Wang Wéi/Jan Wybenga
Seis fersen
Wang Wéi (699-761) wurdt as ien fan de grutste dichters út de T'ang-tiid (618-907) beskôge. De fjouwer grutte nammen út dat tiidrek binne Wang Wéi, Li T'ai-poh, Toe Foe en Pho Tsju-i.
Syn thema's binne benammen it libben op 't lân en de natuer. Yn syn fersen is de minske net mear as in part fan de natuer. De taal is ienfâldich en suver. Syn wurk telt sa om ende by 400 fersen.
Wang Wéi is ek in wichtich man yn de skiednis fan de Sjineeske skilderkeunst. Hy wurdt net allinne sjoen as ien fan de feardigste lânskipsskilders, mar soe ek de earste wêze yn it skilderjen fan monochrome lânskippen. ‘Yn syn fersen giet in skilderij beskûl, yn syn skilderijen in fers’. Ut in grut tal fan syn gedichten docht bliken dat er Bûddhist wie.
Oersettings: Chang Yin-nan en Lewis C. Walmsky, Poems by Wang Wéi, Tokio, 1958.
List fan oersettings oan 1957 ta yn it twadde diel fan M. Davidson: A List of published translations from Chinese into English, French and German, New Haven, 1957.
Dêryn dus uteraard net it prachtige boekje fan W. Hussem: Verzen van Wang Wéi, Zaandam 1972.
It paad mei moas bewoechsen
no't de klûzener fan de berch
koartby wolris lânskomme koe
wurdt it túch der útwjudde