| |
| |
| |
Juryrapport GJ-priis 1983
Achte priiswinder, achte oanwêzigen.
Wa't sit nimt yn in karkommisje lykas dy fan de GJ-priis moat der rekkening mei hâlde dat net elkenien it lykfine kin mei it beslút fan sa'n kommisje. Wat dizze kommisje sels oangiet, kin fêststeld wurde dat wij ienriedich it beslút nommen hawwe om de priis te jaan oan 'e persoan om wa't we hjir fan 'e middei allegear kommen binne. Dy ienriedigens nimt lykwols net wei, dat der dochs wol in bytsje spyt te fernimmen wie fanwegen it feit dat, troch de priis oan De Bijekening te jaan, inkelde oare boeken dy priis net krije koene dy't eins ek lang net min wiene. Men kin fansels oan 'e oare kant bliid wêze, dat der yn it lytse fryske taalgebiet dochs noch in ridlik tal goede boeken ferskynt. Mar in karkommissje, it wurd seit it al, moat kieze. En dat ha wij dien. Wij ha dêrbij beseft, dat de namme Van der Schaaf as in ferrassing komme soe. Der wiene oare boeken dy't, mear as De Bijekening yn it middelpunt fan 'e belangstelling stien hiene. As men ôfgean soe op 'e sutelkrante fan dit jier, ende advertinsjes yn 'e Ljouwerter Krante, dan bestiet De Bijekening net iens. En ik ha fernommen, dat it ek lang net altyd yn 'e sutelkroade leit. Je soene hast tinke dat wij de priis oan in net-besteand boek of oan in geheime publikaasje jûn hawwe. Mar wij ha dochs De Bijekening keazen, en dêr sille wij aanst ús arguminten foar jaan.
Ien ding dat kritisi grif neamme sille, is it feit dat de priis nei sa'n ‘âld man’ gongen is. No falt, sjoen Van der Schaaf syn fitalens, dat ‘âld man’ wol wat ta. Mar it is wier, der wiene wol jongere skriuwers. It is wol aardich om hjir noch even oan fêst te heakjen, dat Van der Schaaf, neffens in persoanlik skriuwen oan mijsels, it ek wol wat ‘ûnnoflik’ fûn dat der net in jongere priiswinder wie.
Doe't wij as kommissje ús beslút nommen hiene, ha wij ússels ek noch even hearlik oerjûn oan 'e sport dy't bestiet út it neammen fan nammen fan boeken dy't dy't eins wol in GJ-priis fertsjinne hiene mar nim noait krigen ha. Der binne doe nammen fallen lykas De Fûke fan Van der Velde (it boek dêr't er eins doe al de priis foar ha moatten hie), Duveldei op Grienlân fan Poartinga, De Feestgongers fan Wadman, en - hiel nijsgjirrich - de ferskillende fersebondels fan de ferstoarne Skiermûntseachster dichteresse Pita Grilk. En wij hawwe - fansels, soe ik hast sizze - noch In Memoriam tan Tamminga neamd. Wat ik mei it neammen fan dizze nammen foar haw, is net it oerbringen fan in eventuele implisite krityk fan ferskillende karkommisjeleden op eardere prizen, mar ál ditte: der binne sa't skynt mear goede boeken as GJ-prizen. Oarssein: us iennige provinsiale literêre priis wurdt net faak genôch útrikt. No haw ik be- | |
| |
grepen dat dêr aanst feroaring yn komt - te'n goede dan. Dat is in goede saak, want skriuwers fan boeken fan nivo fertsjinje it om troch de mienskip, dêr't se foar skriuwe, beleanne te wurden mei stoflike en ûnstoflike middels. Lit ús ûndertusken al hoopje, dat der yn 'e takomst genôch boeken fan nivo produsearre wurde sille om it nije prizebelied te rjochtfeardigjen.
