mar wat wy yn in fleach fan artistike koartsigens hawwe woene, dat koene de oerheden yn bestjoerlike skrillens en amtlike formelens net opbringe. En it like der op dat de stânpunten har yn dy tsjinstelling oan mekoar skerpen. De tûzenen mochten oan 'e aksje poëzij en wille belibje, de kultuerbazen hongen swier yn 't gat. It mocht ús earst dan mar gean om in pear tûzen gûne foar it rinnende jier, wy kamen by har foar de winige doar.
In opfleanderke, neamde deputearre Van der Mark de operaasje, en dêr moasten wy it mei dwaan. Minister Klompé fan CRM fûn wat oars út: ‘... met het oog op consequenties ten aanzien van mogelijke soortgelijke initiatieven.’ Hie men soks hjir net alris earder heard?
Operaesje Fers paste net yn 'e systemen.
It wie al begûn yn 'e Frjentsjerter sintrale, mar dat gefal hie fierder net safolle te betsjutten. Wis, it telefoanysk netwurk wie wol even yn ûnstjoer brocht, mar de technyske lju laken der om. De PTT hie it probleem mei it Ljouwerter soadsprekkersysteem samar oplost.
Mei it maatskiplik netwurk siet it dreger, de struktueren dêrfoar wiene sa linich net. Mar wy maalden ek net om itige prosedueres, taasten it wenstige byld fan 'e poëzijkeunst oan, ûndergroeven it Fryske taalpolitike bolwurk en makken tagelyk de Fryske poëzij oeral nachts en deis berikber. Dat koe gjin kant út. Dêr moast troch de ynstânsjes steech oer stind wurde.
It poëtysk netwurk, dêr't wy de subsydzjes foar en mei fange moatte soene, woechs hurd oan, mar wie noch nij en net beklaaid mei politike macht. Fan de Skriuwersrûnte, dy't wy yn't earstoan seagen as ús opdrachtjouwer, mochten wy yn dat stik fan saken neat ferwachtsje. De Koartehimsters hiene ál in kommisje beneamd om it Operaesje Fersidee op syn útfierberens te besjen en as it der in bytsje op like mei de dichterstelefoan útein te setten, de measten hiene ek har part yn 'e ope- | |
| |
raasje betelle, mar fierder woe de rûnte net gean. Dat bliek dy hjerstmis wol, doe't wy yn Koartehimmen de opfolging fan redaksjeleden te praat brochten. Doe wie it ho! Wy krigen fan ien út 'e rûnte sels de wink, dat it sa wol moai west hie...
In diskusje oer it program fan Operaesje Fers, dellein yn it earste kommunikee, is dan ek neat fan kommen, hoewol't dêr oars genôch oanlieding ta bestie. Dat tekene de wize fan dwaan.
De rûnte koe him yn in wykein skoan ûntjaan ta in literêre goudploech, goed foar altyd wol ien fruchtber idee, mar it slagge faak net om meiinoar de plannen út te wurkjen en der dan yn syn gehiel ek in bytsje efter te stean. Benammen doe't dy ideeën en plannen de besteande struktuer fan de Fryske skriuwerij oantaasten (Operaesje Fers, Tsjerne/Trotwaerwiksel, Koperative Utjowerij) ûntstie yn 'e rûnte twibrek. Reboeljes hawwe har yn Koartehimmen net ôfspile, mar de ploech soe in pear jier letter wol mei it dynamyt, yn eigen rûnte ûntstien, om in luchje gean. De Koartehimsters wiene Operaesje Fers doe al lang ôfstoarn, dat is te sizzen: as rûnte. Persoanlik wurken de dichters dy't dêr plichten te kommen nuvergenôch wol allegearre oan 'e operaasje mei.
It moat sein wurde, de stypjende reaksje fan it dichtersfolk kamen earst en meast fan om utens, út it nederlânsktalige wie
Op útnoeging fan de Haachske dichteresse Meta van IJzer, dy't mei de
Prof. J. pen yn ‘de Volkskrant’ d.d. 22-3-1968
| |
| |
redaksje fan it tydskrift Kentering yn har wenning oan de Soendastraat ûnder de namme Metafoor poëzijjûnen organisearre, setten wy op freed 8/3-'68 fjouwerisom de Ofslútdyk oer, Jan Dotinga ek mei, om de jûns yn in program mei Jan H. de Groot ynformaasje te jaan oer de dichterstelefoan.
