Lance Henson/Jelle Kaspersma
Trilogy fan in kriichsfolk
De hjir printe oersettingen binne in priuwke út de blomlêzing mei yn it Frysk oerset wurk fan yndianen út Noard Amearika. Dy blomlêzing sil, as alles goed giet, yn 1985 ferskine.
Lance Henson stiet mei ien skonk yn 'e jachtige wrâld fan 'e blanken, en mei de oare yn 'e sletten mienskip fan 'e Southern Cheyenne. De spanningen dy't sa'n sitewaasje boppe wetter hellet, kin men yn syn fersen weromfine.
fan de bergen ôf komme wy
wy ferheffe ús stimmen om de prachtige
libbenswei dysto jûn hast
wy wenje yn it ljocht fan ús heit sinne
yn it skaad fan ús mem ierde
wy binne it prachtige folk
wy swalkje sûnder eangst oer de grutte flakten
yn ús dagen hat it lân ús ienwêzen leard
wy allinnich azemje mei de rivieren
wy allinnich hearre it liet fan de stiennen