| |
| |
| |
Fania Fénelon/Janna de Jong
Trochgean mei de muzyk!
Ut Muziek achter prikkeldraad, Hollandia, Baarn 1981, haadstik 12, siden 147-160
‘Nee!’ raasde Florette. ‘Ik wol net spylje, ik haatsje muzyk, wy wurde der allegearre nochris gek fan!’
De famkes kamen krekt werom fan in jûnsrepetysje yn 'e iepen loft; ik frege my ôf oft der wat bysûnders bard wie, of dat it wer sa'n typyske útbarsting fan Florette wie.
Meastentiids ferrûn it kommen en gean mei ûnferskilligens en yn stilte. Dat wie de lêste taak fan de dei en gewoanwei kamen se mear ûntspannen werom. Dy jûns lykwols kamen se der slofkjend yn, mei ferlutsen gesichten. Sûnder noch nei harren om te sjen ferstoppe Alma har op har keamer. Witer as ea te foaren gong Frou Kröner nei de muzykkeamer om har dwersfluit op te bergjen, folge fan ferskate oaren, dy't der allike mismoedich útseagen. Lytse Irene stoareage yn 'e fierte, Jenny wie sa wyt dat de skeinspruten as brune plakken tsjin har gesich ôfstutsen. Lange Irene like foar har dwaan tige pinnich en se seach mei noed nei Florette.
‘Nee! ik kin it net, ik gean der net wer hinne. Se kinne my om myn part wol fermoardzje. Dat dogge se dochs wol, dat stiet ús allegearre te wachtsjen!’
It gefoel fan eangstme wie omtrint taastber. De measte famkes seagen lulk nei Florette en fielden har de hannen jokjen. ‘Ik kin it net mear opbringe en sjoch nei harren, en dan dy eagen... Fania, hjoed waarden der twa troch hûnen opfretten. Se moasten te pisjen of in stikje iis helje om op te sobjen... De SS-ers stjoerden de hûnen op harren ôf... en dy skuorden har yn lytse stikjes... en dat rosmos twong harren kameraden om dy stikken op te pakken en se boppe op 'e steapel mei liken te lizzen en ik haw dat sels sjoen! Ik ha se sjoen! Stikken frouljusfleis feroaren yn hûnefretten! Se tôgen se sa goed en sa kwea as dat gie op harren rêch... en wy spilen fierder, wy gongen mar troch mei dat leven. Slachters, mei stikken fleis op 'e skouders, dy't se amper tille koene, se wiene skjin yn ein en wy leine se ek noch in marstempo op... der wie safolle hate yn 'e eagen fan dy froulju... Ik kin der net mear oer. Ik gean der net mear hinne...’
Solidêr namen Hilde en Helga har by it skouder en, holpen troch lytse Irene, namen se har mei.
‘Kom mei nei bûten ta, dat sil dy goed dwaan!’
| |
| |
Razend, fol hate, betsjûge Hilde har: ‘Wy smite se harren eigen hûnen foar, oant harren earms en skonken der foar ús eagen útlutsen binne, en op wat noch oerbliuwt gean wy stean. Hjir sille se foar boetsje!’
Wylst de snokkerjende Florette fuortbrocht waard, frege ik oan lytse Irene oft it wier wie dat de SS-ers hieltyd harren hûnen op minsken ôfstjoerden.
‘Deis stjerre der sa ien as twa finzenen. Dat wisten wy, mar wy hiene it sels noch nea sjoen.’
Nea haw ik sa bliid west dat dy spesjale taak my besparre bleau; yn dy tiid wie it noch net yn 'e perverse geast fan de SS-ers opkommen om oan dy saneamde fanfare in sjongeres ta te foegjen.
Ik lei yn myn koai en besocht it ynsidint fan my ôf te setten, om mysels der los fan te meitsjen, mar it byld bleau my by. Dy nacht like it wol oft de sykljochten noch senuweftiger oer it kamp glieden en noch faker as oars oer ús barak. Lichaamlik en geastlik ôfmêde slepte Florette yn har favorite hâlding. Ik hie it gefoel dat ús nachten hieltyd ûnrêstiger waarden; allinne Panie Founia snoarke ûnferoare fierder.