Wy sprieken dêr op fan 'e operaasje, seine ús fersen en kamen der yn 'e suite mei del as in fryske klaaiklute yn in stille haachske fiver.
De Groot soarge oars foar genôch fjoerwurk mei syn ‘Sonnetten tegen de hemel’, mar syn wurden smoarden yn pluche en dûbel velours, like it wol.
‘Het obligaat-poëtische sfeertje’, skreau Harry Scholten yn 'e Haagsche Courant, en Dr. C. Rijnsdorp yn 'e Nieuwe Haagse: ‘Voor ons ouderen was het een kleine reünie van mensen uit de voormalige Opwaartse Wegen-groep’.
Mar foar Operaesje Fers wie in protte belangstelling. De lju stiene yn 'e rige om har fersen op Meindert syn healbizich bânapparaatsje, ús hiele ynstrumintarium, yn te sprekken. Guon jagen nei hûs ta om har teksten dêr foar op te heljen. Fierder krigen wy jild mei en de bêste winsken.
In oare literêre ploech dy't him oppenearre wie dy om it blêd Nordlitt hinne, dat yn Assen útjûn waard. Piet van Steenbergen alias Edsard Berger wie dêr de man fan.
By Meta van IJzer metten wy ek Flaamske dichters, dy't wakker ynfregen op ús wize fan wurkjen.
Se prakkesearren der oer sels ek mei in dichterstelefoan te begjinnen. Dat is der letter ek fan kommen.
It is net te dwaan en beskriuw al de opteine reaksjes, dy't wy yn 'e earste wiken fan 'e operaasje, foaral út it bûten-fryske wei, rjochtstreeks of fia de krante, fan dichters en oar folk, ynkrigen. Har nammen allegear te neamen is ek gjin begjinnensein oan.
Dúdlik ôfwizende reaksjes kamen ús mar in pear ûnder eagen: fan Jan Blokker yn 'e Volkskrant fan 5-4-'68 en fan Freark Dam yn 'e Strikel fan maart '68. Har krityk op Operaesje Fers, wat gekoanstekkerich fan toan, fûn net folle wjerklank.
Nei de rûzige Frjentsjerter wiken (16/2 -8/3) en in likelang skoft fan swijen (9/3-1/4) ferfette Operaesje Fers op 2 april '68 de poëzijútstjoering, út Ljouwert wei, oer twa linen, ûnder nûmer 31313. De Gemeente Ljouwert bea ús de eardere BB-bunker ûnder de Plataanskoalle as tydlik ûnderkommen oan. Sa rekken wy mei de poëzij ûnder de grûn. De symbolyk sterke ús ferbylding. It wie in prachtich hoal, mei in rojale telefoankabine, in gehoarsealtsje foar wol in hûndert minsken en ek fierder romte by
| |
| |
de rûs. Hie it net foar tydlik west en net wat ôfhandich lein, men hie der wat moais fan meitsje kind.
Fan it jild, ynkrigen fan partikulieren, koene wy it ferfarren, de twadde line en it twadde antwurdapparaat krekt sa'n bytsje dwaan.
Dy twadde line wie foar Operaesje Fers tige fan belang, om't wy dêr de meartalichheid, yn ús earste kommunikee proklamearre, mei stal jaan koene.
Njonken it Fryske fers koe no in Nederlânsk- of oarstaligen útstjoerd wurde.
Dat trochbrekken fan it taalisolemint hiene Fryske taalbefoarderders in skalk each op, fernamen wy út ûnderhânse mûnlinge reäksjes.
