Trotwaer. Jaargang 15
(1983)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 319]
| |||||||||
Steven de Jong
| |||||||||
[pagina 320]
| |||||||||
Om wat in konkrete basis te hawwen sil ik earst de plots fan beide boeken koart werjaan, earst dy fan The Unicorn en dan dy fan De Dei is Jong.
The Unicorn Op ‘Gaze’ (it kastiel) wennet Hannah, dy't op te jonge leeftyd bûten har wil om troud is mei de rike swankebast en homo Peter Crean-Smith. Omt Peter faken net thús is, giet se in ferhâlding oan mei Philip Lejour fan ‘Riders’ (it buorkastiel). As har man dêrefter komt, sjocht Hannah kâns om him yn in ravyn te stoarten. Peter oerlibbet disse fal. Hy slút Hannah op op ‘Gaze’ en lit har ûnder de hoede fan syn freon Gerald Scottow, dy't holpen wurdt troch lju fan 'e femyljeclan û.o. Violet en Jamesie Evercreech. Peter giet nei New York en as er omtrint 7 jier fuort is, komt Marian op ‘Gaze’ as selskipsdame. Marian is in yntellektuele jonge frou, dy't net yn God leaut, mar wol goed opsjitte kin mei Hannah dy't dat wol docht. Dêr komt dan ek faken de yntellektueel Effingham Cooper op besite. Effingham útfanhûzet by syn âld learmaster Max Lejour. Max Lejour is de bewenner/eigner fan ‘Riders’, de heit fan Philip en Alice. Alice Lejour hopet altyd nochris mei Effingham te trouwen, mar dy hat it swier te pakken fan Hannah al wyt er as twifeljende yntellektueel sels net oft dy ferealens echt is, of dat er betsjoend wurdt troch har romantyske tragyk. Marian en Effingham besykje Marian út ‘Gaze’ ûntsnappe te litten, mar dat mislearret omt Alice út jaloezije de saak ferret hat oan Scottow c.s.. Dan rint Effingham yn it moeras, mar wurdt rêdden troch Denis Nolan de persoanifikaasje fan 'e folks- en natuerkrêften yn dy krite, de túnman, kapper, lietsjesjonger, de man dy't alles wyt en alles kin, mar neat dwaan kin foar Hannah, ek syn grutte leafde. Dan komt it drama stadichoan by syn Shakespeariaanske ein, as, as in driigjend needlot, Peter oankundiget thús te kommen. As Hannah op in krityk momint Effingham nedich hat, is dy dronken. Gerald Scottow ûntfermet him dan oer Hannah. Noch ien kear komt Philip Lejour op ‘Gaze’ om Hannah har hân te freegjen, mar sy wegeret en lit him wanhopich fertrekke. Gerald liket de oerwinner, mar wurdt troch Hannah deasketten (1e lyk). Marian en Jamesie litte Hannah ûntsnappe, dy't harsels dan fersûpt (2e lyk). In grutte floed begeliedt dit drama. Dennis soe Peter ophelje mei de auto, mar lit him ûnderweis fersûpe en helpt him dêr in hantsje by (3e lyk). It docht dan bliken dat Hannah op in net te ferklearjen wize alles fermakke hat oan har buorman, Max Lejour. Yn 'e trein op 'e weromreis lêst Effingham yn 'e krante dat Philip Lejour himsels (per ûngelok?) deasketten hat (4e lyk). Yn dyselde trein sjocht er ek Marian. Hy beslút ris mei har te praten.
