Charles Baudelaire/Piter Yedema
De mythe fan Daedalus en syn soan Icarus stiet beskreaun yn de Metamorfosen fan de romeinske dichter Ovidius, haadstik 8. Daedalus, de grutte útfiner en technikus, woe Kreta wer ferlitte dêr't er yn tsjinst wie fan Minos. Nei't er foar de kening gâns keunstwurken boud hie, û.o. it labyrint, besleat er om mei syn soan út te piken. ‘As ik troch lân en see ynsletten wurd, dan sil ik troch de loft hinne moatte om te ûntkommen’.
Yn de Koninklijke Musea voor Schone Kunsten te Brussel hinget it skilderij De fal van Icarus fan Pieter Bruegel. De taskôger sjocht in prachtich lânskip mei opgeande sinne, seeynham mei skippen, havens. Op 'e foargrûn in pear bannige figueren, in boer, in harder, in fisker. Elk is yn beslach nommen fan syn eigen besognes op in moaie troch-de-wykse wrâlddei. Yn dy wrâld is Icarus delsûsd. Syn fuotten spartelje noch boppe wetter.
‘Fiskers, harders en boeren seagen even op fan har wurk as dy twa oerfleagen’, stiet by Ovidius. Dat kin by Bruegel net mear lije.
Baudelaire dy't in skoft yn Brussel wenne, sil sûnder mis dit skilderij kend hawwe.
Icarus hie de rie fan syn heit om allinne him te folgjen en net de stjerrebylden, yn 'e wyn slein. Hy begûn heger en heger te fleanen, ‘oanlutsen troch de sensaasje fan it loftrom’. Slachtoffer waard er fan oerhearrigens, wiisbegearte en fan de technyk. De waaks dêr't Daedalus de fearren mei plakt hie, wie op grutte hichte tichteby de sinne begûn te ranen.
Ovidius fermeldt dat it plak dêr't it barren pleats fûn, nei tiid de Ikaryske see neamd waard.
Bibliografy: Charles Baudelaire, Oeuvres Complètes, Brussel 1948, diel 1, side 165
Oarspronklike útjefte: Supplement aux Fleurs du Mal, 1866/1868