Drs. F.J. Bergstra brocht de ‘Fryske’ krityk op Operaesje Fers foar it Frysk Filologekongres 1972 lykwols sa ûnder wurden:
‘... En nou moat ik noch al hwat fierder op 'e tekst oer dy twatalichheit, dy't tsjintwurdich sa'n opgong makket. It is wol it goede biedwurd dat de net-Friezen der ta bringe moat om ús it Frysk yn to skikken. It is spitigernôch ek faek it biedwurd dat de Friezen derta bringe moat om it Hollânsk oan to nimmen yn forbannen dêr't se oant nou ta noch ientalich-Frysk warber wêze koenen, al wie dat ek yn in soarte fan bisletten gebiet. It wurdt fansels wol in faeije saek as út in saeklike reden de Fryske tydskriften ek al Hollânsk opnimme en eltse foarstap dy't yn it Frysk nommen wurdt, ek al op it Hollânsk oerslacht, oft dat nou in kabaret is of Operaesje Fers. Ik leau dat it foar de ûntjouwing, foar de sounens fan 'e Frysktalige kultuer fan it greatste bilang is, dat guon forbannen oerbliuwe dêr't it Frysk as iennichste tael, dus yn in mearderheitsposysje,
| |
| |
him jilde litte kin. Op skoallen is dêr fansels gjin mooglikheit ta. Binnen troch ús sels opsette organisaesjes bistiet dy mooglikheit al. Soksoarte organisaesjes binne nedich om as kearnen fan útstrieling to wurkjen dêr't it hiele Fryske kulturele libben út wei biynfloede wurde kin!
De foardracht, dêr't dat in sitaat út is, waard ûnder de titel ‘Twatalichheit, meartalichheit en ûndertalichheit’ ôfprinte yn Philologica Frisica 1972, siden 14-23.
No, goed tsien jier letter, wol ik dêr dit fan sizze. Operaesje Fers hat yn 'e fyftjin jier fan syn bestean mear as in bytsje dien oan it befoarderjen fan it Frysk, wylst dat net it doel fan de stifting wie. De fersen wiene foar ús de iennichste ‘kearnen fan Fryske útstrieling’. Wy seine se sûnder euvelmoed, sûnder minderweardichheidsgefoels, dy maitiids yn Den Haach en in pear moanne letter yn it fakânsjesintrum ‘Witterzomer’ by Assen en yn dyselde snuorje op ûnderskate kampearplakken yn Fryslân mei meast Hollânsktalich publyk. En wy hiene sa no en dan in bytsje it gefoel dat it ferbrekken fan de bining tusken literatuer en Beweging, yn 1946 mei út namme fan Bergstra troch de Tsjeme-redaksje oansein, wurklikheid waard. Want nimmen klage, nimmen twong ús yn oare wei. Troch it mei it Frysk boartlik en foaral funksjoneel te hâlden koene wy de faak yn himsels dearinnende taalstrideraasjes út 'e wei gean. Sa koene wy foar it Frysk mear dwaan as út in ‘bisletten gebiet’ wei.
Trouwens, Fryslân reagearre mar sleau op ús ûndernimmen, mei kopij, mei jild en mei publisiteit. Earder wiisde ik dêr al op. Mar ek al wie dat wat nofliker útpakt, dan hie de operaasje mei in allinne Frysktalige opset op gjin stikken nei de opgong makke, dy't dy no krige.
Fierder paste de twatalige Operaesje Fers goed yn 'e Fryske tradysje; wy hâlden oan op ‘it Beaken’ en ‘de Pompeblêden’ stoden der nei.
It earste fers út 'e Ljouwerter bunker wei gie oer twa linen yn fiif talen de wrâld yn, ek yn 't Russysk, dêr't Meindert wakker foar op om studearre hie. It naaide der mei de telefoanyske oproppen fuort wer in koerts út, mar ek letter, doe't wy tagelyk twa fersen útstjoerden, in frysken en in hollânsken. It soe wol saksearje, tochten wy; dy maitiids, as it nijs der wat ôf wie, soe de delklap wol komme. Mar dy kaam net. It skiljen gie mar troch, de apparaten klikten almaroan, de bânen draaiden sûnder ophalden. It wie in aardichheid en stean der by te sjen: wer gie in fers de wrâld yn, it woe nei de minsken ta, om mei Obe Postma te praten. Wa't dy minsken wiene, koene wy net witte. Faaks kaam it súkses fan Operaesje fers dêr wol fan, yn anonimens de dichter beharkje kinne. Hoe dan ek, de dichterstelefoan like in fêste keam fan klanten te hawwen. It evenredige tal oproppen wiisden yn dy rjochting.
