| |
| |
| |
Plato/Broer van der Hoek
Plato's sympoasium, XXVI-XXIX
It ferhaal spilet sa om-en-de-by 400 foar Kristus. Agathon hie in earste priis wûn mei it skriuwen fan in trageedzje. Om dat te fieren waard de oare deis in feest holden. In dei letter waard der in miel holden foar alinne goede freonen. Nei it iten waard it útstel dien om om bar in lofrede te hâlden op Eros.
It wie in selskip fan mannen út it yntellektuele en artistike fermidden fan Athene dy't inoar faak seagen. It wiene goede freonen fan inoar en soms faaks mear as allinne dat. Sokrates (de haadfiguer yn 'e dialogen) hearde ta de wat âlderen (53 jier) dy't yn 'e sfear fan 'e jongerein opnôm is: in sfear wêryn't nêst de earnst ek plak wie foar geklikens en opmerkings dy't earne op doelden.
Plato hat foar de sprekkers oer Eros keazen foar bekende persoanen út Athene. Hy sil der as jonge in soad oer heard hawwe, en dêrom kin er faaks de persoanen sa goed tekenje. Want elkenien sprekt oer de Eros nei syn eigen aard, sûnder dat de persoan in abstraksje wurdt. Hoewol't it tema hieltyd itselde is wit Plato it ferfeelsume te foaren te kommen troch de komposysje, it kiezen fan sokke ferskillende persoanen en om't de útiensettings faak in libbene konversaasje oproppe. De earste fiif sprekkers besjonge de sinlike leafde. Dit sil Plato faaks dien hawwe om sa kompositoarysk út te kommen by it hichtepunt: it geastlike, nije Eros idéaal, útsprutsen troch Sokrates. De fiif sprekkers ferhearlikje net allinne de sinlike leafde - mar kinne ek frijút sprekke oer harren gefoelens yn dit fermidden fan bekenden. Se fersmite dochs allegearre it fulgêre, ûnbûne yn en it misbrûk meitsjen fan de leafde. Sa is der ek by harren al hieltyd plak foar de moraliteit. De lêste sprekker is fan betinken dat Eros goed en moai is. En dêr pakt Sokrates de tried op: de sprekker kin oan dy beskriuwing net fêsthâlde. Sokrates seit dat er syn kennis oangeande Eros krigen hat fan Diotima. Hy bliuwt dan sels op 'e eftergrûn om't er fierder Diotima sprekke lit.
Earst seit sy fan Eros dat it in demon is, in tuskenwêzen, dy't it ferkear tusken goaden en minsken mooglik makket. Eigenskippen binne: rêdsumens en wiisheid. Longerjend nei besit fan de skientme en it goede is hy fol fan de drang nei ûnstjerlikens, dy't er berikke wol troch ferwekking yn it moaie nei lichem en siel. Dan folget it oersette stik.
| |
XXVI
Oer al dizze dingen no learde Diotima my jimmeroan, wannear't sy yn ús petear it oer de leafde hie. En sa frege sy my ris: ‘Wat hâlde jo dan Sokrates, foar de oarsaak fan dizze leafde en dizze langstme? Of hawwe jo net merkbiten, hoe't alle bisten - sawol dy't rinne as fleane - oerémus binne en allegearre yn in sike en fereale tastân, earst om meimekoar te pearjen en dêrnei om harren bern grut te bringen. Se binne ree om foar
| |
| |
harren bern te fjochtsjen; de swakkere sels tsjin de sterkere, en wolle der foar stjerre en sels hongerlije om se grut te bringen en alles foar harren te dwaan. Fan de minske soe faaks sein wurde kinne dat se it út berekkening dogge. Mar wat is dan de oarsaak fan sa'n fereale tastân by de bisten? Witte jo dat?’
En ik sei wer dat ik it net wist. En sy sei:
‘Mar wat tinke jo wol net, saakkundige op it stik fan de leafde te wurden as jo dit net iens trochsjogge?’
‘Mar Diotima, dêrfoar bin ik, sa't ik krekt al sei, no krekt by jo kaam. Om't ik ta besef kaam dat ik in learmaster nedich hie. Lis my dus de oarsaak hjirfan út en fan alle oare dingen op it mêd fan de leafde.’
