[Nummer 6]
[Fan 'e redaksje]
As wy yn dit lêste nûmer fan de jiergong efkes weromsjogge is it dúdlik te sjen dat wy it lykwicht tusken op 'e tiid útkommen en goed fersoarge útkommen noch net fûn hawwe. En ús goede foarnimmens foar dit nûmer waarden troch de poststaking noch wer trochkrúsd. Mar sa stadich oan reitsje wy yn ús nije gearstalling al aardich op inoar ynspile.
Wol is it sa dat Goaitsen van der Vliet mei yngong fan dit nûmer syn redakteurskip dellein hat. Goed fiif jier hat er him ynset foar Trotwaer, it lêste jier ek foar de oanklaaiing fan it blêd. Wy hoopje dat er syn meiwurking oan Trotwaer fuortsette sil mei fersen en ferhalen lykas Texas (1983-3). Benammen wurdearje wy de menier werop't er yn syn bydragen de ynfloeden fan de hjoeddeiske kultuer (foaral film en musyk) ferwurket.
Ek by Steven de Jong mankearret it oan lykwicht, diskear tusken literêre arguminten en emoasionele oanfallen. Fanwegen dy lêste eleminten hawwe wy der oer tocht syn stik yn Trioel te setten, mar omt wy oan de oare kant de argumintearre diskusje graach plak jaan wolle en net de skyn op ús lade wolle dat jo - omt jo in (ommers sa machtige!) redakteur oanfalle - yn in hoekje fuorttreaun wurde, hawwe wy it dochs net dien. It is faaks net oerstallich nochris út te sprekken dat de redaksje de taak hat in stik te hifkjen op argumintaasje (it mei net ‘oan alle kanten rammelje’) en ek te besjen oft it ûnderwerp op syn plak is yn it blêd. As nei dy ôfwaging in stik opnimmen wurdt betsjut dat net dat de redaksje it iens is mei de stanpunten dy't yn dat stik ferwurde binne.
Datselde jildt ek foar it stik fan de jury fan de Gysbert Japicx-priis en de persoanlike taheakke derby fan Geart van der Meer. Wy fûnen it nijsgjirrich it advys fan de jury op te nimmen as basisdokumint, fanwegen de diskusje dy't geande is oer de útrikking fan de priis oan Sjoerd van der Schaaf foar syn roman De bijekening.
De redaksje