Op 2 april 1968, de dei fan it twadde begjin fan de fersútstjoering, waard
| |
| |
Operaesje Fers ynskreaun yn it Openbaar Centraal Stichtingenregister. Dêr hiene wy foar nei Duintjer ta west, yn 'e Prins Hendrikstrjitte. Yn 'e earste jierren rêde de redaksje nammers ek mei de bestjoerlike saken. Letter waarden dy funksjes ûntkeppele.
Yn dy aprilmoanne makken Meta van IJzer en Reinder van der Leest de redaksje kompleet. In ploech fan fiif hie fuort al ús bedoeling west, it tydlings om bar wer ôfgean lyksa. De operaasje moast yn beweging bliuwe, foaral jonge en oankommende dichters soene dêr in skoft yn meidraaie kinne moatte, wiene wy fan betinken.
Reinder hie yn Koartehimmen mei oan 'e widze stien, de operaasje tige mei taret. Meta, al sa mei de aksje op 'e tried, wie in wichtige skeakel yn ús kontakten mei de Hollânske dichters en de Haachske parse.
It waard no mienens mei Operaesje Fers. Wat yn 't oankommen it meast wei hân hie fan in grap, in literêre stunt, krige no wat ynhouten, in organisatoarysk ferbân, yn earsten de losse kant it neist. Dat joech oan de operaasje de measte romte. Operaesje Fers wie wol in stifting wurden, mar ien mei in iepen struktuer. Troch de kommunikees koe elkenien fan de aksjes op 'e hichte bliuwe.
De operaasje wreide him ûnwiten út, wie al net mear oan de nammen fan de operateurs te ferbinen.
Foar it fersoargjen fan de fersútstjoering krigen wy ferlet fan in lûdtechnikus, dêr't wy in oprop foar yn 'e krante setten. In soad reaksjes smiet dat net op, mar dy iene wie der by: Klaas Tuinenga sinen. Klaas soe foar Operaesje Fers in protte komme te betsjutten. Behalven dat er kundich wie op it mêd fan 'e lûdtechnyk, koed er goed mei it dichtersfolkje oer de wei en wied er sa operaasjegek, dat er de nedige apparatuur sels mar kochte, as in oerheid it frege subsydzje wer ris wegere hie. Giene yn 'e redaksje, dêr't er gewoan yn mei draaide, de seeën ris heech, rûn de kreätive bluisterigens de swetten wer ris oer, Klaas bewarre jimmer it sûne ferstân.
Dy simmers setten wy útein mei it útwurkjen fan de fierdere ideeën, dellein yn it earste kommunikee. Wy hâlden poëzijjûnen op kampearterreinen, te Grou (Witte Boerderij), by de Burgumermar (Klein Zwitserland), yn Earnewâld (Rekreaasjeseal Kampearplak) en yn it earder neamde ‘Witterzomer’ by Assen. Soks koe tige ûngelyk ferrinne. In stikmannich apart útnoege dichters en dichteressen brochten sa'n jûn earst meiïnoar wat op gong, dêrnei wie it alle kearen ôfwachtsjen. Soms kamen de gasten sels fanwegen mei eigen dichtwurk of mei musyk. It koe wol útdraaie op bingo, mar yn lytser rûnte ek wol op in petear oer poëzij en/of de Fryske taalsitewaasje.
Behalven dat it der ús om gie de poëzij te popularisearjen en Operaesje
| |
| |
Fers te propagearjen, wiene wy foaral ek út op gaadlike teksten. It wie wolris in toer om dêr oan te kommen.
Fan wat wy oan ferswurk ynkrigen wie ornaris mar in lyts part goed te brûken. De tastiene stjoertiid fan op in heechsten ien minút de oprop hâlde in strange beheining yn. Wy hantearren fierder in literêre noarm, mar de teksten moasten ek noch in bytsje passe by it medium. Wiene dy kompleks fan taal en struktuer, dan kamen se op 'e telefoan trochstrings net ta har rjocht. Dêrom net, troch de krapte fan fersen waard de hân wol lichten, ek mei de literêre noarm wol. It flechtige telefoangedicht koe dat even mear mei lije as mei in fers op skrift. Mar op 'e telefoan woe in gedicht, sein fan 'e man of de frou sels, ek noch wolris op ús ta komme.