Snie en iis teiden stadich fuort; hjir betsjutte april rein en drek, dy't allegeduerigen troch de wyn opswypke waard. Hieltyd sieten wy ûnder de drekplakken en moasten ús aloan wer skjinmeitsje sûnder dat wy dêr wat foar hiene, dat wie ynspannend en ferfelend. It hiele kamp wie yn ûnstjoer, oft de maaitiid ús op 'e flecht jage as nerveuze, frustrearre bisten. Der waard lústere dat Dútslân tsjin Ruslân en Ytaalje yn 'e problemen kommen wie; der wie sels praat fan in lâning yn Frankryk. Wy hiene it gefoel dat wy in soarte fan draaitafel oan it wurden wiene. De winter hie ús ta in hichte beskerming bean, ús yn in wintersliep dompele: de wrâld om ús hinne waard ús hieltyd frjemder. Der kaam wer beweging yn it kamp. Wy krigen besite fan de froulju út Kanada, it kokenpersoniel, minsken út de sikeboech, tolken, kantoarfeinten - ús barak waard in algemien moetingsplak. Der kamen wer minsken fan bûten, it gûnze fan geroften. Der wie altyd wol wat om ús kjel te meitsjen. Mei in mislik meitsjend gefoel yn ús mage koene wy út ús muzykkeamer wei sjen hoe't de transporten oankamen. It tal seleksjes waard grutter, it deadefabryk wurde op folle krêft. It fette roet plakte ús op 'e hûd; fan guon froulju hearden wy dat de steapels liken deun by de barakken, hieltyd heger waarden om't de ûnen it net mear ferwurkje koene. Nije oankommelingen krigen foarrang om't hja noch libben, wylst dejingen dy't hjir al in skoftsje wiene, dea of heal-ferdôve, wachtsje koene. Der waard sein dat der fan en ta tusken dy liken in earm of skonk beweegde. Leafst hiene wy ús earen der foar sletten, mar deadlik nijsgjirrich as wy wiene, harken wy dochs.
Wy hiene noch nea sa'n protte spile; alle sneinen wiene der twa as trije
| |
| |
konserten. Alle dagen, en faak ferskate nachten achterinoar, kamen de SS-ers ta ús muzykblok yn en dan fregen se hieltyd wer om tajeften. De hel hat in boel gesichten en foar ús wie dat der ien fan. Dochs wie 'k tankber foar dy muzikale aktiviteit, dy't my útstel joech en myn geast warber hâlde troch it wurkjen oan de orkestraasjes - it wie as brocht men in tal oeren yn 'e berchlucht troch, sa kwikke men dêrfan op. Ik krige sels wer wat nocht oan it libben, lykas niiskrekt doe't ik arbeide oan in arrangemint fan Cavalleria Rusticana, dêr't de earste maten my fan tinke lieten oan ús favorite liet: J'attendrai. It wie skreaun foar harren dy't yn 1939-40 net thús wiene en foar ús wie it in symboal foar it weromkommen fan harren en fan ús. Alle kearen as wy it arrangemint spilen jubelen wy it yn gedachten út. It wie hiel moai om ûnder harren noas in liet fan hope te sjongen. Bedragerij is de wrake fan 'e swakken. Ik hie foar mysels oare aardige dingen organisearre. Sa hie'k bygelyks Josef, Josef (in bekende fokstrot, komponearre fan in joad) ta in mars arrangearre; en ik hie it sa regele dat de froulju yn 'e wurkgroepen fuort marsjearden op 'e maat fan joadske muzyk. It die bliken dat guon de melody dúdlik werkoene. Gjin inkelde SS-ers hat it ea yn 'e rekken hân. Der waard mei sichtbere tefredenheid nei harke en se sloegen sels de maat mei. Ik geniete noch mear as ik seach dat se yn 'e tsjoen rekken fan 'e earste maten fan it foarste part fan it fioelkonsert yn E-lyts fan Mendelssohn, in komponist dy't yn Dútslân en de besette lannen ferbean wie. Ik hie it út 'e holle opskreaun en doe't Alma it op har buro fûn draaide hja har nei my om: ‘Tinkste dat dat kin?’
‘Fansels. Nimmen is hjir sa tûk dat er dat fernimt’.
‘Jawohl. Dan sette wy op 'e wurklist allinne ‘fioelkonsert’.