De Dei is Jong Om de grutte pleats/kastiel Séhiem wennet de frou Apol- | |||||||||
[pagina 321]
| |||||||||
lonia. Har man is kaptein en altyd fuort. Hy kin thús net mear bankje, no't syn leafste âldste soan, Syds, ferûngelokke is en syn twadde soan Tea in mongoaltsje blykt te wêzen. Hy lit syn frou ûnder de hoede fan Jetse, de saakwaarnimmer. Dan komt dêr Djoeke as selskipsdame. Fierders bin dêr noch de lytsfeint Freark en Elze, de mem fan Freark, dy't it húshâlden docht en de ferpleging. Elze wennet op Séhiem, skieden fan har man, Meindert, dy't mei syn dochter (eksfaam fan Jetse) yn it doarp wennet. Djoeke lêst yn in kronyk dat der tiden lyn in skip oanspield is, ferrifele troch de ljochten fan 'e doarpsminsken op 'e dyk. Fan dat skip kaam in frjemde frou yn it doarp, Apollonia, de beppe of oerbeppe fan de hjoeddeiske Apollonia. As Djoeke yn 'e poel baaie wol, wurdt se tsjinholden troch Helene, de frou fan Sépleats (it ‘buorkastiel’) dy't dêr mei har mem wennet. Letter blike se de suster en de mem fan Apollonia te wêzen. De poel is gefaarlik (symboal fan 'e dea). Fia Helene komt Djoeke yn 'e kunde mei de Jezussekte (gjin drank, gjin seks) dy't de lju fanatyk oan it bekearen is. Ungelokkigerwize wyt dy sekte ek by Apollonia troch te kringen, sadat dy har oerdope litte wol om te genêzen en genêzing foar Tea te bewurkjen. Foar't Djoeke wit dat Apollonia geastessiik is, besiket se mei help fan Helene har ûntsnappe te litten, wat mislearret, omt Elze de saak trochjûn hat. Apollonia moat op Séhiem bliuwe, oars moat se nei in gesticht docht bliken. Freark fertelt Djoeke dan dat Apollonia Syds fergiftige hat mei tefolle medisinen. Dêrnei komt Djoeke nochal ûnder de bekoaring fan Jetse, mar op krityke mominten giet dy der net op yn. Se komt derefter, dat Freark en Jetse in homofile relaasje ha, al begrypt se net goed wat dat is. Dan blykt Apollonia fuort te wêzen. As Djoeke har mient te sjen op 'e slykflakte (it waad?) ferdwaalt yn 'e mist. Se wurdt rêden troch Helene. It docht bliken dat Apollonia harsels yn 'e poel dope woe. Letter stjert se oan 'e gefolgen yn it bijwêzen fan benammen Jetse en fan har mem, de kaptein. Yn in neipetear tusken Djoeke en de kaptein docht dan bliken dat Apollonia yndertiid kieze moatten hat tusken de ‘bloedbruorren’ Jetse (sûnder jild) en de kaptein (mei jild). Se keas foar de lêste. Se liet har skake (gefolch de fete mei har mem), mar de kaptein liet dy skaking útfiere troch Jetse, wat har wol wat ôffoel. By dat neipetear freget de kaptein har Tea mei te nimmen en te fersoargjen. By de begraffenis dy't sûnder doomny of wat dan ek plakfynt, komt de Jezussekte te spyljen en te sjongen en jout der dochs noch wat in kristlik karakter oan, oant de kaptein se fuortjaget. As Djoeke mei Tea ôfreizget krijt se noch in ôfskriuwer fan har freon Herman. Allegear illinde, mar dochs... har dei is jong.