‘As jo noch ynsjogge dat Eros fan nature begearte is nei dat wat wy hjirfoar al útmakke hawwe (ntl. nei dat wat men net hat, bvdh), sjoch dan net raar op. Want ek yn dit gefal, neffens deselde redenaasje as niis, besiket de stjerlike natuer safolle mooglik ivich en ûnstjerlik te wêzen. En dat kin sa allinne op de folgjende wize: troch hieltyd in jong wêzen efter te litten yn stee fan it âlde. Sa selt men dochs fan elk libjend wêzen dat it ien libben hat en deselde bliuwt. Lykas fan in minske sein wurdt dat er deselde is, fan doe't er in bern wie oan't er in âld man wurden is. Dochs bliuwt alles oan him net itselde. Hieltyd ferjonget er him en ferliest er fan it âlde: syn hier, fleis, bonken, bloed en al wat oan syn lichem is. En dit giet ek op foar it geastlike: oanlis, karakter, mienings, begearte, freugde, smert en eangst; ek dit feroaret by de minske, want it iene ûntstiet, it oare fergiet. Noch folle bjusterbaarliker is dat ek ús wittenskippen (eins stiet der: de ynhâld fan ús witten: tinkynhâlden, bvdh) foar in part fergean en ûntstean, en wy dus ek nea deselde binne wat ús witten oanbelanget.
It giet mei elk fan dy wittenskippen krekt sa. Dat wy prate fan “besinne” lit al sjen dat de kennis wei wurdt. Ferjitte is ommers it ferliezen fan kennis. Besleur makket dan yn stee fan wat wei wurdt, nije kennis en hâldt de foarrie fan kennis yn stân, sadat sy deselde liket te wêzen.
Op sa'n wize no wurdt al it stjerlike yn libben holden. Net trochdat it altyd hielendal itselde bliuwt, lykas it godlike, mar trochdat it ferâlderjende en fuortgeande wat oars as nij yn syn plak lit, lyk oan sa't it sels earst west hat.
Op sa'n wize no, Sokrates, hat it stjerlike diel oan it ûnstjerlike: dit jildt foar it lichem mar ek foar it oare. Op in oare wize kin dit net. Sjoch der dus net raar fan op as alles fan nature syn eigen fuortbringsels heech achtet. Want it is om de ûnstjerlikens dat dizze oandrang en leafde ferbûn is mei alles wat libbet.’
| |
| |
| |
XXVII
Ik dan stie fersteld fan dizze útiensetting en sei:
‘Ja, ja, wize Diotima, is dit no allegearre echt sa?’ En as in wiere ûnderwizer andere se doe: ‘Wês dêr mar wis fan, Sokrates. Sjoch mar ris nei de earsucht fan de minsken. Jo soene fersteld stean fan de sinleazens dêrfan, as jo jo net yn't sin bringe wat ik sein ha, en goed betinke hoe't sy der fol fan binne om namme te meitsjen en harren foar ivich ûnstjerlik rom te winnen. En hoe't sy dêr ree foar binne alle gefaren te trochstean, noch mear as foar harren bern, dêr jild foar út te jaan, dêr foar troch it fjoer te gean en der sels foar stjerre wolle.
(...)
Wa't no lichamelike skeppingsdrang hat, ferfoeget him mear ta de frou en hy is yn dy rjochting fereale; want troch it ferwekken fan bern wint hy nei syn betinken ûnstjerlikens en neitins en lok foar alle tiden yn de takomst. Wa't no skeppingsdrang hat nei de siel -want der binne guon dy't yn har sielen swier binne, mear as nei it lichem om dát te ferwekken en te bernjen dêr't it fan past dat de siele it fuort bringt- en wat is dat dan? Ynsjoch (sûn ferstân) en oare geastlike wearden. Hjirfan binne alle dichters de ferwekkers en alle oare fakminsken, dy't skeppende keunstners hjitte. Mar fierwei it grutste en moaiste ynsjoch is it ynsjoch dat te krijen hat mei de ynrjochting fan de steat en maatskippij en dat selsbetwang en rjochtfeardigens neamd wurdt.
