fan Johnny Frank, de souteneur fan Lea Ross (s.7). ‘Yn dy tiid al rûnst, mear út in soarte fan oermoed of miskien byleauwe as út echte foarsoarch, mei in lytse browning yn 'e bûse, dy't se dy letter, noait brûkt, ôfnommen hawwe en dy't sûnder mis in plakje ynnimme sil yn dyn akte fan beskuldiging, as dy -. Hjir moast ik myn skriuwen ôfbrekke, net foar in ferhoar diskear, mar foar de KRANTE’..(s.8). ‘(...) as dy oait ta stân komt. Mar do fieldest dy yntuïtyf feilich, (...)’ (s.11).
Fuort wurdt ek dúdlik makke (yn haadstik 3) dat dizze foarm fan de roman goed past by it karakter fan de haadpersoan: ‘Myn wat skôgerige, sekondaire natoer hat it wjersin yn direkte emoasjes, kart en priuwt op in ôfstân - dat ik mysels mei “do” oansprek is al in oanwizing dêrfan’ (s.18).
In goed foarbyld fan de selsrefleksje is ek te finen op s. 159 (mei ‘ik’ en ‘dyn’ yn ien rigel nêstinoar): ‘Ik stel my dyn gedachte-spinsels fan dy nacht no efterôf fierste folle oardere foar. (...) Tochst: myn God, nim ris oan datst siik wurdst (...)’.
Ek op s. 161 reitsje de beide spoaren inoar: ‘Fieldest it trouwe revolverke yn dyn rjochter broeksbûse, ûnder de bûsdoek bedobbe. It wie noait, en is ek noch noait, teminsten troch my, brûkt’.
(De haadstikken fan de beide spoaren binne net troch sinnen mei dûbelde betsjutting - à la Van der Leest yn syn Hertenfrou en Skoppenboer - meilnoar ferbûn. De oergong fan haadstik 54 nei 55 is tink tafal).
Ik ha niis beweard dat de foarm sa goed past by it karakter fan de haadpersoan dy't eins mear taskôger is as de figuer dêr't alles om draait (s.140): ‘Bist eigentlik in meditative taskôger, dû stiest wol op strjitte dêr't de dingen barre, mar dan op it trottoir, in eintsje fansiden en in bytsje heger’, seit in kampgenoat). It is lykwols mar de fraach oft sa'n haadpersoan - hoe tige oft it karakter my ek oanstiet - no wol sa gaadlik is om in roman op te bouwen. Yn it ynterview yn De Nije seit Wadman sels op de fraach werom't it boek net earder publisearre is (it is al yn 1968/69 skreaun): ‘yn dy tiid hienen se nammentlik de haadpersoanen leaver wat krêftiger wylst it yn dit boek net in krêftich figuer is. It is gjin held’. Ik kin my dit beswier wol yntinke, al is it mines net. Op himsels hoecht sa'n meditative taskôger as haadpersoan noch gjin probleem te wêzen; der binne genôch foarbylden fan it tsjinoerstelde. Mar ek de oare persoanen yn dit boek binne net ta tige útsprutsen karakters mei in grut plak yn it barren útgroeid. Dit jildt foar de figuer fan de heit, Beek sr., dy't al dea is as it boek begjint, mar likegoed foar de politike freonen, de compagnon, de kampgenoaten, de mem of de eks-frou fan Beek jr.
Yn dit ferbân hat ek it typyske brûken fan de twadde persoan neidielen, omt dy sa ticht leit by it (yn it hollânsk wat kolokwiale) brûken fan ‘je’ foar ‘men’. Benammen as it om mear algemiene skôgingen giet kinne je