Ha jim wolris in kat sjoen, at je m út it finster wei in ammerfol wetter oer de beolch smite? Krekt sa sprong hij, doet er myn lûd hearde, oerein, file út en liet my allinne mei Tuda. Doe ha k har sa útheuvele dat in oar op syn minst yn gûlen útbarst wêze soe. Mar ja, mei froulju út Ciociaria leit soks oars. Se harke nei my mei de holle foardel, sonder wat te sezen; doe sloech se de eagen op, dyt noch droech wienen, en sei: ‘Wa nat m jir bestellen? It jild dat k oerhâld fan e boadskippen bring k m allgear werom... ik doch net lykas guon húshâldsters, dyt elk ding dûbeld betelje lit.’
‘Do ongelok... en stelsto gjin boeken?... En hyt dat gjin stellen?’
‘Mar hy hat ommers san soad fan dy boeken.’
‘In soad of in bytsje, do hearst der net oan te kommen... en tink derom... want at k dy wer trappearje, dan giest strielrjucht werom nei hûs.’
Op dat stuit woe se my mei de stive kop gjin glyk jaan en net tajaan, gjin tel, dat se stellen hie. Mar letter, op in dei, dêr komt se de pertierslôzje yn, mei in pakje ûnder e earm: ‘Sju, de boeken fan masten... ik bring se m wer, dan hat er neat mear om oer te kleien.’
Ik sei dat se dêr goed oan dien hie en ik toch bij mysels dat it bij einsluten in bêst fanke wie en dat it allegear Mario syn skuld wie. Ik beselskippe har yn e lift en gie dêrnei mei har yn e hûs, om har te helpen om de boeken wer teplak te setten. Krekt op dat stuit, wylt wij it pak oan t iepenmeitsjen wienen, komt dêr master oan.
Ik sei: ‘Master... jir bin master syn boeken... Tuda hat se werfûn... se hie se oan in kammeraadske útliend om de plaatsjes te besjen.’
‘Goed, goed... we praat der net mear oer.’
Mei de jas noch oan en de hoed noch op e holle foel-d-er oer de boeken gear, kriich der ien fan op, die t iepen en joech doe in gjalp: ‘Mar dit bin myn boeken net.’
‘Hoe kin master dat sa seze?’
‘It wiene boeken oer archéology’, gie-d-er fierder, wylt er koartsich de oarde delen trochblêde, ‘dit binne lykwols fiif boeken oer rjocht, en dan ek noch in grienmankje.’
Ik sei tsjin Tuda: ‘Mei men faaks witte watsto dien hast?’
Diskear lei se der fûl tsjinyn: ‘Fiif boeken hie k derwei krigen... en fiif ha k werombrocht... wat wol jim fan my?... Ik ha der djoer foar betelle... mear as wat se my jûn hienen doet k se ferkocht.’
Master wie sa ferbjustere dat er mij en Tuda mei de muolle iepen oanseach, sonder in wurd te sezen. Sij gie fierder: ‘Sjuch... it bin deselde bannen... en noch moaier... sjuch mar... en t gewicht is ek itselde... se ha se foar my woegen... njoggen pûn en seis oans... likefolle as dinen.’
Diskear begûn master te laatsjen, al wie t kâldlaatsjen: ‘Mar boeken wurd net bij de wicht ferkocht, lykas keallefleis... elk boek is oars as in