Mei dat wurd ‘nivo’, dat no al twa kear neamd is, bin ik dan oanlâne bij it ûnderwerp dêr't ik hjir eins foar stean, te witten de taljochting fan ús adfys. Wêrom fûnen wij dat De Bijekening fan alle be-oardiele boeken it heechste nivo hie? Lit ús bij it beantwurdzjen fan dy fraach útgean fan de koarte rjochtfeardiging, sa't dy te finen is yn ús adfys oan Deputearre Steaten. Wij hawwe dêr as earste neamd de ‘brede skildering fan politike en maatskiplike fraachstikken’, in skildering dy't Van der Schaaf goed ôfgongen wie. Fryslân is mar in hiel lyts puoltsje, en de grutte stoarmen dy't oer de wrâldsee beare, bringe yn ferhâlding net sokke grutte baren teweech yn dat puoltsje. Dochs is it Van der Schaaf slagge om yn dat lytse Fryslân in ferhaal te situearjen, dat in ôfspegeling is fan wichtige problemen fan dizze ieu. Hij hat dat dien troch dy problemen net in abstracto te beskriuwen, mar troch - tsjin de achtergrûn fan in doarpsmienskip - in pear figueren op 'e foargrûn te beskriuwen dy't yn har mieningen en fral yn har hiele hâlden en dragen de belicheming foarmje fan dy problemen. Wij hawwe yn dit ferbân it wurd ‘konkretisearring’ brûkt en dêrbij ek sein, dat dy persoanen ‘tige kleurryk’ wiene en ‘authentyk’ oandiene. Dy persoanen binne sadwaande wichtich as romanfigueren én as belicheme ideeën. Lit ús ús dêrom earst konsintrearje op dy figueren.
Dé sintrale figuer is fansels Bouwe Caesar Hommema - de bijekening, te wrâld kommen, lykas Julius Caesar himself, mei de keizersneed. Troch syn berte en troch syn namme kipt er der al wat út. Foarhinne frijsosialistysk is er letter in folgeling wurden fan Kropotkin, de ‘prins fan 'e anargisten’, al woe er Kropotkin hjir en dêr wol wat oanfolje. Bouwe Caesar stribbet nei de grutte harmony, want alle lijen komt fuort út macht en machtsmisbrûk. Hij wol de minske feredelje en meitsje sa't de bijen binne, dy't yn ienriedigens har skatten sammelje. It geheim fan dy ideale bijemaatskippij soe dan te finen wêze yn 'e huning. It is lykwols ûndertusken de fraach of Bouwe Caesar séls wol feredele genôch is, want wiif en bern wurdt amper it húshâldjild gund! It is dúdlik dat er no krekt net in moedich man is, en frij fan heechmoed is er ek net: hij achtet himsels fier ferheven boppe lyts ierdsk gedoch, en fynt himsels in soarte fan Sint Joaris, dy't de draak fan it gesach oanfleane sil. Fierders past er net iens sels op 'e bijen, want dat moat buorman Goaitsen dwaan. Wurkje foar de kost hoecht er ek al net. Nettsjinsteande al syn
| |
| |
ferheven idealen bedriget er dochs Goaitsen mei de dea, at dy fynt dat er te faak bij de bijen omstrúnt. In bedriging dy't letter ek werklik útfierd wurdt, en Goaitsen ûntkomt mar amper oan 'e dea. Bouwe Caesar rekket wûnderlik befreone mei dominy Grootjan, sadat Calvyn en Kropotkin oeren lang bijinoar lâns redendiele kinne, oer de macht fan It Gouden Keal bijgelyks. Dy wûndere freonskip is, tinkt ús, te ferklearjen út it feit dat sawol Bouwe Caesar Kropotkin as dominy Grootjan Calvyn eins neat ôfwitte fan dy wrâld, dêr't se mei har ferheven idealen safolle krityk op hawwe. Bouwe Caesar hat ek wol wat fan in iere milieu-aktivist, mar it spitige is dat er, át er de kâns kriget, hielendal net safolle belangstelling hat foar it empiryske bewiis oft eventueel nijmoadrige keunstdong negative útwurkingen hat. Hij is dúdlik it type wrâldferbetterder dat leafst net bij himsels begjint, en dat ek, bij tsjinwurking of fertinking dêrfan, letterlik oer liken gean wol. De skiednis fan dizze ieu hat ús leard wat Bouwe Caesar Hommema's yn it grut útrjochtsje kinne at se de kâns krije om har idealen tsjin heuch en meuch ta te passen Russen en Kambodjanen kinne ús dêr bijgelyks in soad oer leare - dat wol sizze, at se it neifertelle kinne.