De motivaasjes fan beide plots binne folslein oars. Allinne al de oarsaken fan it allinnewêzen fan resp. Hannah en Apollonia ferskille sa bot, | |||||||||
[pagina 322]
| |||||||||
dat men fan oare ferhalen sprekke moat. Hannah blykt in folslein ûnberekkenber frommins te wêzen, wylst de dieden fan Apollonia dúdlik te foarsjen binne. Ofsjoen fan 'e motivaasjes binne ek de komposysjes (it pleatsen fan 'e gegevens) yn beide boeken folslein oars. En last but not least binne de haadtema's ferskillend: By Murdoch is dat de tsjinstelling tusken yntellektualisme en passy, wêrby't it yntellektualisme in ferrifeljend ferniske blykt te wêzen om de passy goed te praten. By Ypk fan der Fear is it autentike tema it longerjen fan de frou nei leafde en dan de leafde yn har tsjinstelde poalen, religy en seks. Wat dat oanbelanget is De Dei is Jong in folslein autentyk Ypk fan der Fear - boek. As Jetse oan it slot fan syn wachtsjende (eks?) faam seit: ‘Dêr hast noch sa'n ien.’ dan is dat in tige laden sin. It is fansels oerdreaun om te sizzen dat disse romans hielendal net te fergelykjen binne. In fergelykjende stúdzje mei searieus te nimmen bedoelings soe miskien literêr relevante gegevens opsmite kinne. Mar dêr wie it Jelle Krol net om te dwaan. Hy socht yn it aliterêre om de sûnden fan de skriuwster. It is lykwols net oerdreaun mar absurd om hjir fan plagiaat te praten. Lykwols om dy smet fan Ypk har klean te heljen sille wy Jelle Krol yn syn argumintaasje op 'e foet folgje moatte. Myn tekst wurdt noch ferfelender. Helje Trotwaer 82-4, side 285 der mar by. ‘Yn it neifolgjende sil ik de parallellen tusken beide boeken neier oantsjutte’ seit Krol op side 285. Ja, en de ferskillen safolle mooglik weilitte, sis ik derby. Dan jout er in oersicht fan 'e persoanen fan beide boeken om te suggerearjen dat dat suver deselde binne. Ik wol dat ris oars besjen: Hokfoar persoanen binne nedich. Der is in kastiel. Dêrop wennet in frou, dy't in soarte fan aupair famke (alhoewol hjir dan mei in ynkommen) as selskipsdame hat. Hokfoar frou hat sok selskip nedich? In iensume frou. Wêrom is dy frou iensum? Omdat har man selden of noait thús is. In frou kin yn in bakfiskroman net de saken waarnimme. Dus is der in saakwaarnimmer. Wêrom ûntstiet der net in ferhâlding tusken de frou en de saakwaarnimmer? Twa mooglikheden:
Yn in moderne roman is dy figuer dus homo. Wêr blykt dat út? Hy hat in freontsje (Jamesie/Freark). Yn in bakfiskroman kin de frou fan it hûs wol djipsinnich en keunstsinnich wiisprate, mar stofsûgje en ierpelskile kin se net. Dêr is in húshâldster of ien dy't de húshâlding bestjoert foar (Violet/Elze). Der is ek noch in minimum oan buorlju yn in kastiel/boerepleats net fier ôf. Jelle Krol sjocht der in parallel yn dat der op beide buorkastielen in frou wennet, de ferskillen lit er mei soarch wei. Wat ik sizze woe, is dat de oerienkomsten tusken de persoanen folslein | |||||||||
[pagina 323]
| |||||||||
