Konklúzje
Foarôf wol ik sizze dat ik neat tsjin literêre prizen ha, omt der dochs al net folle kânsen binne om it boekebedriuw - dat ornaris net sa bylket - ris yn de skynwerpers te setten. Sadwaande ha ik ek wolris yn in advyskommisje sitten, byg. yn dy dy't de priis oan Ypk fan der Fear takend hat. Van der Schaaf misgun ik de priis ek net yn it minst. Dat betsjut lykwols noch net dat syn boek ek yn Trotwaer besprutsen wurde moatten hie. Paulus Akkerman - al sa'n smoute ferteller - syn boeken binne yn Trotwaer net altyd besprutsen hoewol't ek hy ûnderskieden is mei de Gysbert Japicx-priis, likemin as dy fan priiswinner Rink van der Velde. En dat komt net allinnich omt de Friese Pers sels ek al wat selektearret sa't skynt, en ús guon boeken net tastjoert. It soe flau wêze jin dêr efter te ferskûljen.
Der binne útsûnderingen: doe't Akkerman de priis krige, hat Trinus Riemersma twa boeken fan him op it harspit nommen yn in artikel mei de moaie begjinsin: ‘Wy wiene al moai hwat jierren ôf fan 'e aeklike needsaeklikheit om literair net to bêst wurk mei breed fortoan fan skriftekundich ynsjoch en út toloarstelling fuortkommende grimmitigens fia literair tydskrift, deiblêd en mikrofoan nei de dongbult te wizen’ (Trotwaer 1971, nr. 7/8, s.1). Oer Ien foar 't ôfwennen fan Rink van der Velde is der in nijsgjirrich artikel fan Geart van der Mear (Under oaren in bisprek, Trotwaer 1977, s. 304, e.f.) dêr't er wiidweidich yngiet op de kwesje literatuer/lektuer.
Mei dit alles wol ik net sizze dat ik Van der Schaaf net heger ha as Akkerman. In haadpersoan dy't swart by Kropotkin en in polysjeman dy't oan reklassearring docht binne op harsels nijsgjirrich, mar it bliuwt oan de bûtenkant. De grins is net skerp te lûken - tink ek mar oan Van der Velde syn De fûke en De ôfrekken mei de swiere problemen fan kollaboraasje en skuld prachtich deryn útwurke -, mar Van der Schaaf heart mei De bijekening net ta de literatuer dy't yn Trotwaer oan 'e oarder is. As sa'n boek wol besprutsen wurdt - lykas boppe fertoand is - komt it der