Nei Bouwe Caesar syn nuveraardige dea - hij wurdt oanfallen en stutsen troch syn sa heech bewûndere bijefolk - ferliket syn broer him yn de grêfrede mei de fallene Ikarus, dy't longere nei in heger doel en dêrbij oer de grinzen fan it minsklike hinne woe. Mar dat is noch gjinien slagge. En dominy Grootjan ferliket him bij it grêf wrychtich noch mei Kristus en syn stribjen. It is foar ús de fraach of skriuwer, en dêrmei lêzer, it hjirmei iens wêze moatte, want dat soe Bouwe Caesar ta in tragyske held meitsje. Nei ús betinken lit de skriuwer dat wat oan ús eigen oardiel oer. Wij leauwe dat men wol tajaan kin, dat der in sekere tragyk sit yn 'e ûntspoaring fan it idealisme yn it hjir beskreaune minsketype.
Al soe men tinke dat de tsjinpoal fan Bouwe Caesar boargemaster en fertsjintwurdiger fan it domme eigenikkige gesach Sixtus van Nauta wêze soe, liket ús dat dochs net sa te wêzen. Dy tsjinpoal is earder de fjildwachter mei de nuvere namme Hette Kromsigt, mar dy syn sicht is net sa krom as syn namme liket te suggerearjen. Oars as de boargemaster en Bouwe Caesar wist Kromsigt wat der ûnder it folk te rêden wie. Hij hat gjin ferlet fan 'e gummyknuppel, symboal fan it gesach, is net in man fan pakken en straffen, mar fan foarkommen. Hij is eins fan mear oansjen as de boargemaster sels, en is frijmoedich en selsstannich. Nei de tsjin syn sin organisearre jacht op 'e streupers, wêrby't er per ûngelok in skot boppe de knibbel krijt, krijt er fan dyselde streupers blommen en fruit yn it sikehûs. Hij is koartsein ek in man mei idealen, mar dan ien mei werklikheidssin, want hij wit wat der yn it minskehert libbet, hat dêr ek begryp foar, en hat ek goede ideeën oer de tapassing fan idealen. It is
| |
| |
suver symboalysk foar 'e skiednis fan dizze ieu dat hij fan it toaniel ferdwine moat healwei it boek, en net de boargemaster of Bouwe Caesar. Hette Kromsigt is in yndrukwekkende, ik soe hast sizze, haad-bijfiguer, waans geast lykwols oan 'e ein fan it boek ta tige dúdlik oanwêzich is. Men soe sizze kinne, dat Hette Kromsigt de kombinaasje is fan waarm minsklik meifielen, sûn ferstân, praktysk ynsjoch, en in idealisme dat net ta ekstremen liedt.
Der binne fansels noch hiel wat mear figueren, lykas Anders van Keimpema, dy't ek op syn manier in idealist is - hij woe revolusjonêr mei de bisten omgean. Hij hat wat fan it loftfytserige fan Bouwe Caesar, mar hij is stikken ferstanniger en minskliker. En der is, net te ferjitten, de soan fan Bouwe Caesar - Peter, neamd nei Peter Kropotkin. Hij groeit op yn de nuvere wrâld fan de bijekening en moat syn geastlik paad noch sykje. Wij sille him sûnder mis noch faak tsjinkomme yn it ferfolch fan dizze roman, in ferfolch dêr't wij no al nijsgjirrich nei binne.
