Bruinsma, Jelle Kaspersma, Sybe Krol, mar rekkene neffens it totale tal siden is ek hjir navenant it oanpart fan de oersetting lyts. Dat is fansels ek net sa slim, want ik gean der altyd mar fan ût dat de lêzers fan Trotwaer ek allegearre Vrij Nederland en de Haagse Post, de Revisor, Maatstaf, de Gids mei dêryn it Literair Paspoort, de Tweede Ronde, Skoop en Skrien, Toneel Teatraal, ensfh. lêze. Oer alles wat dêr yn stiet hoege wy dus net mear te skriuwen. Of oars sein: de fryske literêre tydskriften ha in beskieden taakopfetting en hja besykje net it lêzen fan oare literêre tydskriften oerstallich te meitsjen, lykas byg. de fryske deiblêden besykje komplete kranten, mei it lannelike en it regionale nijs, te wêzen. Of noch oars sein: fryske literêre tydskriften binne gjin literêre tydskriften yn it frysk, mar tydskriften oangeande de fryske literatuer.
As jo jo besykje te ferdjipjen yn de wrâldliteratuer komme jo al moai gau ta de ûntdekking dat der fierstentefolle belangryks skreaun is om it allegearre lêze te kinnen. In sterk leauwen yn it ivige libben nei dit libben kin hjir helpe, mar biedt - nei myn ûnderfining - de oplossing net. Jo moatte kieze, fansels, en dan komt de fraach: wurdt de fryske literatuer net folslein wei as er set wurdt nêst de wrâldliteratuer, of nêst foar myn part de ingelske, dútske of frânske literatuer? Hat it sin jin der mei dwaande te hâlden? No tink ik net oan antwurden yn de sfear fan de taalstatus: it is foar it Frysk fan belang dat de Bibel en Shakespeare der yn it Frysk binne en ek dat der moderne Fryske boeken útkomme (dy't lang net genôch lêzen wurde). It is aldergeloks sa dat ek de minst krityske Frysklêzer tiid oerhâldt foar oare boeken, mar kin er dy tiid faaks better besteegje?
Ik tink dat it antwurd earder socht wurde moat by de funksje dy't literatuer hat, alteast hawwe kin. As in frysk skriuwer stal jout oan de wrâld om him hinne sa't dy him oankomt (of as hy it mar in gaos fynt, der oarder yn skept), sil it my as Fries bysûnder nij dwaan hoe't er dat docht. Sels binne jo der nammers ek mei dwaande, al dogge jo it net skriuwende, en de fryske wrâld is ek jo wrâld. (‘One world, or no world’, ha ik prins Bernhard ris yn ien fan syn bettere mominten útroppen heard, mar ik tink dat it boppesteande dochs sa stean bliuwe kin). Dat wol net sizze dat fryske boeken ek yn Fryslân spylje moatte. Ek oars kinne der genôch punten wêze dy't my mei de tinkwrâld fan in frysk skriuwer ferbine, en meitsje dat ik him graach lês: in mienskiplike wize fan beneikommen fan guon saken yn it libben, inselde wize fan observearjen fan persoanen, har menier fan praten en dwaan. Altyd bliuwt it fansels sa dat wer oare mienskiplike punten my ferbine mei oare skriuwers, of groepen fan skriuwers, ek wer mei in mienskiplike tinkwrâld. Dwers der tsjinyn kin in frysk skriuwer sa folslein oars fan karakter wêze as iksels, dat dat al it