Oerset wurk
It folgjende nûmer fan Trotwaer sil foar it meastepart wijd wêze oan fryske oersettings fan literêre teksten dy't oarspronklik yn in oare taal publisearre west ha. De kar fan dy teksten litte wy alhiel ôfhingje fan de persoanlike smaak en foarkar fan de oersetters dy't meidogge.
Skriuwers dy't hjir gjin berjocht fan krigen ha en dy't noch wol graach in favorite passaazje út in boek, in ferhaal, in fers of in sjongtekst foar dit bysûndere nûmer oersette wolle, kinne har foar de krekte betingsten oppenearje by de redaksje-skriuwster.
Alle bydragen moatte as it in bytsje kin 15 septimber binnen wêze.
De redaksje