Alle kearen as se it spile en dirigearre, seagen wy inoar begripend oan. Sa namen wy grutte risiko's, mar dat moast dan mar, want wy belibben der sa'n soad wille oan om se strieljen te sjen by it harkjen nei dy ferbeane muzyk. Sokke mominten wiene der ommer al hast nea.
‘Trochgean mei de muzyk!’ jubele Jenny by alle gelegenheden dy't har foardiene.
It wie ús strildrop wurde. Yn Birkenau wie muzyk yndie fan alle minne dingen it minst minne wurden, om't men dêr de tiid mei folle en alles efkes ferjitte koe, lykas by in ferdôvjend middel; wy kamen der ek altyd wer ferdôve en wurch út. Us publyk bestie út moardners en de slachtoffers, dat wie it slimste; en yn 'e hannen fan 'e moardners wie it hast sa dat wy ek ta misdiedigers makke waarden.
De konserten op snein waarden net altyd yn de Sauna jûn; op befel spilen wy ek wol ris earne oars. Sa spilen wy op in snein noch net salang dêrfoar yn in barak foar gekken, dêr't froulju yn ûnderbrocht wiene, dy't geastlik beheind wiene doe't se ynternearre waarden, froulju dy't de
| |
| |
ferskrikkings fan it kamp net te boppe kommen wiene of dy't gek wurden wiene fanwegen de eksperiminten dy't op harren dien wiene. No wit ik net oft ús konsert yn dat blok ek eksperiminteel wie, oft de reaksjes bestudearre wurde moasten troch de dokters fan Birkenau en Auschwitz, mar it wie in feit dat it konsert goed besocht waard. Wy spilen oan 'e yngong fan it blok, yn it middenpaad. De froulju sieten hjir en dêr op harren cojas yn de meast frjemde hâldings. Guon hongen it hiele konsert troch as útmergele apen healneaken oan 'e bêdsstilen. Se seagen ús oan, stieken de hannen nei ús út, nei alle wierskyn om om in bôlekoarste te biddeljen, dy't wy harren net jaan koene. Wer oaren liken te ferdwaze om ús acht te slaan, lit stean ús te hearren, sa slim sels dat ik earst noch efkes tocht dat se dôf wiene. Guon sprongen op en del yn in healslachtich besykjen ta dûnsjen.
Alma hie it gelok dat se der mei de rêch nei ta stean koe, mar wy koene der nei sjen en dat gou benammen foar my, om't ik mar twa lieten sjonge moast. Wie der in stik út, dan waard der troch guon fanatyk klapt, wat op dat plak idioat hearde. Behalven troch harren is der nea foar ús klapt yn 'e tiid dat wy yn it kamp sieten. Wat sil Alma dat applaus mist ha; ik seach har al hielendal foar my, bûgjend op har eigen wize, heechhertich, mar ek och sa fatsoenlik.
Ien fan dy earme stumperts kaam nei foaren om mei rare snuten in geweldige ymitaasje fan Alma mei har dirigearstokje te jaan en dêrnei fan Helga achter it slachreau. It wie sa kluchtich dat ik my ôffrege oft se wier wol gek wie, of allinne mar sabeare. Har ynterpretaasje kaam sa ûnferwachts dat it ús op 'e senuwen wurke en wy lûd begûnen te laitsjen... as gekken!
Ik besocht mysels yn te praten dat ús âldens trochinoar dochs noch omendeby de tweintich wie en dat laitsjen in tsjingif wie foar eangst. It wie krekt dat laitsjen dat ús oerein hold, dat wist ik, mar dochs hie 'k it gefoel dat it net alhiel sûn wie. Dat laitsjen wurke op ús as in ferdôving en ik wie benaud dat it de stadige ôfbraak fan 'e earbied foar it minsklik libben, dy't him yn ús folteach, ferhastigje soe.
In pear wiken dêrfoar hie Alma my frege om in bewurking te meitsjen foar lange Irene, ús earste fioeliste, fan in konsert fan Mozart. Doe't Irene it lies, seach se nuvere mâl en fronsele har wynbrauwen: ‘It is te dreech, dat kin ik noait spylje.’
‘Jout neat, Alma hat it dochs noch net sjoen, ik sil wol sizze dat it my net slagge is.’