Wannear't no immen fan jongs ôf oan it sied fan dizze dingen yn him hat, lykas in godlik man, en wannear't er, as de tiid der foar kôm is, ferwekke wol en befruchtsje, siket er, liket my sa ta, oeral om him hinne de skientme om krekt dêryn te ferwekken; want nea sil er soks dwaan yn it net-moaie. Yn syn skeppingsdrang lûke de moaie lichems him mear as de ûnsjogge en moetet er ûnder sokken in siel fan skientme, eal en betûft, dan lûkt him de feriening fan beide. Tsjinoer sanien sil er in protte te fertellen hawwe oer deugd en hoe't in goed minske wêze moat, wêr't dy nei stribje moat en hy besiket him op te fieden. Want, sa tinkt my, trochdat er it moaie (it suvere, de skientme) oanrekket en der kontakt mei hat, ferwekt er datjinge dêr't er al lang swier fan wie. Dat litte sy, wylst er hieltyd oan him tinke moat, tegearre waakse.
Sa bliuwt der tusken sokke minsken in hechtere bân en freonskip as tusken bern en âlden, om't sy tegearre mienskiplik moaiere en ûnstjerlikere bern hawwe dan de bern dy't de natuer jout.
Elkenien soe leaver sokke bern hawwe wolle as liiflike as er bewûndering sjocht nei Homerus en Hesiodos en de oare grutte dichters en acht slacht op harren neiteam. Dy jout harren ûnstjerlike rom en neitins omdat dy neiteam sels ûnstjerlik is.
(...)
| |
| |
(Diotima neamt hjir noch folle mear foarbylden fan dichters en oare keunstners, bvdh)
Foar harren binne dan ek in soad hillichdommen oprjochte, en dat om sokke bern, mar om liiflike bern noch nea foar immen.’
| |
XXVIII
‘Oant safier, Sokrates, soene ek jo faaks de geheimen fan Eros benei komme kinne, mar oft dat ek jildt foar de lêste wijingen en iepenbieringen, dêr't al wat ik neamd ha op út komt, is noch mar de f raach. Hoe dan ek, ik sii der fan prate en it sil net oan myn ynset lizze. As it yn jo fermogen leit besykje my dan mar te folgjen.
Wa't de goede wei giet om ta dit doel te slagjen, moat yn syn jonge jierren him rjochtsje op de moaie lichems (fol fan skientme) en foarearst, as syn gids him goed foargiet, ien dêrfan leaf hawwe en dêr gedachten fan skientme yn ferwekke. Mar dêrnei moat er ynsjen dat de skientme fan ien sa'n lichem besibbe is oan de skientme fan in oar lichem en dat, as it him te dwaan is om de skientme fan it uterlik, it hiel koartsichtich is de skientme fan alle lichems net foar ien en deselde te hâlden.
As er no ta dat ynsjoch kaam is, sil er alle moaie lichems leaf hawwe en los komme fan syn hertstoch foar it iene, om't er dat no leech achtsje kin en de beheindens dêrfan ynsjocht. Dêrnei sil er de skientme fan 'e siel heger achtsje as dy fan it lichem. Hy sil dan tefreden wêze mei in freon mei in eal karakter, waans uterlike skientme faaks hielendal net sa grut is. Sa'n ien sil hy leaf hawwe, foar him soargje en gedachten yn him wekker meitsje dy't jonge minsken ta in better minske meitsje. Sa fielt er him dêrnei twongen en krij each foar de skientme yn dieden, yn noarmen en wetten en komt er ta besef dat al dy skientme mei harsels ferbûn is. Ek sjocht er dan yn dat de skientme fan it lichem eat is, dat er leger achtsje moat.
Fan de seedlike plichten moat er laat wurde ta de wittenskippen, sadat er ek dêr de skientme fan ynsjocht. En op sa'n wize, mei it each op alles, wat hy no al oan skientme ken, net mear slaaf is fan de skientme fan mar ien ding -ferknotte oan de skientme fan in jonge of in minske of ien libbensplicht sadat er sadwaande in earmhertich en benypt libben krijtmar wylst er him keart nei de wide see fan skientme, yn oanskôging dêrfan in soad moaie en heech te achtsjen wurden en tinzen fuortbringt. Wurden en tinzen ryk oan bespegeling, oant hy dêr ripe en oanwoeksen, dat iene ynsjoch krijt fan in skientme dy't ik no neame sil. Besykje my dan no mei stúdzje benei te kommen.’