Doe't de operaasje in moanne of wat gie hiene wy oars gjin kleien mear oer de Fryske poëten, likemin as oer de Nederlânsktalige. Elk woe wol meidwaan, hoewol't wy gjin honorarium hiene oan te bieden.
Wy hiene besocht mei de Leeuwarder Courant wat op te setten, beaën de redaksje de poëzijteksten oan. Dy geregelwei publisearje, dat like ús foar dy krante en foar Operaesje Fers nijsgjirrich ta, mar it gie ús foaral ek om de fergoeding dy't wy betingen. Dat waard 'm net. De Ljouwerter soe in jier of wat letter wol brea sjen yn 'e poëzij en mei de Lyrische Courant foar 't ljocht komme.
Wy waarden trijerisom nei de Prinsetún roppen.
Kin der ek even praat wurde, hie Frou Faber frege. Fan har krigen wy fuort it leksum: wy hiene it mei de operaasje hielendal ferkeard oanpakt. Wy hiene de Kultuerried fantefoaren rieplachtsje moatten. De feiten wjerleine dat. Mei troch ús wize fan wurkjen sieten wy dêr no by bestjoer en direksje as noege lju, en wy koene ús gjin geryfliker posysje yntinke om ta ús doel te kommen.
De Kultuerried, de Dokkumer boargemaster Van Tuinen foarop, bliek de operaasje tadien te wêzen en ree om wat oan 'e jildpine derfan te dwaan. It advys oan Deputearre Steaten helle neat út, mar in stikmannich ynstruiïngs fan partikuliere fûnsen, ús troch de Ried oan 'e hân dien, holpen dochs wer even.
Fan Frou Faber har krityk wol ik my dêrom sa net ôfmeitsje, temear net omt Freark Dam yn ‘De Literaire Krisis fan Fryslân’, taheakke fan ‘Monocle’, skoallekrante fan 'e Rykskweek te Ljouwert, dy hjerstmis ferskynd yn ferbân mei de Tsjerne-krisis, mei in fraachpetear ek soksoarte lûden hearre liet: ‘... Mar sûnder subsydzje bliedt it samar dea. Nim nou Asyl of Operaesje Fers. Dat lêste is de iennichste foarm fan pop-art yn Fryslân. Nou is it beroerdste dat dy jonges dy't dêr mei operearje - ik stel my foar dat it mannen om-en-de-by de tritich jier binne - har hâlde en drage as
| |
| |
pubers fan sawntjin jier. Dy prolongearre puberteit hjit dan wol typysk dichterlik, mar is yn elk gefal typysk Frysk. Se ferpakke net in bipaelde dosis wysheit en bilied yn sa'n project. Om finansiéle stipe to krijen moasten se witte hjir en dêr om tinke to moatten’.
It wíe sa, wy hiene neat tefolle earbied toand foar de hillige húskes fan de kulturele ûnderbazen. Dêr woene wy en dêr koene wy oan foarby. Wy bespilen de parse mei skerpe kommintaren en wiene troch de telefoan rjochtstreeks ferbûn mei in breed en optein publyk, ús grûnflak en klankboerd.
‘Gjin paternalisme’, dat wiene de earste wurden fan it kredo fan Operaesje Fers. Ut dy kar kaam ús hâlden en dragen fuort, mear as út in fynynleine en slûchslimme strategy, en it soe fertuten dwaan!
No kin men Frou Faber en Dam in ein yn 'e mjitte komme en jin as goedwollende boarger ôffreegje oft it folgjen fan de besteande regels faaks ek net, en mooglik noch earder, laat hie ta subsidiearring. It antwurd moat in trijefâldich nee wêze, want:
- sokke regels wiene der net. Provinsiaal subsydzje foar trochgeande literêre aktiviteiten, dy't mei Operaesje Fers in bytsje te fergelykjen binne, byg. dy fan it literêre tydskrift, bestie net. Dat soe pas yn 1971 ynsteld wurde.