Jenny bemuoide har der fuortendalik mei. ‘Faaks is it te slim foar har, mar net foar my.’ Har sjongerige Parise tongslach kaam der no siizjend út: ‘Wa tinksto wol datsto bist? Ik spile earder fioel as sy, yn it Rialto tejater, alle jûnen en myn publyk wie tige sinnich.’
| |
| |
Tsjin de algemiene ferwachting yn gong Alma der hiel ôfwêzich mei akkoart om Jenny it stik spylje te litten. Dagen achterinoar waarden wy sa pleage en mêde se harsels ôf om it stik spylje te kinnen; it wie ôfgryslik min. Alma âle en raasde, mar Jenny joech it net oer: ‘Ik haw it oefene en no sil'k it ek spylje.’
Op in sneintemoarn kearde se my obstinaat har mûzebekje ta en fersekere my dat se it stik út 'e holle koe, dat it tige maklik wie, dat se allinne noch wat mear tiid noadich hie om de puntsjes op 'e i te setten en dat wy it dy middeis wol gewaar wurde soene. Ik luts net iens oan 'e skouders; de tiid wie foarby dat ik my der drok oer makke. It iennige dat my noch ynteressearre wie it plak dêr't wy spylje soene. Ik wie benaud foar noch ris in ûnderfining lykas dy yn 'e barak foar geastlik beheinden en ik fielde my dan ek ferromme doe't ik hearde dat wy allinne mar spylje soene foar de siken yn 'e sikeboech en middeis foar de SS yn ús eigen keamer.
Sûnt ik by it orkest wie - no omtrint fjouwer moanne - wie dit de earste kear dat wy in konsert joegen yn 'e sikeboech. Dat die my wier goed: spylje foar sike minsken like my de ienich krekte rjochtfeardiging foar ús bestean. Myn ferbylding naam in flecht en der gong allerhande klisjees troch myn tinzen: wy soene de siken wat ôflieding bringe, harren de pine efkes ferjitte litte, en soks. It duorre efkes ear't ik troch hie dat ik de iennichste wie dy't glimke. Alma, dy't in min sin hie, like net iens, lykas oars foar in konsert, wat oerstjoer te wêzen. Utsein Jenny seagen ek de oare famkes mankelyk foar harren út. Eva suchte: ‘Ik woe dat it al dien wie. Ik haatsje dat sjongen yn 'e sikeboech.’
‘Wêrom? Wy kinne ommers faaks wat foar harren dwaan - harren efkes de tastân ferjitte litte.’
‘Wy spylje moarns foar harren,’ kaam Florette batsk fanwegen, ‘en middeis wurde se fergast!’
Ik koe net iens mear slokke en stammere: ‘Witte se dat dan?’
‘Nee, mar Alma al en wy ek.’
It wie hiel lef, mar ik hie it leaver ek net witten. Yn myn ferbylding hie'k de sikeboech altyd sjoen as in soarte fan sikehûs, mei bêden net botte lúks fansels, mar yn alle gefal skjin.
Dochs siet ik doe mar yn in stjonkende, ûnferwaarme keet, dêr't de flier dan noch al fan skrobbe wie foar ús kommen. Yn al dy koaien, dêr't de lêste laach fan yn 't healtsjuster wei waard, leine spoekeftich eagjende froulju, healneaken, rydboskjend op striematrassen sûnder lekkens en guon sels sûnder tekkens, nei ús te sjen mei glinsterjende koartseagen. Kalm en foarsichtich setten wy ús muzykstanderts del yn it brede gongpaad by de iepen doar, wy leine ús muzyk klear en stimden de ynstruminten. Om't ik mear ien kear sjonge soe, hie'k der wat foar oer hân om
| |
| |
ek in muzykynstrumint yn 'e hannen hâlde te kinnen. Hie ik mar sa drok dwaande west, dat ik net nei dy froulju hoegde te sjen! Guon dy't net slim siik wiene kamen op ús ta en seagen ús oan. Ik frege my ôf wêr't wy mei dwaande wiene en wa fan harren wist wat harren te wachtsjen stie. Ynienen frege ik my ferheard ôf oft wy faaks harren lêste winsk ferfollen. Alma joech it teken en it orkest sette de earste maten yn fan de Blauwe Donau. Guon froulju begûnen te núnderjen, oaren raasden as bisten yn need, guon laken, stoppen de earen tich, dinen mei. Wer oaren liken ús oanwêzigens fergetten te wêzen en sieten mei de hannen gear te bidden. Der wiene mar in pear dy't it konsert op normale wize folgen. De famkes spilen aria's út operettes, fokstrots, walsen as die it harren allegear neat. By de doar ûntstie gewach fan dokters en SS-ers. In ofsier, dy't ik noch net earder sjoen hie, stie mei oandacht nei ús te sjen. It wie in skraits fan in man, mei in platte holle en hier dat de kleur fan tou hie. Hy hie glêzige, neatsizzende eagen, dy't djip yn 'e kassen leine, as fan in lyk. Doe't ik him laitsjen hearde, krige ik in aaklik gefoel fan binnen. Ik frege Ewa wa't dat wie.
