Trotwaer. Jaargang 15(1983)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 330] [p. 330] Wilco Berga Lûd fan see Mei de eagen fan 'e kobbe en de falco peregrinus sjoch ik stikem nei de froulju yn har blanke hûd en heech oplutsen skonken baaie steatlik oan 'e kust de stringe ruters út 'e see ferlitte 't wetter triomfantlik op 'e rêch fan hynders hechtsje moksels en har lieder groetet mei de hân fan skom ferlit ik rêd it sân yn fearren klaaiing sykje froulju ûngeduerich nei har pearels yn 'e see en dronken koar fan skulpen [pagina 331] [p. 331] Seeman Yn 'e wetterslach en swiete weagen libje manlju en de seeman mei it seegesicht ferweget wurch it fartúch yn 'e eagen lân en frjemde wurden pleage stjoerman hyt en ûngedien ferlamje stoarmen yn syn stjoerhûs lytse seeman sjongt in liet fan seegong en syn langstme oan it stjoertsjil groeie dagen rook fan algen ûnderweis nei kust en willich lân mei froulju yn har blanke havens roppe fammen op 'e kaaien nei de manlju kom dan gleonens en bemanje no it tij yn rommen tiert it nôt ferneamde seekat en matroas mei finnen yn 'e skonken seegong fan 'e wierbetiisde froulju djip yn see it ûnderkommen sliepplak foar de nachten en syn âlde maat de stille seeheld ûnderdeks wjerspegelje de eagen fan syn faam yn rêstich wetter en fereale sliept it wiffe fartúch yn har skurte [pagina 332] [p. 332] Langstme fan in jonge nei de see Kleure wide see in trage dining yn 'e holle yn myn boarst in swimferweging rêde fisk yn meigeand tij in skomjend spoar fan sâlt en wûnen wachtsje skippen trou en rêstich op myn kommen jouwe hoeden tekens yn myn hân de hege wente berch fan stiel mei wite fûgels oan 'e romp in kâlde wyn de haven slûget yn 'e eagen yn myn fuotten leit wiet sân Vorige Volgende