- dêrfoar wie der by de ljy, dy't de Fryske literatuer bemasteren, tefolle ferset en tsjinwurking. Dam sels hie dêr earder al blyk fan jûn. Wis, der wiene ek positive lûden, lykas fan Noordmans yn 'e Leeuwarde Courant, mar dy wiene yn 'e minderheid.
- dy moedsume wei lâns wie ús de nocht en de ynspiraasje samar fergien, is it ûntstean fan Operaesje Fers jin net yn te tinken.
Mar om op 'e skiednis net fierder foarút te rinnen, wy skriuwe augustus 1968 en ryk en Provinsje woene fan Operaesje Fers noch altyd neat witte. Wy hiene dy simmers wol alris wer in skoat op it Provinsjehûs dien, dêr kreas en neffens de regels (!) in ôfspraak foar makke, mar doe't it mei it petear wêze soe, wie de deputearre fan honk. Omt in akseptabele ûntskuldiging sawol as in nije útnoeging weibleau loeken wy ús konklúzjes. Ut telefoantsjes mei CRM makken wy op, dat it by de oerheden al gjin fraach mear wie oft Operaesje Fers subsidiearre wurde moast, mar inkeld noch hoe, troch hokker oerheid dat dien wurde moast. CRM woe ha de Provinsje soe stypje út de Van Ommenpot, in foar spesifyk Fryske saken jierliks fêststeld stik ryksjild. De provinsje, begriepen wy, woe mei it each op 'e twataligens fan de poëzijaksje ta op in apart Rykssubsydzje, in stribjen dêr't wy it oars wol mei lyk fine koene, mar ús grutte soarch wie, hoelang de operaasje dy amtlike toulûkerij noch ferneare kinne soe.
Mei in stipersaksje wie it ek net te heljen, hoe goed dy oars ek ek rûn.
| |
| |
Immen ús Den Haach, dy't anonym bliuwe wie, joech samar tûzen gûne, wat er letter nochris en nochris dwaan soe. Sa earmoede it oan septimber ta troch.
Wy hiene ús nocht, wisten wat de saak wurdich wie en woene dy polityk oanskerpje. Op 5 septimber waarden de fersebânen stilsetten en gie it alarmearjend kommunikee út.
Faaks hie de operaasje it om 'e sinten noch wol in pear moanne úthâlde kinnen, mar dan soene de oerheidsbegruttings rûn en de dêrby hearrende politike disputen foarby wêze. De maatregel wie folslein ferantwurde, want de aksje hie ús persoanlik al genôch jild koste. Boppedat stie de PTT oan op it iepenjen fan in tredde line, dêr't wy de kosten net fan opbringe koene. De opropfrekwinsje wie nei in healjier O.F. noch altyd tige heech. De oproppings oant doe ta waarden rûze op meiinoar 200.000, de net beantwurde meirekkene. De fersen wiene yn dy seis moanne 60.000 kear beharke.
It kommunikee en de berjochten op 'e telefoan taasten goed ta, de publisiteit die syn wurk, it wie wer Operaasje Fers foar en nei. Wy wachten ôf. Op freed 13 septimber brocht it ANP ús it nijs: Boargemaster en Wethâlders fan Ljouwert stipen Operaesje Fers mei f 1.250, -- en joegen in garânsje foar f 750, --, yn it betrouwen, dat Ryk en Provinsje no ek fanwegen komme soene. Dat wie wat wurdich! Dy help, net iens frege, wie foar it fuortbestean fan de operaasje fan ûnwiten belang. Net om 'e sinten sasear, hoefolle ferlet wy dêr ek fan hiene, mar foaral troch de politike druk dy't dêrmei op 'e oare oerheden útoefene waard. Benammen op it Provinsjehûs like dêrnei foar Operaesje Fers de wyn om.
| |
| |
Op 11 oktober makke Operaesje Fers mei twa telefoannûmers oer fjouwer linen syn tredde begjin: 31313 (2 linen) foar it Fryske, 31343 (2 linen) foar it Nederlânsktalige gedicht.
Fiif wike hiene de bânen stilstien, de dichters staakt, en it hie holpen. Op 18 novimber krigen wy fan 'e provinsje berjocht oer it takennen fan subsydzje: f 1.250, -- foar 1969. De deputearre hie in moasje yn 'e desimbersitting fan 'e Steaten mar net ôfwachte.