tafallich wêze kinne en wol troch de logika fan de befolking fan it dekoarum. Wêrom flechtet sa'n fanke by har freon wei? No der is wat fansels. Plagiaat? Wêrom soe se it oars dwaan? De wichtichste reden fan har flecht is fansels de romantyk fan it boek. Lit ús no de ferskillen ris besjen: Marian is net en Djoeke wol de haadfiguer fan it boek. Dêrtroch krijt men al ferskillende ferhalen. Hannah is wol wat apart, mar net geastessiik. Apollonia is dat wol. Violet Evercreech is de suster fan Jamesie, beide hearre by de familyclan. Elze is de mem fan Freark, is de frou fan Meindert, dy't mei syn dochter yn it doarp wennet. Dy dochter is dan wer de (eks?) faam fan Jetse. Der wurdt yn The Unicorn dúdlik suggerearre dat Violet lesbyske opstigings hat foar Marian oer. Dêr is by Elze gjin sprake fan. Denis Nolan hat gjin tsjinhinger yn De Dei is Jong, mar Krol seit net, dat it ien fan 'e haadfigueren fan The Unicorn is. It grutste ferskil fynt men noch by de buorlju. Op ‘Riders’ wennet Max Lejour, in klassikus, dy't him weromlutsen hat om in wichtich wittenskiplik wurk (syn libbenswurk) te skriuwen. Dy hat twa bern. In soan, Philip Lejour, dy't in wichtige rol spilet yn 'e plot fan The Unicorn, mar gjin tsjinhinger hat yn De Dei is Jong, en Alice, dy't hopet nochris te trouwen mei Effingham Cooper. Dizze Effingham Cooper is miskien wol de haadfiguer fan The Unicorn. Hy hat ek gjin tsjinhinger yn De Dei. Hy is in âldlearling fan syn freon en fereare master Max Lejour. en útfanhûzet dêrom faken op ‘Riders’. Hy krijt it dan swier te pakken fan Hannah. Ik sjoch mei de bêste wil fan 'e wrâld net in oerienkomst tusken it folk van ‘Riders’ en dat fan Sépleats. Op Sépleats wennet Helene, it famke fan 'e Jezussekte, mei har mem. Letter blike dy ek noch de suster en de mem fan Apollonia te wêzen. Der is in skeel tusken Apollonia en har mem, dat datearret út 'e tiid dat se skaakt waard. Disse relaasje hat ek gjin pendant yn The Unicorn. Dan wiist Krol op it begjin. Beide boeken sette útein op it stasjon. (286). Wêr komt in trein oars oan, soe men sizze. De bus is fuort, is dan de folgjende oerienkomst. Krol ferjit dat it kastiel op in ûnmooglik plak lizze moat, dêr't gjin bussen ride. Boppedat ferjit er dat Ypk fan der Fear yn Feanwâlden wennet by in station, dêr't ek in bushalte is. Beide lânhûzen lizze by de see. Yn The Unicorn earne yn Súd-Ingelân, yn De Dei is in fantasylânskip, dat in krusing is tusken ien fan 'e waadeilannen en de noardkust fan Fryslân. Dy lânskippen binne nochal ferskillend, dy seeën dus ek. As se der lâns ride prate se oer swimme en oer floeden (net sa frjemd by de see, tocht my). Yn The Unicorn prate se dan oer de natuer en de buorlju op ‘Riders’, yn De Dei net, dêr prate se oer skiednis en âlde folksferhalen. | |||||||||
[pagina 324]
| |||||||||
‘At se nei de rit by Gaze/Séhiem oankomme, docht bliken dat sawol Gaze as Séhiem grutte lânhûzen binne, dy't wol wat fan in kastiel hawwe’ merkt Krol op (287) en hy hellet sitaten oan om it te bewizen. Men soe sizze, hoe is it mooglik yn in kastielroman. Marian en Djoeke fiele beide eangst foar it ûnbekende, ek wer yllustrearre mei sitaten (287). Dat bart nei myn miening yn frjemde sitewaasjes wolris faker, ûnôfhinklik fan mekoar. Dan besteget Krol in heale side oan de oerienkomsten Violet/Elze. Beide ha in swarte jûpe oan (alhoewol by Violet sit der wat wyts op), beide binne kjelmeitsjend. It is fansels net te dwaan om by elk item dat Krol oanhellet as bewiis fan syn beskuldiging in wjerlizzing te jaan. As in frou fan oerhoer beskuldige wurdt en der binne fierders gjin tsjûgen, is it ek praktysk ûnmooglik te bewizen dat se it net dien hat. Ik hâld út dat dizze oerienkomsten tafallich wêze kinne. Foar de ferhalen binne se folslein bykomstich. Dy't my net leauwe wol, ried ik oan sels de boeken mar te lêzen. Op de siden 288/289 giet Krol yn op 'e ferskillen yn 'e ferklearring fan 'e isolearring fan Hannah/Apollonia, mar