De Bijekening is skreaun yn koarte, faak skynber op harsels steande, haadstikken. Datselde prosédee jout oan Abbingawâld in wat brokkelich karakter. Wij leauwe dat it Van der Schaaf hjir no slagge is om fan in swakte in deugd te meitsjen: trochdat der in dudliker haadfiguer is (De bijekening!), is it no bekroande boek folle mear in ienheid wurden. Op inkelde útsûnderingen nei kin De Bijekening him, troch dy struktuer fan koarte, wat op harstels steande haadstikken, konsintrearje op de yndividuën én op de mienskip dêr't se diel fan útmeitsje. En dat is dochs ek ien fan 'e tema's fan dit boek: it yndividu, de mienskip, en de ideale ferhâlding dêrtusken.
It is Van der Schaaf nei ús betinken treflik slagge, om in stik Europeeske maatskiplike en geastlike problemen te beskriuwen yn Fryske persoanen en tsjin in Fryske achtergrûn, sûnder dêrmei de delstap te meitsjen ta it provinsjale yn 'e negative sin. It boek falt krekt op troch it ûnprovinsjale. Foar dit boek hat Van der Schaaf de priis krigen, dy't neamd is nei in skriuwer dy't ek literatuer beoefenje woe yn in boppe-provinsjaal Europeesk ramt. Ek dêrom achtsje wij de Gysbert Japicx-priis in tapaslike beleanning foar de skriuwer fan De Bijekening.
Boppesteand juryrapport, yn konsept opsteld troch Geart van der Meer, en mei inkelde feroarings fan in definitive foarm foarsjoen nei it oanhearren fan it kommintaar fan 'e twa oare juryleden, is de karkommisje as gehiel ferantwurdlik foar. Geart van der Meer foeget hjir graach in pear neiskriften oan ta op persoanlike titel.
| |
| |
| |
Neiskrift 1
It hat bliken dien út petearen dy't ik mei oaren hân ha, en ek út in kranteferslach as dat fan it Friesch Dagblad, dat net elkenien wit hoe't de GJ-priis yninoar sit. Sa tocht bijgelyks it Friesch Dagblad, mar se wiene dêr de iennigen net, dat út it juryrapport opmakke wurde koe dat ûnder oaren Pita Grilk en Ype Poortinga gadingmakkers west hawwe foar de GJ-priis 1983. Mar dat is fansels net sa. Oant nota waarden GJ-prizen om 'e twa jier takend, om bar foar proaza en poëzij. Dat hâldt dus yn dat der dan om 'e fjouwer jier in proazapriis komt. Dy proazapriis (dus bijg. de priis foar 1983) wurdt jûn foar publikaasjes dy't ferskynd binne yn 'e fjouwer dêroan foarôfgeande jierren, yn dit gefal dan 1979, 1980, 1981 en 1982. Mei oare wurden: it boek fan Poortinga dat ik neamd ha hjirboppe Duveldei op Grienlân kaam hielendal net yn 'e nominaasje - en dat haw ik fansels ek net sa bedoeld. Dat boek wie al folle earder ferskynd. It beslút fan de Steaten fan Fryslân oangeande it ynstellen fan de GJ-priis lit de mooglikheid iepen om de priis ta te kennen foar it hiele wurk fan in skriuwer (it oeuvre dus), mar - at ik it goed begrepen ha - der moat dan dochs yn de fjouwer jier dêrfoar wól publisearre wêze. Der binne inkelde GJ-prizen takend dy't men oeuvre-priis neamme kinne soe, mar bij myn witten is dat noait dien oan in skriuwer dy't net publisearre hie yn dy lêste fjouwer jier. No is Pita Grilk al dea en se hat net publisearre yn 'e lêste fjouwer jier, dus (Friesch Dagblad!-en stjoer tenei ris ien nei Boalsert dy't in bytsje sjoege hat) koe sij de priis net krije. Fierders kin in skriuwer dy't de priis al earder hân hat him pas nei tsien jier wer krije - dus kaam de ek hjirboppe neamde Rink van der Velde mei syn De Fûke (net
Foekje bliksem!) ek al net yn 'e nominaasje. It is mar dat jo it even witte.