Dat hie oars noch wol nijsgjirrich wurde kinnen, want der wie, nei oanlieding fan in ferske fan Edsard Berger, dat wy yn 'e tredde wike fan oktober útstjoerd hiene, aksje fierd tsjin de operaasje. Hindrik Algra, haadredakteur fan it Friesch Dagblad, wie dêr foaral de man fan.
Yn ‘Trotwaer’ 69-4 haw ik dat aksedint ûnde de titel ‘De fruchtberens fan in “lullich” fers’ beskreaun, dat dêr wol ik fierder mar nei ferwize. It is Algra, ek lid fan 'e Earste Keamer, net slagge en beynfloedzje de gong fan saken, bygelyks troch it subsydzje foar Operaesje Fers op te kearen teminsten yn Fryslân net. De subsidiïnten hjir, dy't troch him warskôge waarden, namen de wraakte tekst net sa heech op. Deputearre Van der Mark gniisde der om, en Boargemaster en Wethâlders fan Ljouwert ferklearren, nei oanlieding fan in fraach dêroer út 'e Rie, betrouwen te hawwen yn it ferantwurdlikheidsbesef fan de organisatoaren fan Operaesje Fers.
CRM wachte op adfys fan de Raad voor de Kunst, teminsten dat wie de hiting.
De operaasje wie oant doe ta bûten de partijpolityk bleaun, wat yn 'e Fryske sitewaasje gjin wûnder wie, want Operaesje Fers telde hjir syn skillers en syn skrillers yn alle rûnten, likefolle read of fyn. Ek yn it oerheidsbelied wjerspegele him dy ferhâlding.
Lannelik lei dat even oars. Wy libben ûnder it regear fan it kristlikliberale kabinet P. de Jong, mei de linkse partijen yn 'e opposysje dus. Wat koe Operaesje Fers mei syn ideeën dêr fan ferwachtsje. Minister Klompé wie dy neisimmers wol mei in moai fehaal fan in konferinsje yn Amearika weromkomme (Wij moeten de natuurlijk creativiteit van de jeugd aanmoedigen), mar Sinteklaas wie al foarby, doe hiene wy noch altyd gjin beskie op ús fersyk fan in fearnsjier earder.
Wy stiene it net, hâlden it op 'e dwerse kneppels fan Algra c.s.. Josse wie Anne Vondeling oan west, grut oanhinger fan Operaesje Fers en lid fan 'e Twadde Keamer.
Sa waard de operaasje eins tsjin ús sin (‘gjin biningen’) behelle yn it partijpolitike spul.
Op 28 desimbe 1968 hiene wy by Klaas Tuinenga oan hûs (Beatrixstrjitte 3c), dêr't de apparatuer fan Operaesje Fers mei de linen ûnderbrocht wie
| |
| |
-it mocht wol al in studio hjitte-, de lêste redaksjegearsit yn 'e âlde formaasje. Yn ferbân mei myn ôfgean soe ik it skriuwersargyf oerdrage. Dêr koe ik it brief fan CRM, dy sneontemoarns út 'e post fiske, oan tafoegje: de takenning fan f 1.000, --.
Dat wie lang net wat wy frege hiene, mar mei de formulearring fan it takenningsbrief wiisde it net sa min. Operaesje Fers hie, sa bliek, by CRM in klompe tusken de doar, liet it in berneklompke wêze, in biddelklompe. Sa joegen de trije oerheden, elk op syn wize, de operaasje syn needsaaklike jildlike basis, in besteansgrûn, dy't it de kommende redaksje mooglik meitsje soe om de fierdere ideeën út te wurkjen.
It wie slagge en brûs mei de poëzij yn 'e tiid fan in moanne of tsien troch de technyske, literêre, amtlike, bestjoerlike en politike systemen hinne. It mocht ús dan fierstente stadich gean, foar Nederlânske begripen koe it net flugger.
| |
Things that go away
the sun the moon the stars
| |
| |
Underwilens wie it Operaesje Fers-idee ek yn it bûtenlân oanslein. Yn it begjin fan 1969 ûntstie yn New York in dichterstelefoan ûnder de namme Dial-a-Poem, dêr't ûnder oaren Anne Waldman en Allen Ginsburg oan meiwurken. Operaesje Fers naam har teksten oer en stjoerde dy wer út.