in essinsieel detail lit er wei. It is de struktuer fan 'e familyclan dy't Hannah finzen hâldt, wylst it folk fan Séhiem kieze moat tusken Apollonia thús of yn it gesticht. Dêrtroch wurdt it Séhiemfolk folle sympatiker. Dit ferskil is wol sa grut, dat de oerienkomsten bykomstich wurde. Dan sjocht Krol dat de froulju Hannah/Apollonia nochal jong binne (289). Fansels, âlde wiven, dêr meitsje de manlju har net mear drok om, dy ha gjin rol yn in bakfiskroman. Beide froulju ha ekwat sikeliks. Sorry hear, dat folget echt út 'e sitewaasje. It folgjende punt is de swim-/poatsjebaaiscène. It dekor is fansels ferskillend, mar ek de symboalyske wearde. De see yn Súd-Ingelân is wat oars as de poel yn De Dei. Yn The Unicorn hat disse scène gjin symboalyske wearde. Ypk fan der Fear hat dy poel nedich as symboal fan de doop, de dea, de genêzing. Wat oerbliuwt is dan dat Marian/Djoeke yn kontakt komt mei de buorlju. En mei permisje, dat is wer in bysaak, dy't folslein tafallich wêze kin. Oer de homofily fan Scottowe/Jetse hat wy it al han. De ûntdekking dêrfan fia de keamers fan resp. Jamesie en Jetse sitte gâns mear ferskillen yn as Krol suggerearret. It grutste ferskil is wol dat Djoeke hielendal net wit wat homofily is en har der ek neat by foarstelle kin. Se bliuwt der like fereale op Jetse om. Wat foar Krol syn stelling liket te pleitsjen is de útnaaiscène. Hjir binne yndie opfallende oerienkomsten. Dochs kinne ek hjir de oerienkomsten tafallich wêze. Is it sa frjemd, dat men in persoan, dy't jin sympatyk is, helpt te ûntsnappen as men yn 'e gaten hat, dat dy finzen holden wurdt? | |||||||||
[pagina 325]
| |||||||||
Is it dêrby net logysk dat dy flecht ôfstuitet op de heechste macht yn it hûs i.c. Scottow/Jetse? Dit alles yn it kader fan in kastielroman. De flecht moat mislearje, oars is it boek út. Dy einiget dan ek op de simpelste wize: de beweitser Scottow/Jetse is der op it kritike momint. Hoe komt dy dêr? Ferried fansels. Ek hjir lit Krol wer mei soarch de ferskillen wei. Sa ferjit er te fertellen, dat Helene, de jonge frou, dy't har helpt by de flecht de suster fan Apollonia is, dy't mei har mem (de mem dus ek fan Apollonia) op Sépleats wennet. Dy mem en Helene ha in fete mei it folk fan Séhiem fanwegen it skaken fan Apollonia. Dit is de reden wêrom't Helene Djoeke helpe wol by de flecht. Hiel oars is dat yn The Unicorn. Dêr is it Effinham Cooper ‘ien fan Riders’ neffens Krol, dy't Marian helpt. Hy seit der net by dat Effingham ien fan 'e haadpersoanen fan it boek is en op syn minst sa wichtich as Marian. In grut part fan it point of view is bûn oan Effinghâm. Effingham is smoar fereale op Hannah en dat is de reden dat er meihelpt. De dochter fan 'e bewenner fan ‘Riders’, Alice, ferriedt lykwols de saak út jaloezije, omt sy wer fereale is op Effingham. De reden fan 'e flecht is ek hiel oars. Yn The Unicorn is dy flecht in essinsieel ûnderdiel fan 'e hanneling, dat direkt te meitsjen hat mei it sintrale thema. It is dêr it besykjen om te ûntkommen oan de adat fan it folk fan Gaze, fan 'e famyljeclan, symboalysk om te ûntkommen oan it needlot. Yn De Dei is it in naïve opstiging fan Djoeke docht letter bliken, in bysaak yn wêzen. ‘Sa litte Scottow/Jetse de beide ‘befrijers’ hielendal ferslein efter’ (Krol 293). Dat is net wier. Djoeke is pas echt ferslein as se de wiere reden fan it opsluten fan Apollonia heart (fergiftiging fan Syds, kranksinnichheid). In grut ferskil yn plak yn