| |
| |
| |
XXIX
‘Wa't no al safier kaam is op it stik fan 'e leafde, oanfierd troch syn liedsman, wylst er sa stadichoan de skientme op juste wize achtet, dy sil no einliks, syn lêste ynwijinge benei, yn de leafde ynienen in wol hiel wûnderbaarlike skientme gewaar wurde. Krekt dat no, Sokrates, wie it doel fan alle muoite hjirfoar. Yn it foarste plak is hja ivich, hja ûntstiet of fergiet net, waakst net en nimt net ôf. Fierder is hja net fanút ien eachpunt moai en fanút in oar eachpunt net, net dan wer moai en dan wer net. En fierder is it ek net sa dat hja skientme is yn ferhâlding ta it iene, mar net yn ferhâlding ta it oare, en ek net sa dat hja hjir moai is mar earne oars net mear.
Fierder ek sil de skientme oan him ferskine, net as in gesicht, of as hannen of wat oars dêr't it lichem diel oan hat, en net as in wurd, of in wittenskip, krekt allike min as yn in bepaalde wêzensfoarm, sa as bygelyks yn in libjend wêzen, of op 'e ierde of yn 'e himel of yn wat oars, mar op harsels mei harsels hieltyd ienfoarmich. Wylst alle oare moaie dingen der diel oan hawwe op in hast net te beskriuwen wize: wylst dy oare dingen ûntstean en fergean, wurdt dit net mear of minder en feroaret hielendal net.
Wannear't no immen, útgeande fan ferskynsels hjirre, troch it stadium fan eale leafde foar jongens hinne, ta de hichte komt en dy skientme dêr begjint te sjen, rekket er ta syn doel. Want dit is de goede wei om ta de dingen fan de leafde te gean of troch in oar dêrta brocht te wurden. Om úteinset mei de moaie ferskiningen hjirre op ierde, mar it each hieltyd op dat iene doel, heger te kommen ta dy iene heerlike skientme dêr. In wei as lâns in trep, fan ien moai lichem nei twa en fan twa nei alle moaie lichems, en fan moaie lichems nei de skientme fan it seedlike en fan dizze plichten nei de skientme fan wittenskippen. Oan't men op't lêst fan dy wittenskippen komt ta dy wittenskip, dy wittenskip is fan neat oars as fan de skientme sels en men trochsjocht wat it wêzen is fan de skientme.
Op dat stuit fan it libben, myn bêste Sokrates, is it libben fan de minske “it libben wurdich”: as er de skientme sels oanskôget. As jo dat ienkear sjoen hawwe, sille jo it net ferlykje kinne mei guod en klean of mei moaie jonges en jongfeinten wêr't it no noch sa by is dat as jo se sjogge, jo josels net mear binne. No binne jo ree - en mei jo safolle oaren - as jo se mar sjen kinne en stoareagje nei harren, it iten en drinken der sels foar op te jaan, en dat om mar hieltiden by harren te wêzen’.
‘Wêr moatte wy dan wol net oan tinke,’ sei se, ‘as it ien oerkomme mocht de skientme sels te sjen, suver, klear, ûnferminge en net ferbûn mei it minskelike fleis en klean en in soad neatsizzende uterlikheden,
| |
| |
mar ynstee dêrfan de godlike skientme sels yn har ienfoarmichheid sjen koe?
Achtsje jo dit in neat-sizzend libben wannear't in minske hieltyd hjir acht op slacht en dit skôget en der ien mei is? Of sjogge jo net yn’, sa frege se, ‘dat it him allinne dan oerkomme sil, wylst er sjocht mei dat each wêr wiere skientme mei sjoen wurde kin, dat er dan wiere deugd fuortbringe sil, om't er rekket oan de wierheid? En dat hy dy't wiere deugd fuortbringt op de haachlikens fan de goaden rekkenje kin, en as der immen yn 'e beneaming komt ûnstjerlik te wêzen dan hy dat wol wêze sil?’
Sokrates slút syn rede ôf mei te sizzen dat Diotima him dit allegearre sein hat en dat hy der yn leaut. Dat er him der op talizze sil en earje Eros. Dizze rede moat dan ek sjoen wurde as in lofsang op Eros of ‘hoe't men har ek mar oars winsket te neamen’.
