fan in fers foarsjoen. Mear as 100.000 hiene besocht om mei Operaesje Fers in ferbining te krijen.
- De earste poëzijteksten wiene ynkommen, fryske sawol as nederlânske, mar de lêste it meast. Dat moast noch wat wenne. It soe gjin probleem wurde.
Ik siet al gau by de heechste telefoanbaas fan Fryslân, Posthuma.
Der wiene nochal wat klachten, fan trije lju tige slim. It koe sa net trochgean. Wy soene der mei ophâlde of útwreidzje moatte, sei er. Dêr lei ik tsjin yn, dat wy noch mar krekt begûn wiene, it wie in nijtsje. It hege tal oproppen, opjage troch it aloan besykjen om der tusken te kommen, soe it mei in dei of wat wol mei ôfrûn wêze. Jild foar mear oanslutings hiene wy net, mar wy wiene wol drok dwaande om it te krijen. Ik frege in pear wike tiid.
Wat wy fan doel wiene. Wie it gekhyd, in opstiging, of moasten se ús aksje serieus opnimme. Dat lêste fansels. Oft it ús tinken wie!
Wy bleauwen op 'e line.
Linkendewei waard it my dúdlik hoe't de kaarten der yn 'e meartallige direksje en by de sjefs dêr fuort ûnder hinne leine. De telefoan wie der inkeld foar nuttich gebrûk, krige ik alris te hearren. Oaren namen it foar Operaesje Fers op, lykas ien fan de adjunkt-direkteurs, Van Houwelingen.
De deiblêden, foaral de lannelike, giene mar troch mei har publikaasjes oer ús aksje, doe dêr oer hinne ek de wykblêden en oare blêden en bledsjes. It hege tal oproppen hâlde mar oan sadwaande. Wy hiene neat leaver as dat, wurken it mei sa út en troch in nij kommunikee ek noch yn 'e hân.
Om de swierrichheden wat te lichtsjen setten wy der in healminúts bantsje op. De frekwinsje wie doe 80 yn 'e oere, de nachtoeren meirekkene, want ek dan waard der omraken draaid. Hokfoar lju dat wiene, koene wy fansels inkeld mar nei riede. Wy hearden fan in dokter yn 'e Dokkumer Wâlden, dy't syn pasjinten rette nachts as se omkrústen en de sliep net krije koene Operaesje Fers mar ris te draaien.
- Nije kontakten wiene lein mei dichters en dichtersploegen bûten Fryslân, yn Grins, Den Haach en Flaanderen, lju dy't de operaasje wakker stipen.
- Operaesje Fers hie in protte publisiteit krigen, foaral bûten Fryslân, en koe dêr foarearst moai wis ek op rekkenje.
- De idee-ûntjouwing hie net stil stien, nije mooglikheden dagen.
- Mei de sinten stie it der bedroefde min foar. Dat hie fan ús belied de swakke kant west.
- Oan 'e oare betingsten foar in libben en trochgeand poëtysk operearjen yn 'e maatskippij wie foldien, like it wol.