it gehiel, yn komposysje en motivaasje fynt men ek yn 'e scènes, dêr't Effingham yn 'e sompen sakket en Djoeke ferdoarmet yn 'e dize fan it waad. It plak yn 'e komposysje, de reden wêrom, it dekor, de persoanen binne sa oars, dat it hjir absurd is om oan plagiaat te tinken. Nei de flecht wol Effingham ta himsels komme en flechtet de sompen yn. Dêr komt er sawat om en wurdt dus konfrontearre mei gedachten oer de dea. Djoeke wol dêrfoaroer de weirûne Apollonia sykje en mient har te sjen yn 'e dizige slykflakte, dêr't se dan it paad bjuster rekket, dus ek gedachten kriget oer de dea. Effingham wurdt rêden troch de superman Denis Nolan en Djoeke troch Helene. Op side 294 kin Krol dan amper noch oerienkomsten fine, mar dat hoecht dan blykber ek net mear. Hy kin no alles beweare, hy wurdt dochs wol leaud. ‘Op har stjerbêd, dêr't û.o. ek har man en Jetse omhinne steane, wurdt | |||||||||
[pagina 326]
| |||||||||
lykas oan 'e ein fan Hannah har libben (sic!), dúdlik dat har wiere leafde de eardere freon fan har man jildt; yn dit gefal dus Jetse.’ (294) By Hannah wurdt hielendal net dúdlik wat har wiere leafde is en by Apollonia amper. ‘Op 'e dei fan Apollonia har begraffenis sjocht Djoeke dat de sinne bloedread ûndergiet.’ (295) Ek yn The Unicorn bart soks. Ik ha de sinne noch noait blau ûndergean sjoen of grien. Yn beide boeken wurdt ris oer de lêste dei/the day of judgement praat, mar yn sa'n folslein oare kontekst, dat oerienkomst hjir fier te sykjen is. Hannah bringt de oardielsdei oer it folk fan Gaze as se Gerald deasjit. Djoeke mimeret: ‘Elk stjerren wie in jongste dei’. ‘Oan 'e ein fan beide boeken gean Marian en Djoeke wer in folslein nij libben yn 'e mjitte.’ (Op Tea nei dan) En 3 rigels fierder: ‘Marian (...) hielendal op 'en nij begjinne moatte. Sawol Djoeke as Marian hawwe in brief fan har eks-freon krigen, dat earst in skoft efterhoden is...’ D.w.s. by Djoeke falt it brief by fersin yn hannen fan 'e baas, Marian hat tefolle oare dingen oan 'e holle om it iepen te meitsjen. Beide brieven bin in soarte fan ôfskriuwers. No goed dan, dit lêste hat Ypk sûnder mis yn The Unicorn opsocht. En dan it stasjon en de trein ta beslút. Hoe is 't mooglik soe men sizze. Yn ús tiid neamde wy dat in klysjee. ‘De minsken dy't út ‘the big well-lighted world’ kommen binne, geane dêr nei werom.’ Yn The Unicorn wol, mar De Dei is Jong einiget mei in petear tusken Jetse en Freark yn ‘the small dark world’.
Fierders jout Krol dan noch in hielendal net ta dizze saak dwaand wearde-oardiel oer De Dei is Jong. Hy beropt him dêrby op it oardiel fan Durk van der Ploeg, dy't, sa't men wyt út en troch syn lekke fytspomp op ien of oar Frysk literêr wurk leechsjit (Trotwaer 79-3 siden 184-195).Ga naar voetnoot* The Unicorn hat neffens Krol folle mear literêre wearde as De Dei is Jong. Bewize docht Krol dat net. Hoech ek net, want hy hat al safolle bewiisd. Der is lykwols noch in reden wêrom't er gjin bewiis hoecht te leverjen: The Unicorn is yn it Ingelsk skreaun en De Dei is Jong yn it Frysk en dat is foldwaande. It Ingelsk is ommers de hillige taal fan disse tiid. Dêr kin noait wat ferkeards yn skreaun wêze. Sjoch mar nei de disco, de fook, de sigrettemerken, de computer, de in- en output, de drugs en de sensitivitytraining. Wat yn 'e midsieuwen it Latyn wie, is it Ingelsk no, in | |||||||||
[pagina 327]
| |||||||||
