Johan Veenstra/Tineke Steenmeijer-Wielenga
Fragmint út een vlinder van zulver
Oersette yn it Frysk út in noch lytsere taal is op himsels al wat oars as oars, mar wêrom soe men wol út it Frysk yn it Russysk fertale kinne en net fan it Stellingwerfsk yn it Frysk?
Fjremder is it noch as ien him oan in oersetting weaget út in dialekt, dat hja net behearsket yn in taal dy't net har memmetaal is. Dat ik it dochs doch en ek besykje sil it ta in ein te bringen, komt omt ik tink, dat Johan Veenstra as skriuwer in eigen lûd hat, dat net ôfhinklik is fan it brûken fan syn tige eigen taal. It ynlike fan syn wurk sit net allinne fêst oan it Stellingwerfsk, dat yndie wat smûks oer him hat, mar komt fuort út syn wize fan skriuwen. Dat moat oer te bringen wêze yn in oare taal en dêrmei kin syn wurk de rommere fersprieding krije, dy't it fertsjinnet.
Veenstra skriuwt tige detaillearre en troch de fine beskriuwing fan de bûtenkant jout er de binnenkant fan syn ik-figuer bleat. Yn it fragmint, dat hjirby ôfprinte is, is it beskriuwen fan de kat miskien it dúdlikste foarbyld fan wat ik bedoel. Dy kat is hielendal net in moaie kat, mar in trijekleur, in ferskoppeling, mar hy leit op in plak, dêr't er de situaasje treast is en koestert him yn 'e sinne. As it houlik ynseinige is en der definityf wat foarby is foar de ik-figuer leit de kat der net mear en kin dus neat de ik-figuer oantreastigje him ûnôfhinklik fan it barren te meitsjen. Tige subtyl wurde de gefoelens fan de ik-figuer foar syn kollega, de brêgeman, oanjûn troch it brûken fan de kûsnamme Robbie en it sizzen: ‘hy wie earnstich en moai’.
Ik boek tekenet in ik-figuer dy't de dingen yntins belibbet. It moat mei ynmoed skreaun wêze. Dat de yndruk dy't it dêrtroch op in lêzer makket net folle te krijgen hat mei in tige eigen taalgebruk, mar wol alles mei talint wol ik besykje dúdlik te meitsjen yn myn oersetting yn it Frysk. In taal dy't foar myn gefoel hast noch gruttere mooglikheden hat om yntinse gefoelens te beskriuwen en in spesiale sfear wer te jaan.
It neifolgjende fragmint is oerset út it tredde haadstik fan een vlinder van zulver dat yn 1981 útjûn waard troch de Stichting Stellingwarver Schrieversronte te Oosterwoolde.
Dy middei ryd ik stadich werom nei de stêd. Ik doch it kalm oan, ik haw neat te ferstriken. De loft is berûn. It liket krekt as sil der wer reinwetter komme. Under yn 'e hal fan it flat sjoch ik yn myn brievebus. In hiel pak papier. De sneonskrante dy't sa't it liket alle kearen tsjokker wurdt. In pear folderkes, ien oer nije auto's en ien oer foardelige reizen nei Amearika. Ik bin net fan doel in nije auto te keapjen en ik soe echt net witte wat ik yn Amearika moatte soe, dat ik smyt it reklamespul yn 'e grutte