Trotwaer. Jaargang 15
(1983)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 237]
| |
doekdit is it earste kûplet
dit is it earste kûplet
dit is it earste kûplet
dit is it earste kûplet
en dit is it refrein
of miskyn in tuskenstikje
of gewoan in oar part fan it fers
dat ik hjir sit te skriuwen
en dit is it twadde kûplet
it koe it lêste wolris wêze
dit is it twadde kûplet
en nei alle gedachten it lêste
en dit is it refrein
of miskyn in tuskenstikje
of gewoan in oare oer-
gong
gjin noed
it let neat
it betsjut allinne
dat ik gjin fidúsje mear ha
yn dit fers
want al wat ik
der mei berik:
dy net
|
|