De wereld van de onderliggende vorm is een ongewoon onderwerp om te bespreken, omdat hij eigenlijk op zich een wijze van benaderen is. Je benadert dingen volgens hun directe verschijningsvorm of je benadert ze volgens hun onderliggende vorm, en wanneer je deze benaderingswijzen probeert te benaderen, krijg je te kampen met wat je een plateauprobleem zou kunnen noemen. Je beschikt over geen ander plateau om ze te benaderen dan de benaderingswijzen zelfs.
(R.M. Pirsig yn Zen en de kunst van het motoronderhoud)
Betinkingen by de tekst fan Plato
Plato leit yn syn dialooch de ferbining tusken de skientme en it goede (en eins ek it wiere). No is it net sasear om de ynhâld dat ik dizze tekst keazen ha (foarsafier ynhâld en ‘foarm’ skieden wurde kinne). It gie my hjir benammen om de wize fan tinken dy't dizze tekst wol hast representearret. Dizze tekst is hiel gaadlik om dy wize fan tinken oan te jaan, dy't tinkt my ien fan twa kanten fan 'e minske is. Dat ik dan krekt dit stikje keazen ha is omdat ik de lêste tiid noch al dwaande bin mei it skientmebegryp.
De wize fan de wrâld benei kommen, tsjin de wrâld oerstean, dy't yn dizze tekst
| |
| |
nei foaren komt soe ik hjirre it fertikale tinken neame wolle. Op sa'n wize de wrâld yn jin opnimme is it gefolch fan it ferlet fan de minske om nei wierheid te sykjen dy't djipper socht wurde moat as wat de sintugen him fertelle. It ferlet fan de minske him in stelsel te foarmjen, in God te tinken. Koartsein: it tinken dat it konkrete ferlit en nei omheech (figuerlik sjoen) giet nei it abstrakte. It liket in ynsjoch op te smiten dat giet oer it wêzen fan de dingen, ynstee fan de tydlike dingen sels. Hjir wurdt faak mei úteinset as de minske op 'e siik giet nei de sin fan it libben, nei in ferklearring dêrfan, in gripen nei in hegere betsjutting.
Hjir kin dan tsjinoer set wurde it hoarizontale tinken. De minske bliuwt stean by de gewoane dingen, by dat wat er gewaar wurdt, belibbet. In sykjen yn 'e dingen, sûnder dat de bespegeling hoecht te lieden nei it ‘hegere’, abstrakte. Der wurdt no stilstien by de rykdom fan de dingen, by in leafhawwend opgean yn 'e dingen. Stelsels wurde ôfbrutsen om't se it sicht op 'e dingen yn 'e wei stean: it leauwen is yn 'e dingen dy't men sjocht en beetpakke kin, en it hegere wurdt fan ôfhelle as in leech begryp. Op syn bêst is dizze wize fan tinken faaks oan te tsjutten mei in pear rigels fan de dichter J.C. van Schagen, dy't it de wiisheid fan in pias neamt:
neat is dat net godlik is
dêrom wol ik neat apart sette
eal en skientme sizze my neat
ik freegje net nei rjocht,
ik bliuw net stean by min en ûnsjoch
goed en deugd litte my kâld.
En as er dan beskreaun hat wêr't de rein allegearre wol net, sûnder útsûndering, sûnder in kar te nimmen, oant op it trotwaar, in sipel en lúsiferke ta (wat Postma letter neame sil yn in gedicht):
(út: J.C. van Schagen, Narrenwijsheid)
Op twa dingen wol ik yn dit ferbân wize. Yn 't foarste plak komt hjir nei foaren wêr't it wichtichste ferskil leit. De hoarizontaie wize ‘jout gjin nammen’ wat sizze wol dielt de wrâld net yn oan de hân fan begripen. Dat docht ommers nea gjin rjocht oan 'e dingen sels. Twad, wylst by Plato de moraliteit om 'e hoeke sjen komt, moat dit by de horizontale wize fan tinken wol ûntbrekke. Om de skientme te ferbinen mei it goede en de leafde moat Plato komme fan de bespegeling oer de dingen ta it abstrakte, dat allinne yn wurden of begripen leit.
| |
| |
Twa siden fan 'e minske, of alteast fan my. Is der net in gearkommen, in syntese?