taal mei in hillige ûnoantaastbere autoriteit. Dat ferklearret ek it súkses fan Krol; hy studearret ommers Ingelsk. Mar goed, om op de swiere beskuldiging fan plagiaat werom te kommen. Wat is plagiaat? Jelle Krol jout dêr gjin ferantwurding. In boek hat talleaze komponinten. Litte wy de twa wichtichste der úthelje:
Literêr sjoen achtsje ik benammen B it wichtichst en A2 is dan ynteressant. A1 is yn dit gefal bysaak (kastielroman). By De Dei is Jong is yn alle gefallen B autentyk Ypk fan der Fear. Dêrby is ek A2 folslein oars as yn The Unicorn. Dan bliuwe der inkelde aspekten fan A1 oer dy't ik (mar ja wa bin ik) literêr sjoen dus bykomstich achtsje. Dy oerienkomsten yn A1 sil ik net ûntkenne, ik sil sels net ûntkenne dat dy opfallend binne. Ik tink hjirby oan inkelde wichtige persoanen, Scottow/Jetse, en oan bg. de mislearre flechtscène. Wat de persoanen oanbelanget, dy folgje foar it grutste part út it dekòr. Sa kin in hiel kompleks fan gearhingjende faktoaren folgje út ien tafallige oerienkomst, bg. dat de figuer Djoeke/Marian problemen mei har freon hat en dêrom as selskipsdame nei in kastiel giet. Yn it slimste gefal soene ûnbewust inkelde komponinten fan The Unicorn yn Ypk fan der Fear har holle hingjen bleaun wêze. Se hat dy mooglikheid net útsletten: ‘Ik lês wat my boeit en dan mei derfan komme, wat wol.’(299). Se hat skreaun dat se The Unicorn lang lyn (en dat is dan wol hiel lang lyn) lêzen hat. Unbewust ‘plagiaat’ dus fan inkelde (út literêr eechpunt sjoend) bysaken. As se it bewust dien hie, hie men noch net fan plagiaat sprekke kinnen, sjoen de literêr folle wichtiger komponinten B en A2. Yn disse saak fan in pear boeken dy't amper literêre wearde ha (Ypk fan der Fear hat folle bettere boeken skreaun en Iris Murdoch ek, tink ik) soe der eventueel wat mis wêze kinne (wat ik dus ûntstriid) yn in pear aspekten, dy't hielendal net mear literêr binne. It stik fan Jelle Krol is dan ek net literêr, mar polityk. Myn konklúzje moat wêze, dat de suggestje fan Jelle Krol, dat Ypk fan der Fear har oan plagiaat besûndige hawwe soe, der fier by troch is en berêst op in oerflakkige monomane skôging, dy't oan alle kanten rammelet. De skuld fan 'e eskalaasje fan disse saak, dy't de namme fan Ypk fan der Fear oantaast hat, draacht de doetiidske redaksje fan Trotwaer tw. Eppie Dam, Oene Spoelstra, Akky van der Veer, Goaitsen van der Vliet en Jan Wybenga (ik wit fansels net wa't doedestiids tsjin opnimmen fan | |||||||||
[pagina 328]
| |||||||||
it stik fan Krol stimd ha). Ik freegje my ôf, oft de lju beide boeken wol lêzen ha, foar't it stik pleatst waard.
Al rammelet it stik fan Krol oan alle kanten, hy skriuwt yn Trotwaer, is redakteur woarn en studearret ek noch Ingelsk, dus... ‘It is ûnderwilens allang âld nijs dat Jelle Krol ree fûn is om mei yngong fan dit jier ien fan de lege redaksjestuollen te besetten. De krityske ynstelling en sekuerens, dêr't syn skôging oer De Dei is Jong fan tsjûget, wiene foar ús oanlieding om him dêrta út te noegjen.’ (Trotwaer 83-2 side 68). Ja en dan hâldt alles op. It giet my net om de wearde fan disse beide romans. It is myn genre net. Dallas en Falcon Crest sjoch ik nei in pear ôfleveringen net mear. De literêre wearde fan dat soarte bakfiskromans is sêft sein tige relatyf. As ik dan dochs kieze moat, kies ik foar Ypk fan der Fear. Har boek is simpelder, earliker, mei justjes mear logika. It boek fan Murdoch (in skriuwster mei sûnder mis geweldige kwaliteiten) hinget fan tafallichheden en hege-hoedtrúkjes oan mekoar en dat