‘Tauber, hy is de minste fan allegear. Hy hâldt net fan muzyk.’
Dat wie my ek al opfallen; syn hurde lytse eagen liken dwers troch ús hinne te sjen, wylst fan syn smelle mûle in djippe ôfkear spriek.
‘Wat docht er hjir dan?’
‘Hy siket allinne mar wat ferdivedaasje.’
Fassinearre seach ik nei dy hurde kop, hoewol't ik wist dat it ferbean wie om nei in SS-er te sjen. Njonken him stie no in hege ofsier, it wie in lange SS-kolonel mei in monocle, wat griis oan 'e sliepen en tige elegant - je soene suver tinke dat er in korset ûnder syn unifoarm droech. Hy hold syn stokje ûnder syn earm en tikke mei syn opgulde sigarettepypke tsjin syn gouden sigarette-etui. Wêr kaam er wei en hold er fan muzyk? Ewa wist it net. Der wiene blykber nije SS-ers oankaam en hy wie ien fan harren. Lokkich hie harren kommen my wat ôflieding jûn, it wie nammentlik no myn bar om te sjongen, en ik fielde my wat mear ûntspannen. Ik song de twadde aria út Das Land des Lächelns: Meine Liebe - Deine Liebe - die sind beide gleich... It wie hurd om dit liet foar al dy froulju te sjongen. Noch ear't ik klear wie hiene de elegeante kolonel en Tauber de hakken al wer opnommen. In pear froulju sieten mei oandacht te harkjen, glimken; ien fan harren song sels mei, in brutsen stimme, dy't nei alle wierskyn noch net sa lang lyn moai west hie. Ik hie begrutsjen mei harren, fielde my kapot fan binnen, mar song dochs troch oer leafde en kopkes thee.
No wie Jenny oan bar. Fuortendaliks siet se al wer te broddeljen en spile mar wat har yn 't sin kaam. Se koe der neat mear fan. Se krige in kleur en begûn nettsjinsteande de kjeld bot te switten. Alma joech it oer om
| |
| |
noch fierder te dirigearjen, mar se seach wol spotsk en ferwitend nei Jenny. Dat sjen wie like pynlik as de tikken dêr't se om bekend stie. By eintsjebeslút makke Alma in ein oan 'e tramtaasje troch feninich mei har dirigearstokje ôf te slaan. Jenny siet djip fernedere te skriemen, wylst wy tiid en plak fergetten en ús de bûsen útskuorden; oanstutsen troch ús gegibel, begûnen de froulju ek te laitsjen. Wy hiene ússels net mear yn 'e hân, dochs wisten wy elk foar ús dat dy flater fan Jenny har it libben kostje kinne soe.
Wy pakten ús boel op en ferlieten de sikeboech lykas arbeiders oan 'e ein fan in wurkdei. Nei't wy ôfset wiene, soene hûndert, twahûndert fan dizze froulju nei de krematoaria brocht wurde. Wiene wy dan al sokke bruten wurden? Ik tocht oan twa dingen, dy't koartlyn bard wiene, los fan inoar, mar dy't fuort nei inoar pleats fûn hiene: it weromkommen fan Martha en Zocha's hâlden en dragen by de molke.
De moarntiid wie krek lykas oars begûn mei it gewoane metaaleftige lûd fan skalen, dat folge op 'e komst fan it sop...