De langst nei it fetsjen fan it hegere giet yndied sa faak net lyk op mei it ûnderfinen fan de dingen sels. En it leafhawwen fan wa't ik leaf ha en moai fyn freget op dat stuit net om in bespegeling oer wat it betsjut.
Dochs liket it soms dat de twa gearfalle kinne, in gefoel, mar in momint, dat dit net twa kanten fan 'e saak binne, nee dat it itselde is. In tel wêryn't it ûnderfinen, belibjen fan de dingen, it fielen fan leafde, it belibjen fan it moaie itselde is as it ynsjoch dêryn. In momint, faak beskreaun as in ekstaze-momint, wêrnei 't de minske wer spjalte is. Spjalte yn in dwaande wêzen mei wat ik djip yn my fiel, oan't yn myn teannen, en in bespegeling oer it wêzen fan de dingen, in wêzen dat ik pas wer fiel,...
It liket dat dizze twa kanten fan 'e minske sa goed nei foaren komme yn Fryslâns grutste dichter Obe Postma (sjoch my dwaande wêzen op it fertikale ‘plateau’). Hy komt ta it ynsjoch dat der gjin fergean is, dat der neat is dat omdôch west hat, dat sels wat hy fielt syn plak hat yn it ‘Al’ en bestean bliuwe sil. Dit ynsjoch, makke ta in stelsel (hoe kin in ynsjoch oangeande de ûnderlizzende foarm oars ferwurde wurde) jowt him no krekt de rjochtfeardiging foar it leafhawwen fan dat wat er mei syn sintugen o sa goed fielt. Mar it is in rjochtfeardiging fanút it stelsel wei. Want de twivel bliuwt, om't de spjalt bliuwt. It ynsjoch heart mei it ferwurdzjen al wer ta it fertikale tinken. De wurden meitsje de spjalt om't se net gefoel en ynsjoch wêze kinne. Sa moat it dochs wer útrinne op in witten:
It each ferbynt, mar it tinken mear
Of slacht de twivel troch nei de oare kant (Samle fersen, 224):
Mar hwerom soe der gjin frede wêze, as it iene wêzensbegjinsel
opnomt wurdt yn it alomfetsjende lyksoartige?
Haw ik dy frede? Sil ik dy trede hawwe? Haw ik de ierde net to leaf?
In paradox dy't net wel te nimmen skynt. De frede, it ynsjoch giet ommers sa foarby oan wat is, oan it fielen wat leafhawwen is, wat skientme belibjen is. In paradox wêrsûnder de minske ferfalt ta it bouwen fan systemen of it leafhawwen fan wat is, sûnder de moraal.
Plato hie yn syn bespegelingen gjin plak foar de dichter, dy't ommers net socht nei it wêzen fan de dingen. It lit de iensidichheid fan him sjen. De dichter hie allinne in plak as sjenner. Postma moat dit oanfield hawee: dat der twa wizen fan de wrâld benei kommen yn him striden. In byinoar kommen kin besocht wurde, mar liket op 't bêst dochs net mooglik te wêzen.
| |
| |
| |
Dichters binne sjenners?
it moast nou wêze - ik bin sa âld -
Dat ik it wêzen fan 'e dingen iepen lizze koe;
Dat ik út 'e bylden wei - sa as hja dat sizze -
Komd wie ta de djipste krêft.
Mar, o hwat ik fiel is net as de boarstrige skors
En it sêfte moas fan 'e stammen;
Hwat ik rûk is net as de rauwe rook fan it gers;
Hwat ik sjoch is it bûthúsfinsterske
Yn dizze striid liket it bespegeijende beiies jaan te moatten. Hy moat de langst nei ‘de fertikale wize fan tinken’ kend hawwe. Mar de paradox is ek op't ein bleaun (Samle fersen, 161).
Of it antlit fan de jonkheid, dy't wachtet,
Mei de sinnen, dy't alles nimme sille.
Sjoch de rykdom fan de tekst! Bin ik noch dwaande mei in ‘wêrom dizze tekst’? Faaks net. Elkenien docht wat oars mei in tekst. In wrâld ropt in wrâld op. Ik ha besocht oan te jaan wat dy wrâld foar my wie. It petear mei in skriuwer, in oar minske is der mei útein set.
|
|