Letter soe ek yn Flaanderen, Wales, Skotlân, Dútsklân, en mooglik noch wol yn mear wynstreken, telefoanpoëzij te beharkjen wêze.
It earste OF-kommunikee sei (by punt 7): ‘Fanút ús kredo leauwe wy, dat dit hiele plan ek in ynternasjonaal karakter hawwe moat, en wy sille dan ek oarstalige fersen dy't ynkomme net wegerje, kontakten yn dy rjochting binne al lein, biheind fansels, mar de mooglikheit sjugge wy’.
Doe't dat delskreaun waard, moast it earste gedicht noachal útstjoerd wurde. Dat sizzen grypte sa fier op 'e ûntjouwing foarút, dat men it, al of net mei de hiele aksje, maklik foar bluisterige healwizens ferslite koe. ‘05170 is het kennummer fan Franeker’, skreau de Friese Koerier by de start fan Operaesje Fers, en dan moast men it oars wol witte.
En it wíe sa, wy wiene net goed yn oarder.
| |
Ta beslút
Men kin jin ôffreegje wat Operaesje Fers foar de Fryske literatuer te betsjutten hân hat. De beantwurding fan dy fraach, dy't in oer alle boegen bestudearjen fan dat poëtyske ferskynsel ferget, falt bûten it bestek fan dit artikel. Dochs wol ik dêr ta beslút noch wol in pear wurden oer sizze.
ien fan 'e wichtichste doelstellings fan Operaesje Fers wie it ferbetterjen fan 'e kommunikaasje tusken poëzij en mienskip, de dichter en syn gehoar. Belied en middels wiene dêr op rjochte.
Neigien soe wurde kinne yn hoefier dat doel berikt is. Bjusterbaarlik hege tallen telefoanyske oproppings foarmje dêrfoar inkeld in kwantitative oanwizing. Besocht soe wurde moatte ek de kwalitative kant fan de poëtyske kommunikaasje boppe wetter te krijen.
Ek soe ûndersocht wurde kinne oft Operaesje Fers ynfloed hân hat op 'e poëzijproduksje. De fraach soe steld wurde kinne: is der mear skreaun, mar foaral ek: is der troch de operaasje oars skreaun. Binne der mei it nije medium oare (soarten fan) fersen ûntstien, en sa ja, wat binne dan de kwalifikaasjes.
By einsluten soe besjoen wurde kinne yn hoefier't Operaesje Fers bydroegen hat ta it literêre klimaat, dat yn 'e lette sechtiger jierren geunstich bliek te wêzen foar it ta stân kommen fan in tal strukturele feroarings yn 'e Fryske skriuwerij.
Yn 'e Skriuwersrûnte Koartehimmen waard op dy romrofte earste novim- | |
| |
bersnein fan 1967 sein: wy besykje it, net dat dit it is, nei dit wer wat oars. Nei 15 jier Operaesje Fers is it faaks net ferkeard om ús dy wurden yn 't sin te bringen, de saken sa te relativearjen, dat de ynstituten gjin kânsen krije en bestean om 'e wille fan harsels. Yn in aloan feroarjende maatskippij kin it gjin kwea en gean ris fannijs nei hokfoar middels, de technyske goed meirekkene, tsjinstber makke wurde kinne foar de poëzij en syn berikberens.
Alde klean moatte op 'e tiid útstrûpt wurde kinne, want de literatuer, ek de Fryske, wol noch wolris mear tsjinne wêze mei feroarings as mei kontinuïteit.
| |
Noat fan de redaksje
Troch de ferwikseling fan twa kopijsiden binne 27 rigels fan it twadde diel fan It ûnstean fan Operaesje Fers yn Trotwaer 1983-3 op in ferkeard plak yn 'e tekst telâne kaam. Achter ‘Mar no wie it al even oars’, hast healwei side 174, moat earst lêzen wurde de seisde rigel fan side 175 (‘Ik siet al gau by de heechste telefoanbaas...’) oant de tsiende rigel dêr fan ûnderen (‘- Nije kontakten...’).
|
|