alles oergetten mei in sauske fan dizenich filosofysk geëamel. It giet my om in oar ferskynsel. Neist skriuwers en skriuwsters dy't echt wat te skriuwen ha, dy't bepaalde kontrolearbere ynhâlden formulearje (Ypk fan der Fear, Trinus Riemersma, Josse de Haan, Willem Abma en noch in stikmannich) hat men skribenten yn literêre machtsposysjes. Wier of net wier is foar sokken sekondêr. Bewize hoege se neat. Har machtswurd is har autoriteit. ‘Omt ik persoanlik ek in miening oer dy saak ha woe, haw ik drekt beide boeken fuort nei elkoar lêzen. Ik bin doe ta de konklúzje kommen, dat Jelle Krol gelyk hie.’ (Trotwaer 83-2 side 119). Dit is it machtswurd fan Geart van der Meer, fierders lang de beroerdste net, want hy skriuwt teminsten nochris wat, mar foar it fenomeen wol tekenjend. Dat Jelle Krol de oerienkomsten tusken beide romans as troch in mikroskoop waarnimt en dêrby de ferskillen net mear sjocht, mei hinnebruie. Dat er Ypk fan der Fear dêrby mislediget, is logysk. Dat Ypk fan der Fear in foar de redaksje goed bedoelde reaksje dêrop skriuwt, soe foldwaande wêze. Dat Jelle Krol in hûnsbretaal lytsachtsjend kommentaar dêrop skriuwt, is tekenjend, mar noch wol te folgjen fan ien dy't de skiednis net kin. Minder wurdt it as er dat komintaar ûnder de seine fan 'e redaksje fan Trotwaer publisearje mei, sadat de skande foar Ypk fan der Fear hiel Fryslân oergiet. Noch beroerder wurdt it, as dyselde Jelle K. op grûn hjirfan te redakteur beneamd wurdt. In hichtepunt fan newspeak krije wy dan yn Trotwaer 83-1 siden 56/57, dêr't yntegraal in stik fan Tiny Mulder mei dúdlike arguminten tsjin Krol | |||||||||
[pagina 329]
| |||||||||
ôfprinte wurdt neist in al dy arguminten negearjend lytsachtsjend kommintaar fan Krol. Dit wie sa idioat, dat it sels de Ljouwerter Krante opfoel (LC 11 maart 1983). Dan telle reedlikheid en argumintaasje net mear, mar allinne it feit oft men redakteur fan Trotwaer is of net. Dan ûntstiicht dit hiele kompleks fan leagen en lester, dat Trotwaer hyt, oan ús minsklik tink- en kontrolearfermogen. Ypk fan der Fear hat plagiaat plege, omdat it subsidiearre ynstitút Trotwaer dat fêststeld hat. Oft it wier is of net, docht net mear ta de saak. Ien dy't de ûnkrektens fan sa'n bewearing oantoant, telt net mear mei. Hoe bestiet it, lêst men dan, dat tydskriften en kranten sa'n ferdigening publisearje. Ypk is net holpen mei minsken dy't it foar har opnimme. Har skande wurdt der allinne mar grutter fan (Trotwaer, 83-1, ss. 56-58, Trotwaer 83-2, s. 119). Dúdliker foarm fan newspeak is tocht my net te finen. Ypk har manuskripten sille wol lizzen bliuwe, want wat útjouwer wol wurk fan in letterdief útjaan, de skea en de skande binne ommers fierstente grut? Bliuwt oer de frage: wa is it folgjende slachtoffer? It mechanisme dat ús hjir yn 'e kloeren hat, is tipysk fan disse tiid en hat te meitsjen mei kommersje, reklameen machtspolityk. Skriuwers mei literêre arguminten ferdwine nei de marzje, meie yn in hoekje noch wat ‘kultsje’ boartsje en ferdwine mei koarten hielendal yn it neat, krekt omt se wurk fan literêre wearde skriuwe. Doe't ik it stik ‘Hwer hast it wei?’ fan Jelle K. lies, fielde ik fuort oan, dit is net literêr, dit is polityk-kommersjeel, dit spul hat luzen. Dat ik al dy luzen mei it puntsje fan myn pinne deadrukke kin, hat stadichoan bliken dien in yllúzje te wêzen.
Sa, dit aai bin ik kwyt, mar de rare smaak bliuwt, krekt as it fertriet fan Fryslân.
15-9-1983 |
|