Sittend om 'e tafels wurken wy dat ôfgryslike focht nei binnen. Bûten reinde it oan ien tried wei. De wyn sloech nei binnen doe't der in famke yn 'e iepening fan de doar kaam. Se wie wiet en it wetter rûn har by de holle del. Se wie tige meager, lang en suver sûnder boarsten. Florette en Jenny raasden optein: ‘Marta!’ Dat wie dus dy lang ferwachte celliste. Se glimke net, har begroeting wie kleurleas, se kaam út in oare wrâld. De famkes ferwolkommen har likemin hertlik. Se rûn ûnwis nei har koai en gong op 'e râne sitten.
‘Wat wie der mei dy?’ frege Jenny nerveus op in ôfstân.
‘Tyfus.’
‘En hast dat oerlibbe? Do hast in goede beskermingel, dat moat sein wurde.’
Alma, dy't troch Regina op 'e hichte steld wie, kaam foar 't ljocht. Hoewol't se uterlik neat meiinoar mien hiene, hearden hja beide ta datselde heechhertige, superieure ras. Se seine fluch wat tsjininoar yn it Dútsk. Foarsafier't ik beoardielje koe, en ik koe it ûnderwilens al aardich prate, hie Marta in prachtige útspraak. Yn 'e holle kassen liken har prachtige, omtrint gouden eagen noch grutter en dûnkerder. Doe't Alma fuort wie, stoarre se noch efkes dreamerich foar har út, wêrnei't se yn perfekt Frâns preuvele: ‘Alma wol dat ik mei jimme meigean nei it folgjende konsert, mar myn guod is allegear smoarch...’
Ik makke wat wetter waarm op 'e kachel en sei: ‘Jou mar op, ik waskje it wol foar dy.’
Dat like har oer't mad te kommen. Ik wachte net op antwurd en begûn har guod te waskjen. Marta lei langút op har matras, se wie yn ein. Ik lei har klean foar de kachel yn 'e hope dat se tsjin fjouweren droech wêze
| |
| |
soene. It like mar heal ta har troch te kringen, se seach my frjemd oan mar glimke net. Marta wie tige grutsk en ûnôfhinklik. Ik frege my ôf wêrom't de famkes sa ûnfreonlik diene en myn dwaan nochal kritysk liken te besjen. Ik beskôge it as in blyk fan solidariteit, eat wat sy net liken te begripen. Se foelen my oan: Klara, Jenny, Florette, Helga, Elsa, Annie, stipe fan in koar Dútske en Poalske froulju. De Russinnen holden harren der bûten. De twa Irenes en Ewa seagen my allinne mar oan. Ik waard feroardiele: ‘Do bist stapelgek! Moast do hjoeddedei ek al de wask foar in oar dwaan?’
Ik ferdigene mysels: ‘Se komt krekt út de sikeboech, se kin amper rjochtop stean. Ik sjoch net yn wêrom't ik har net helpe soe.’
‘Om't wy dat hjir net dogge.’ Jenny drukte har hiel dúdlik út.
‘Of se no sûn is of net, se sil harsels rêde moatte.’
‘Ik tink net dat der ien is dy't dat foar dy dwaan sil, tink dêr leaver mar ris oer nei’ foege Klara der noch oan ta.
‘Ik ferwachtsje neat werom, boppedat doch ik it dêr net foar. Ik doch it om't it logysk is.’ Se seagen my oan, ôfwizend en ûnleauwich. Foar harren wie ik gek of eigenwiis. Jenny dy't de wurdfierdster fan 'e groep wurden wie, foel my oan: ‘Wa tinksto wol datst bist? In Führer? Wy litte ús fan nimmen it leksum opsizze en hielendal net fan dy!’
‘No moatte jimme ris goed harkje,’ foel ik út, ‘as jimme sa trochgean, kinne jimme nea wer werom yn it normale libben. Dan bin jimme ferlern! Om mei oare minsken gear te libjen hat men in minimum oan soldariteit noadich. Faaks komme jimme hjir libben út, mar fan binnen binne jimme noch deader as dy earme stumperts dy't hjir alle dagen ferbrând wurde.’ Mei sletten eagen, flechtsjend yn har swakkens, hold Marta har bûten it trelit dat se feroarsake hie.
