dy't in knipperke docht yn in smûsterige baljurk. Alle oeren spilet it kariljon fan in tsjerke hjir tichteby in wyske dat ik net ken mar dat sûnder mis it begjin fan ien of oar liet is.
Juster ha wy yn Grou brea-iten. Dat is in doarp oan de râne fan ien fan dy grutte marren dêr't it lân mei trochdolge is, want, wier, Fryslân is in tjems. De wite seilen dy't har ûnder de wyn deljouwe, greiden dy't mei gele blommen besiedde binne, pleatsen dy't sa't it liket ûnder it gewicht fan 'e reidtekken yn 'e grûn weidobbe binne, en loften sûnder ein, dat alles sit beskûle yn de namme Fryslân. Wy makken in reiske mei in Nederlanner op jierren dy't nei't er it ús útlein hie, ús de bestjoering fan de boat opdroech. Wat ús ynearsten mar sa'n hantaast talike dêr't men even slach fan krije moat, hood, sa die bliken, al wat mear yn. Men snie jin de fingers iepen en al ridlik gau wiene ús de hannen gleon en opset. Oer de ûnmjitlike grutte wetterflakten wie oars neat te hearren as it redenrike reauntsjen fan in reid.
20 july. - Yn Harns, oan de Sudersee, in healoere fan Ljouwert ôf. It is in lyts santjinde-ieusk stedsje en it liket wol as hat de tiid der stilstien. Wy útfanhûzje yn in lyts hotel; de grutte seal derfan ha wy tige ús niget oan fanwege it provinsiaal en tradisioneel karakter, de âlde gravueres, en de lege finsters dy't útsjogge op de skûten dy't stadich en stil troch de grêft dy't it midden fan de strjitte beslacht, foarbyskowe. Oan 'e muorre hinget yn in kastje it útein fan in Ingelske myn dy't yn 1920 yn folle see by Harns fûn waard. Boppe in doar is in soarte fan rebus skildere.
In swarte kat strûpt by de kanten lâns en springt op in finsterbank. Nei it miel pypket de baas fan it hotel dy't mei syn freonen om 'e tafel sit, wat nei en sa no en dan wikselje de mannen ûnder inoar swierrichtich wat wurden út.