Trotwaer. Jaargang 15(1983)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 342] [p. 342] Geart van der Meer XVII wreedste begearte is dy fan it fleis, yn ús wekjend de toarst, dy't it drinken net ferslacht, mar fermearet, en it tinken fersoarret ta dat iene, dy't ús deis achterfolget mei it byld fan de nacht sa't dy wie, de nachten sa't dy wiene, kjimmen yn it ûnthâld, dat it skiene alles oerwoekeret, ‘nim dij te wacht foar de som fan it ûnthâld en de langst. do leavest wat einich en stjerlik is. doch dat mei in leafde dy't einich is. wês fan 't begearen fan skientme it bangst’ - ‘mar wat it each sjocht, en hannen fiele, hoe kin ik dát mei einichheid diele?’ [pagina 343] [p. 343] XVIII ik lit de riemmen los. ‘sjoch, heit is hjír berne, yn disse pleats’. in lyts jonkje boartet bij it wetter. op in bankje, yn 'e sinne, in frommiske. hoe stil is 't hjir. sil ik har freegje om... nee, dochs mar net. gong en keamer sil fijannich wêze, neat witte wolle fan wat ik wie, doe. fan heit en mem. stien, hout, flier: noch itselde. mar gjin macht ta it ûnthâld. neat bliuwt bewarre yn wat tiid net ken, en domwei is, noait wie, noait wurde kin: neat sil bestean yn wat dea is en kâld. is dat it lok: te stean, hjir, oan 'e feart, as hûs, as muorren, stien, en fierder neat? [pagina 344] [p. 344] XIX of is it lok te streamen as de main? - bij dorf prozelten woest net mear. te gleon wie 't neffens dij, en wij binne stean bleaun, mei ús fytsen, oan it wetter. dat wie de ein fan dý tocht, mar der kaam mear. oan 't wetter ha wij lein. yn 't wetter ha wij swommen ik ha dyn lichem yn myn earms nommen wetterfluch hâldfêst, yn 't streamend wetter wiest myn haad, myn langst in haven, in wâl foar myn eangst foar letter wiest myn kertier myn oere en dei. dy dei. mar gjin rivier streamt oait tebek. in stream hat syn ferfal wij 't libben. bliuwend is net iens de dream duorjend allinne it streamen fan 'e stream Vorige Volgende