| |
Neiskrift 2
Ik ha yn it juryrapport in opmerking makke oer de kommende feroare opset fan 'e GJ-priis. Ik wie dêr aardich posityf, want ik gong út fan 'e ynformaasje sa't ik dy krigen hie fan ien fan deputearre Mulder syn meiwurkers. Ik hie begrepen dat de priis om 'e trije jier komme soe, en dat der noch ekstra prizen bijkamen. Yn Boalsert hearden we lykwols dat it fjouwer en net trije jier wurde soe (al skriuwt de Ljouwerter Krante dan trije... gotskes, hoe sit dat dan wer?). Wól hanthavene wie it idee om de ôfwikseling proaza-poëzij falle te litten. Mar it sil dan dochs wol fjouwer jier wurde, en dat fyn ik minder moai. Ik wie al net sa wiis mei it falle litten fan it ûnderskie tusken proaza en poëzij, mar dat beswier wurdt no allinne mar grutter. Dé grutte GJ-priis mar ienris yn 'e fjouwer jier...? ik bin bang dat dan de poëzij oan 'e krapper-ein komt, en dat it hast altyd in
| |
| |
proaza-priis wurde sil. Fierders, wa wol dan noch yn in jury sitte? De taak fan 'e jury wurdt der neat net makliker op. En it wie altyd al in poepetoer om juryleden te finen. Dat wurdt no boppedat ek al slimmer, omt sa'n jurylid sels net in dichtsjend of proazaskriuwend gadingmakker wêze mei fansels. Ik leau, hjir moat noch al even goed op om stind wurde, Steaten fan Fryslân! En kom fierder wat rejaal út 'e hoeke. Dy 2000 gûne oan prizeiild oant no ta, dat is foar disse tiid dochs fierste nearzich?
| |
Neiskrift 3
Wij hawwe net allinne in deputearre Mulder, mar ek in boargemaster (of sa't er it sels seit: boargemister) Mulder. Fan Boalsert dan. De Gysbertstêd. Dý Mulder hie de lieding op 20 oktober bij de offisiële priisútrikking. Ik moat sizze, dat die er net ûnaardich en net sûnder humor. Lykwols, nei it earekonsert dy jûnes, wat die dy goeie man? Hij moast noch sa nedich in preek yn 'e Martinitsjerke hâlde foar syn eigen parochy om te bewizen hoe'n goede boargemister Boalsert wol net hie, in preek dy't neat mei Gysbert of mei Sjoerd út te stean hie. Dat wie al nuver genôch. Mar slimmer wie it dat er dat mirabile dictu yn it Hollânsk die. Hoe dóart er! Ja, hoe doart er...? Fansels, ik bin it mei Rindert Straatsma iens - hij doarst it omt de Friezen, omt wij dus, sokke goedhinnige kloatsekken binne en mar gewoan sitten bleauwen, as sâltpylders mei earen as fan in âlderling dy't mei de kûnt yn in siden ûnderbroek falle. Skande yn it kwadraat. No giet Mulder aanst ôf as boargemaster, dat der sil bij de earstkommende Boalserter ‘pgachtige Fgiese cultugele dag’ wol in hollânsktalige gesachsdrager tuge moatte, want sa't elkenien wit binne der gjin Frysktalige boargemisters te finen. De GJ-pchiis-útchikking moat dan tenei mar hielendal yn it Hollânsk. Mar dat moat foarkommen wurde fansels. Ik soe de kommende priiswinders oanriede wolle (ek al om te foarkommen dat we séls wer foar aap sitte): NIM DE PRIIS WOL OAN, MAR STEL AS BETINGST DAT MEN ALLINNE DAN DE PRIIS OFFISIEEL YN UNTFANGST NIMME WOL, AT GARANDEARRE WURDT DAT ALLE TASPRAKEN (DUS ALLE!) YN IT FRYSK HODEN WURDE. OARS GIET IT FEEST MAR OER. En dat lêste is fansels hiel slim foar de gesachsdragers, want eins, en dat wit dochs ek elkenien wol, is sa'n priis ek foar de gesachsdragers ornearre. Want
sij meie him útrikke, en dat is ferduld ek kultuer. Of net soms?
|
|