De oaren seagen my spytgnyskjend oan, oertsjûge fan 'e beskermjende krêft dy't der fan harren egoïsme útgong. Ik wie in apartelinkje, immen dy't net rjocht by de tiid wie, in gek dy't ûnsin útsloech.
Ik fielde dat harren sarkasme gefaarlik balansearre op 'e râne fan 'e haat; en it foel my wer op dat de groep Poalske froulju folle fanatiker en haatdragender wie. Ik begûn dochs net de diskriminearjen, dat wie der hjirre al hielendal by troch.
Ik kearde my om en rûn nei it finster, dêr't ik hiel efkes myn noas tsjin it rút treau; it wie ophâlden fan reinen en eat dat op 'e sinne like besocht om troch de swarte reekwolk hinne te brekken, dy't troch de wyn net langer yn ús rjochting dreaun waard. In pear meter fierderop waard myn hoarizon tichtset mei it kolosale, goed trochfuorre stal fan Zocha. Ik seach har gebeart al foar't myn harsens it oerset hiene: se tilde har earm op en út de kom dy't se yn 'e hân hie, liet se molke op 'e drek rinne. Se hie genôch hân en dus smiet se wat oerbleau fuort! Har âlden, Poa- | |
| |
len dy't net evakuearre wiene, wennen op sa'n tweintich kilometer fan Auschwitz op in pleats. Se brochten harren dochter alle wiken in pakje, dat har ek noch berikte! Se wie grut en grou en sterk as in keardel - in mûnster! Wat wie der noch minsklik oan har... oan dizze omjouwing? Ewa tocht der tinkt my dy deis krekt sa oer, want de jûns doe't wy by de kachel sieten, begûn se der mei my oer te praten:
‘De earste reis dy't ik letter meitsje is nei Paris en do moatst nei Krakow komme; ik sil dy leare om fan myn lân te hâlden.’ Der kaam in ferûntskuldigjende glim om har antlit. ‘Do silst wol in hiele minne yndruk fan ús ha. Ik seach hoe't Zocha fannemoarn molke fuortsmiet. Ik skamje my foar it hâlden en dragen fan guon fan myn lânslju. Ik moat tajaan dat ik ek net sa wiis wie mei joaden, mar hoe kinst har hjir noch haatsje, lykas dy domme famkes dogge? Hoe kinst noch lilk wêze op minsken dy't sa genedelas ôfslachte wurde? Mei hokker rjocht ferachtsje sy in ras as der noch minsken ûnder ús binne as Zocha, dy't molke fuortsmite? Dat is my ôfgryslik yn 'e wei. Hja is in sûn jong faam, hja yt de hiele dei en wat se oer hat biedt se net iens ien oan dy't minder lokkich is as sy; dat fyn ik skandalich. Dan hast Danka noch, dy't sa bot op 'e simbalen ramt dat wy der dôf fan wurde. Ik seach dúdlik oan har eagen dat se dy earme stumperts mei in protte nocht op 'e tiid nei harren wurk jaget op 'e maat fan 'e muzyk. En fersjoch dy ek net op Irene, se is gemien, húcheleftich en glûperich. Kaja is in wiere boerinne, mar faaks noch wol de minste fan allegear, dy lit har bôle gewoan beskimmelje. En dan is der noch dy ôfgryslike Tchaikowska, dy't har ferskûlet achter har namme. Sy hat se hjir allegear brocht. Se is ûnberekenber, dom hysterysk en fol fan hate. It docht my sear as ik der oan tink dat dat soarte fan froulju myn lânslju binne. Se binne net allegear sa, dat wit ik, mar de measten al.’
‘Faaks falt it hjir mear op, om't it kapos, blockowas, binne.’
‘Ja, mar wêrom hja no krekt?’
‘Lichaamlik binne se nochal sterk, en dat moatst yn dit wurk wol wêze. De SS-ers witte dat en fertelle it troch. Guon fan dy froulju binne hjir al sûnt 1942. As in jong famke yn sa'n omjouwing telâne komt, sil se har automatysk ôfsette. Se leart al gau datst de nazi's te freon hâlde moast ast yn libben bliuwe wolst, en dat dat dy allinne slagget as krekt sa dochst as hja - want dan allinne hawwe se betrouwen yn dy. Dat is de iennichste garânsje om't libben dêr hjir ôf te rêden. Dat jildt foar minsken as Tchaikowska, Founia en Marila. Op'en doer tinke se as nazi's en fiele se har no ek boppen oaren ferheven. De nazi's bestride by de finzenen alle spoaren fan minsklikens en dogge in berop op harren leechste ynstinkten. Se setten finzenen tsjininoar op, meitsje harren ta bisten, fertraapje de swakken, beskermje harren dy't like bisteftich as sysels binne en sa stribje ek sy it doel fan it nasjonaal-sosjalisme nei: it kapot- | |
| |
meitsjen fan de minskelike weardichheid. Mei wat minder befoarrjochte lju út ferearme miljeus, dêr't gjin inkelde foarm fan ûntjouwing bestiet, wurdt de basis lein; do hoechst se dan allinne noch mar fan en ta ôf te bealgjen en te beleanjen om sa ek pleachbisten fan harren te meitsjen.’ ‘Faaks haste gelyk,’ sei Ewa hoeden. ‘Mar dochs sjoch ik se noch as Poalen en ik freegje my ôf wat der mei harren bart as se hjir weigean - se hawwe fansels in bettere kâns om te oerlibjen as de oaren. Sille se harren wer oanpasse kinne? Sille se ea wer libje kinne lykas oaren? Wat sil de mienskip dwaan mei froulju dy't leard hawwe te libjen op 'e liken fan oaren? Krije se noch in man en bern? En wat sil harren plak wêze yn in oar Poalen, in Poalen dat frij is fan it nazi-jok. Faaks is it net alhiel harren skuld. Is it ús fout, de fout fan de befoarrjochte klassen? It is neat gjin noflik gefoel om dy
foar in part ferantwurdlik te fielen foar harren. Foar't ik hjir kaam koe ik dit soarte gefoelens net, ik hie ek nea sa praat. Mar ik hie dan ek sawat neat oer it libben yn in mienskip op oer de wrald. Ik hie allinne weet fan myn eigen miljeu, dat fan de Poalske aristokrasy, in oar soarte getto! Ik bin tritich jier no, ik haw in man en in soan, Mirok, dy't no njoggen is en dy't ik oanbid. Ik bin ien fan de aktrises mei it measte sukses fan Krakow. Myn libben is as dat fan alle famkes dy't út it fermidden komme lykas mines. Us heit wie in greve, en ek ús mem hearde ta de aristokrasy. Ik waard grutbrocht op in kastiel en learde Frâns en muzyk. Ik krige sa't se wol sizze in humane opfieding. Dy opfieding brocht my yn 't ferset - as lid fan 'e aristokrasy koe 'k net oars. Do hiest gjin kar. De fijân foel it lan yn en ik die wat ik tocht dat ik noch foar myn lân dwaan koe. Sa kaam ik hjir. Ik haw der gjin spyt fan. Myn Poalen blette omtrint dea. Ik bin yn 't foarste plak Poalske, dat komt by my foar leauwe of famylje. Ik haatsje de Dútskers en ik haatsje de Russen; se hawwe rebellen fan ús makke!’
Wat wie se dochs moai, Ewa, ús grande dame! As in wyld bist amme se mei triljende noaswjokken de lucht yn en like se te passen yn 'e manmoedige eskapades, dêr't helden blier fan sin harren dea yn 'e mjitte gongen. Dochs wie har hâlding net triomfantlik; mei reade wangen gong se fierder:
‘As ik nachts en deis dy rikjende skoarstiennen sjoch, kin ik wol sizze dat ik perfoarst gjin spyt ha fan wat ik dien ha, ik soe it krekt sa wer dwaan. As soe ik by de wurkploech yndield wurde of yn Blok 25 opsletten wurde om nei de gaskeamers brocht te wurden, ik soe it dochs wer dwaan, om't ik der fan oertsjûge bin dat dizze nachtmerje útrint op de nederlaach foar it nazisme. Dat kin net oars. Wat sil der dan mei myn lân barre? Sil ik dat noch meimeitsje meie? Hoewol't sels dat net wichtich is, want ik ha in soan dy't de befrijing meimeitsje sil; hy sil yn frijheid libje kinne yn myn Poalen!’
|
|